Bouwurken


Uitgelichte vensters

Stittens Op dit plak is iuwenlang buorke. Yn de boeken komt Dotte " Doania " op Stittens foar as eigenierde boerinne, dat is yn it jier 1453. Se wol har besit oerdrage oan de tsjerke, ûnder it behear fan de tsjerkfâden.
Sa komt dizze pleats yn dizze perioade by it tsjerklik besit.
It besit hie ek in spesjale namme, it Vrijleen, it wie in stúdzjelien.
Yn 1748 slagget it net om in hierboer te finen.
Yn Snits wurdt ûnder tromgeroffel bekend makke dat de pleats te hier is.
Der komt in Sjoerd Heerz foar ien jier op de buorkerij.
De hûzinge is yn minne kondysje, en wurdt dan ferboud.
Letter yn de 19e iuw komme we nammen tsjin dy 't noch altyd bekend binne yn Easterein.
De pleats dy 't der no stiet is boud yn 1911. De âlde pleats stie mear eastlik.


1. Wybe Djurresz troud yn 1734 mei Pyttryk Tijssens.
Yn de earste helte fan de 18e iuw warret de feepest om, en ek de feesteapel fan Wybe Djurresz wurdt troffen. Wybe Djurres kin de hier net mear betelje en de hier wurdt opsein.
Hy komt yn de boeken foar as âlderling, it pear docht belidenis yn 1772.

2. Lolke Martens troud mei Tryntje Andrys.
Se komme yn 1712 fan Dearsum yn Easterein.
It is net dúdlik wannear 't sy krekt op de pleats komme; wol dat se yn 1748 de pleats ferlitte.
Lolke stjert yn 1759.
Om yn it libbensûnderhâld te foarsjen ferkeapet de widdo ûnder oare bôle by in begraffenis, sa stiet beskreaun yn 1766.

3. Sjoerd Heeres troud yn 1749 mei Trijntje Sybrens.
Sy komme yn 1748 op de pleats.
De pleats is ferfallen en wurdt dan ferboud.
Heeres is oansletten by de katolike tsjerke.

4. Unbekend

5. 1809: Durk Douwes Sandstra (* 1778) troud yn 1813 mei Antje Keimpes van Dijk (* 1778 ). Antje stjert yn 1816, se hawwe in bern fan twa jier.
Yn 1818 trout Durk mei Tjaltje Klases Bantsma. ( * 1791 ). Durk Douwes komt te stjerren yn 1826. De widdo buorket fierder, sy ervet it fruchtgebrûk.

6. 1842: Alle Dirks Dijkstra (* 1803) troud yn 1842 mei Geeltje Reinders Kooistra (* 1813) Ek Alle komt te stjerren op 54 jierrige leeftiid. Syn 10 jier jongere widdo krijt it fruchtgebrûk.

7. 1880: Lútzen Schaafsma (* 1853) troud yn 1880 mei Trijntje Jorritsma (* 1858) Sy buorkje dêr oant 1895. Omdat sy har oanslute by de Grifformearde tsjerke, wurdt de pacht opsein troch de tsjerkfâden.
Lútzen sei letter: " De Hervormen hawwe my fan de pleats setten, mar de Hervormen hawwe my ek troch de tiid holpen, as feekeapman!! ". Se krije 10 bern wêrfan 't op jonge leeftiid fjouwer stjerre. Yn 1899 krije se in soan Johan. Hy folget syn heit op as feekeapman.Stittens 

8. 1895: Pieter Ymes van der Valk (* 1863 te Easterein) troud yn 1888 mei Tjitske Rienks Sybrandy (* 1866 te Easterein) As sy harren earste bern krije yn 1888 steane hja beide ynskreaun as slachter. Yn 1895 komme se op de pleats. Se krije 6 bern wêrfan 't de earste Yme jong stjert. De twadde Yme is yn 1895 berne.
En in folgjende soan is Rienk Reinder dy 't yn 1907 berne wurdt.
Nei 't de pleats op de soan oerdroegen is, makke Pieter Ymes as rintenier boer klompen.
As ien fan de earste ynwenners fan Easterein beskikte hy oer in auto. { _ 51974 left 200px_ }

9. 1919: Yme van der Valk (* 1895 yn Easterein) troud 1921 mei Janke Jonkman (* 1899 yn Dolsterhuzen) Hja nimme de pleats oer nei it ferstjerren fan Pieter yn 1921.
Se krije seis bern, Antje (* 1923 ), Piter (* 1925 ), Hendrik (* 1927 ), Tjitze (* 1929 ), Reitze (* 1935) Rienk Reinder (* 1937 ).
De lêste is neamd nei syn omke. Rienk Reinder wurdt fruitteler op in tal perselen tsjin it doarp oan. Yn syn eardere hôf is no de nijbouwyk fan Easterein boud. De strjitnammen referearje oan it appelhôf.

10. Tjitze van der Valk (1929 -2001) troud yn 1955 mei Gerlofke Huitema (1931 -2009 ).
Se krije seis bern, Mellina (* 1957 ), Janke (* 1958 ), Yme (* 1960 ), de twilling Halbe en Pieter (* 1961 ), en Tjitze (* 1963) De Van der Valken wiene stean bekend as feefokkers fan it Fryske fee.

11. Yme van der Valk (1960 - 2008) Yme folget syn heit op.
Hy bliuwt frijfeint.

12. Arjen Abma 2006.
Arjan komt op de pleats te wenjen om syn omke te helpen tidens syn sykte.
Hy is in soan fan Janke van der Valk, troud mei Broer Harmen Abma.
Hy bliuwt hjir buorkjen oant 2017.
Dêrnei wurdt de pleats ferkocht en komt der in ein oan de  melkfeehâlderij. De famylje van der Valk hat hjir 122 jier buorke.

13. Sjouke Strikwerda troud mei Geartsje.. Yn 2018 hat dit jonge stel de pleats kocht.

Brouwerspôle, Heechterp

Foardat de hjoeddeiske Amerikaanske pleats boud is, stiet op dit plak in kop-hals-romppleats, boud om 1832 hinne.
De eigener en brûker is Tiede Pieters Vellinga. Om 1850 hinne buorket Sijbren Brouwer op de pleats. Oan him hat de pleats de namme fan Brouwerspôle te tankjen.
Yn de perioade dy 't folget wurde der wenienheden yn de pleats boud, bewenne troch meardere húshâldingen. Ek de arbeiders fan de boer wurde dêr húsfeste.
Ut oerlevering is ferteld dat der wol 30 bern fan de Brouwerspôle nei skoalle giene yn Easterein.
Yn de perioade foar 1888 komme minsken op de Brouwerspôle byinoar om harren leauwe te beliden. Dit giet om de Gereformearden dy 't har ôfskiede fan 'e Herfoarme tsjerke.
De foargonger is Sj. W. Joustra.


Ek Sijtse Groustra hat op de Brouwerspôle buorke.
Hy wenne earst op it Skrok 1, en ferhuze yn 1920 nei de Brouwerspôle.
Yn dy tiid is der noch gjin elektrysk ljocht.
Op in jûn yn 1927 by it fuorjen fan hea oan de kij, falt de petrolielampe om en it hea fljocht yn 'e brân. De pleats brânt ôf, it wenhûs bliuwt sparre.
Dêr hawwe noch in skoft húshâldingen yn wenne.
Yn 1928 wurdt de pleats werboud sa 't dizze der no stiet. Letter is der yn it foarhûs fan de âlde pleats jongfee stald. Om 1990 hinne is it lêste part ôfbrutsen.

Heechterp de Amerikaanske pleats is der foar yn it plak kaam.
Yn 1928 wurdt der troch arsjitekten G. van der Zee in tekening makke en wurdt de pleats boud. De bouwers binne Bouman en Hogendorp út Easterein. It is in nije boufoarm.
It is in wenning mei dêrachter in skuorre dêr 't it fee stiet.
De kij stean mei de koppen nei elkoar ta mei de foergong yn de midden. ( Hollânske stâl) Boppe de souder fan de skuorre is de opslach fan hea.
Dit hea kin fia in klep nei boppe takele wurde. It is modern en tiidsbesparjend.
Oer dizze Amerikaanske pleatsen is in boek útjown: ' Amerikaanse boerderijen in Fryslan '.
Ek dizze pleats stiet deryn
De namme fan de pleats is troch Groustra Heechterp neamd.
Dizze namme komt fan de Terp Stittens dêr 't er op boud is.
Mei de komst fan Dirk Stout en Johanna de Boer yn 1992 wurdt de pleats ferboud, wêrby 't de bûtenkant hielendal yn takt bleaun is.
Yn de Amerikaanske pleats is yntusken in air bnb situearre.

1. 1832: Tiede Pieters Vellinga (* 1795) troud yn 1817 mei Sytske Klases Rispens.
Se krije 9 bern. Mar der ferstjerre ek twa bern op jonge leeftiid, en ek Tiede wurdt net âld.
Yn 1835 stjert er 40 jier âld. It jongste bern is noch mar in jier âld.
It is net bekend oft de widdo noch troch buorke hat.

2. Sijbren Brouwer, dit moat om 1850 hinne west hawwe.
Op de site Alle friezen is werom te finen dat er boelguod hâlden hat yn 1873.
Famylje fan him, broers en bern binne begûn mei beurtskippen. Fan 1824 ôf is dit werom te finen. Ek trouwe der Brouwers mei de lettere Joustra's.

3. Unbekend

4. Sieds Hoitinga (* 1865 te Ysbrechtum) troud yn 1997 mei Jetske Hornstra (* 1873 yn Easterein) Se krije in tsiental bern. Hy hat boelguod hâlden yn 1925.
Ek stiet er beskreaun yn 1910 as timmerman.


5. 1925: Sijtse Auke Groustra (* 1895 te Easterein) troud yn 1921 mei Trijntje Engelsma (* 1897 yn Warkum ). Yn 1925 wurdt de pleats Skrok 1 ferkocht. Sijtse Groustra ferhuzet nei de Sibadawei 30. Hy hat hjir buorke oant syn soan Haaie de pleats oer naam.


6. 1960: Haaie Groustra (* 1925) troud mei Anna Smits (* 1930) Sy bliuwe hjir wenjen oant 1992. Dêrnei wurdt de pleats ferkocht as wenbuorkerij.
It wie gjin grutte pleats en dêrom wurke Haaie ek as molkophaler foar it fabryk.
Dat gie earst mei de boat.
Letter hellet er de molke op mei de trekker, earst mei in wein letter mei twa weinen.
Op it momint dat de molktank ferplichte wurdt yn 1977 hâldt er op mei melken en ek it opheljen fan de molkbussen is dêrmei ôfsletten.
{ _ 51803 left 200px_ }

7.1992: Dirk Stout (* 1932) troud yn 1985 mei Johanna de Boer; kommend fan Amsterdam. De roots fan Johanna lizze yn de Súdwesthoeke fan Fryslân.

It is bysûnder dat de ferantwurdlikheid foar de brânfeiligens yn Easterein by de tsjerke lei. Yn eardere tiden lei de ferantwurdlikheid meast by de gemeente. Yn 1868 kochten de tsjerkfâden fan Easterein in brânspuit by firma Van der Ploeg yn Ljouwert. Yn de notulen fan de Tsjerkefâden stiet: "welke aan het publiek ten gebruik wordt aanbevolen". 

Ut notulen fan 1889 docht ek bliken dat de brânspuit yn de tsjerke stie: "ondoelmatig en over het kerkhof der graven..." . Derom is dernei in brânspuithokje boud op it efterhiem fan it kafee.

Grutte Brân yn 1902

In brânspuit blykt gjin oerstallige lúkse. Yn 1902 is der in grutte brân yn Easterein wêrby't 4 wenningen ôfbaarnd binne. De brandspuit út 1868 gie by dy brân stikken en waard dêrnei ferfongen mei in slang fan 125 meter hennip slang. Kocht by van der Ploeg, no út Grou. Ut de notulen: "Daar, het al meer dan eens is gebleken dat een beste brandspuit veel kan uitwerken tot blussen van brand, zelfs in dit jaar is dit twee malen gebleken in en bij het dorp". 

Ut de notulen fan de tsjerkfâdgearkomste fan 19 febrewaris 1902: " De brânspuit waard útprebearre en befoel goed, doch de hurde wyn wie wol in behindering om de hichte fan it wetter goed beoardielje te kinnen, nogtans wat it wetter dat derút kaam nei it kolleezjeoardiel foldwaande wie. Wol fermienden de pompiers dat de wurking swierder wie as fan de âlde, wurdt yn'e beneaming brocht. dat de hefboomen langer wiene as fan de âlde dêr't se fan wend wiene en alles nij wie. (Sjoch ek dokumint bij dit finster)

Anekdote Pieter Hoekstra: In pear kear yn'e simmer waard de brânspuit útprebearre op it stik lân noardlik fan de Van Eysingaleane. Dat wie foar ús jonges in feest. De manlju fan de brânwacht goaiden mei sinasappels en wy mochten dy dan pakke, mar wy waarden wol wyt spuite. Wy soargje der wol foar dat wy net al te folle klean oan hiene! 

Yn 1904 wie it wetter yn de feart sa leech en sâlt dat troch de tsjerkfâden besletten waard om noch mar ien kear yn it jier te oefenjen. 

Yn it reglemint stie dat der altyd trije brânmasters wêze moasten. Yn 1881 waarden beneamd: Pieter R. Jongema (1828 -1911), Dirk Sandstra (1848 -1923) en Selius J. Timminga (1849 -1936). Fan 1912 ôf hat Wander Bruinsma (1886 -1958) in lang skoft brânmaster west. De brânmasters hiene de lieding as der brân útbruts. 

De oarloch.

Ut de notulen fan de tsjerkfâden fan 13 augustus 1938 stiet te lêzen: De brânspuit moat yntakt bliuwe. Fersyk fan de loftbeskermingstsjinst hjir, om de helpmiddels foar dy tsjinst bergje te meien yn de toer. 

Yn'e notulen fan 14 novimber 1946: Salang't de brânspuit der noch is, achtsje tsjerkfâden it winskrjocht, zoowel foar it ûnderhâld as de betsjinning in post op'e begrutting út te lûken. 

Nei de oarloch is de ferantwurdlikheid by de gemeente kaam. En is yn 1967 de brânspuit ferkocht oan Y. Schakel fan Eksmoarre en tentoansteld yn it museum doarp, dat ûnderdiel is fan de Aldfaers - erfroute. Wat it hjoeddeiske plak is en yn hokker steat de pomp ferkeard, is ûnbekend.