Herfoarme Pastorij

Herfoarme Pastorij
©: Onbekend

De Herfoarme Pastorie, Tsjerkebuorren 1, boud yn 1861

De pastorij is yn eklektyske styl boud. Dat wol sizze, der binne meardere histoaryske stilen trochinoar hinne brûkt. Dat wie " moade " yn dy tiid. Der is gebrûk makke fan fûneminten fan in midsiuwske foargonger. De foargonger lei wat mear noardwestlik tsjin de grientetún oan. De Pastorie is hielendal omringt mei in grêft. De pastorij, de tún, de brêge en it koetshûs binne oanwiisd as ryksmonumint.

De grutte fan de Pastorie mei de tún deromhinne, de grientetún en de fruithôf, jout ynsjoch yn de oarspronklike histoarje wêrby 't selsfoarsjenning fan de bewenners (en personiel) fan de Pastorie útgongspunt wie. Dêrby waard fansels wurkkrêft út it doarp ynset. Ek de dûmny krige help út de gemeente. De Herfoarme frouljusploech stie oant yn de santiger jierren fan de foarige iuw paraat om de foarjiers skjinmeits te dwaan. En fansels ek as der in nije dominy kaam.

>Ut de oantekeningen fan de Tsjerkefâden fan 1937: ' Yn it earste plak is yngeande ferbettering fan it tagongsbrechje nei de pastorij needsaaklik.>De besteande brêge te ferfangen troch in ienfâldige mar solide brêge. Dit is de hjoeddeistige betonnen brêge wurden.

De ûnderhâldskosten fan de pastorij en tabehearren wiene foar de tsjerklike gemeente in tanimmende lêst. De kosten giene omheech wylst it tal lidmaten fan de tsjerke ôfnaam. Om dy reden besleat it tsjerkebestjoer om de Pastorie te ferkeapjen en in nije lytsere en moderne pastorywenning te bouwen. De Pastorie is oant 2001 bewenne troch de predikanten fan de Herfoarme gemeente en letter ek troch de predikanten fan de tegearre op wei Gemeente.

Yn 2001 is de pastorij ferkocht oan in partikulier, oan de hear Menno Landstra. Hy hat earst de pastorij fan bûten restaurearre. Yntusken is ek de tún hielendal yn âlde gloarje wersteld. Yn 2022 is er begûn mei de restauraasje fan de binnenkant.

Colofon

Boek Easterein

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Onbekend

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s