Wolkom yn Easterein

Wolkom yn Easterein

Wolkom op it doarpsargyf fan Easterein. Graach nimme we jo mei yn de rike skiednis fan us doarp. Fan fier ferline oan't de dei fan hjoed. Mei tekst en byld fertelle we oer it doarps- en ferieningslibben, oer de ekonomy, de minsken, de strjitten, gebouen en de omkriten. Elke dei bouwe we fierder oan dizze skiednis en sa giet it ferhaal fan Easterein troch nei de generaasje fan moarn.

Hoe wurket it

Kies fanút it haadmenu op jo ynteresse en dûk dan fierder yn it oersjoch. Sa komme jo bij alle finsters dy't wij al makke ha. Hjirûnder stean ek al in pear. Iepenje mar ris ien en scroll mar troch oan't en mei de foto's 

Voor de nederlandstalige versie klikt u rechtsboven op het icoontje met de nederlandse vlag.


Nijs:


Utljochte finsters

Dit jier (2022) is it 25 jier lyn dat der in oantal manlju byinoar kamen om de âldjiersklub op te rjochtsjen. Sij fine it in nuete boel yn Easterein. De tradysje fan " it Slepen " is ôfrûn. It slepen wie fanâlds in tradysje om alles wat los stie mei te nimmen en op oare plakken del te setten. Foaral fan boerehiemen waard ark en reau meinommen. Sa waard ris in boerewein útinoar helle en op in dak fan de skoalle wer yninoar set. De eigener moast mar sjen dat hij er it der wer ôf krige. As boer moast alle materiaal oprêden wurde en dêr wiest âldjiersdei wol mei dwaande.

Dochs yn de lêste jierren waard de animo minder. Kontainers omwikselje en hjir en dêr wat ruten wytkalke of fan leuzen foarsjen, der hold it mei op.  

Dat wie it momint dat in freonegroep de Aldjiersploech oprjochte hat. Sij wiene fan doel om tenei in âldjiersstunt del te setten. Dat wiene: Anne Stenekes, Martin Overal, Hans Kooistra, Jaap van der Velde, Jan Simon Jelsma, Marco Hoekstra en Robert Hoekstra. En foar de goede lêzer, der is ien persoan bij  dy 't al 25 jier meidocht.

Yn de ôfrûne 25 jier binne der moaie stunten úthelle. Net fan eltse stunt binne foto's fûn. Bygelyks net fan de "te keap buordsjes yn de tunen" wermei't it probleem oan de oarder kaam dat der net genôch huzen foar jongerein wiene. De lêste jierren is de parse ek goed helle.

De feriening is hieltyd ferjonge en bestiet no út: Christiaan Rypma, Jan Simon Jelsma, Gerard van Asselt, Martin Faber, Bauke Dijkstra, Ids de Boer, Jehannes Huitema, Pier Faber, Marco Rijpkema en Sjouke Schilstra.

Hjirûnder in tal foto's fan de stunts.