Tsjerklik libben
De Martini tsjerke stiet yn it sintrum fan Easterein. Dat stiet symbolysk ek foar de rol dy't hja spile hat yn de mienskip. Fanâlds in tsjerklike mienskip, dy't fanút de bining mei it geloof wurke oan in netwurk fan ferieningen en en oare aktiviteiten.
De rykdom fan de tsjerke hat ek meiholpen oan de ûntjowing fan it doarp. Oan it mooglik meitsjen fan wenningbou, oan earmensoarch en oan it ynfestearjen yn de jeugd. Faaks wol mei in behâldende ynstek, mar it kaam der dan dochs.
Yn de skiednis fan Easterein komt de relaasje mei it tsjerklik libben op mannich mêd foar it ljocht.