Lânbou

Bij it ûnstean fan Easterein is lânbou it klopjend hert fan de ekonomy. De measte minsken dy't yn Easterein wennen, fertsjinnen harren brea op de buorkerijen of mei ambachten en beroppen dy't deroan anneks wiene. 

Rûnom Easterein is it meast knipklaai mei in beheinde tyltlaach. Pûrbêst geskikt foar gerslân, en foar de feehâlderij. Nei de twadde wrâldkriich kaam it Marshall plan en waard der ynset op in yngripend nij lânboubelied. De ûntjowing fan de technyk die grutte sprongen foarút en soarge foar in sterke mechanisaasje fan it wurk op de buorkerij. Derneist sette it lanboubelied yn op ruilferkaveling en joech subsydzjes op it ynfestearjen yn moderne bedriuwsgebouen. Foar boeren dy't it bedriuw opjoegen wie der in oantrekkelike sanearingsregeling. Hja koene folop oan de slach yn oare beroppen en fabriken, lykas Philips yn Drachten.

It tal lân - en túnboubedriuwen yn Nederlân is sakke fan 410.000 yn 1950 oant 55 tûzen yn 2016. Yn 1950 behearden de bedriuwen mei-inoar mear as 2,3 miljoen hektare kultuergrûn. Yn 2016 wie dat ôfnommen oant 1,8 miljoen hectare.

It tal bedriuwen naam hurder ôf as de oerflakte kultuergrûn, dus de lânboubedriuwen binne hieltyd grutter wurden. Yn de plantaardige sektoren is de trochsneed teeltopperflakte per bedriuw tanaam fan 5,7 hektare yn 1950 oant 32,4 hektare yn 2016.

In fergelykbere skaalfergrutting hat him foardien yn de feehâlderij. In trochsneed molkfeehâlder hie yn 2016 hast 160 kij, yn 1950 wie dat noch mar 13.

Wiene der yn 2000 noch 44 bedriuwen mei 250 of mear kij, yn 2016 wie dat groeid nei 511 bedriuwen.

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s