Snypsnaren troch Jan Hiemstra
Dominy De Bruin
Yn 1949 hiene de herfoarmen gjin dominy mear. Ds. Nijenhuis naam yn july fan dat jier ôfskied en der wie noch gjin nijenien beroppen (= beneamd). Nijenhuis wie noch mar sûnt 1946 dominy yn Easterein, mar der wie in probleem. Hy wie fan de nei-oarlochske ‘doorbraak’ en lid fan de PvdA. Dizze politike kar wie tal fan herfoarme en CHU stimmende pommeranten net nei it sin. De ferhâldingen waarden dêrtroch net al te bêst en dat sil der grif ta bydroegen ha dat er fuortgong. Foar i