De kreake út 1554 is it pronkstik fan de Eastereiner tsjerke. Foar de restauraasje wie dy sawol oan de boppe- as de ûnderkant fan de efterside (de koarside) tichtmakke. Der wie in dúdlike skieding tusken de 'foartsjerke' (de koarromte út de tiid doe 't de tsjerke noch RK wie) en de 'tsjerkeseal'. Nei de restauraasje foarmet de kreake wer ien gehiel mei koar en skip fan de tsjerke.
Dizze fotorige hat as doel sjen te litten hoe 't it gehiel der foar- en nei de restauraasje útseach. Yn it ûnderdiel oer de Tsjerke wurdt mear ynhâldlik op de kreake (it doksaal) yngongen.