Herfoarme Pastorij


Herfoarme Pastorij
©: Onbekend

De Herfoarme Pastorie, Tsjerkebuorren 1, boud yn 1861

De pastorij is yn eklektyske styl boud. Dat wol sizze, der binne meardere histoaryske stilen trochinoar hinne brûkt. Dat wie " moade " yn dy tiid. Der is gebrûk makke fan fûneminten fan in midsiuwske foargonger. De foargonger lei wat mear noardwestlik tsjin de grientetún oan. De Pastorie is hielendal omringt mei in grêft. De pastorij, de tún, de brêge en it koetshûs binne oanwiisd as ryksmonumint.

De grutte fan de Pastorie mei de tún deromhinne, de grientetún en de fruithôf, jout ynsjoch yn de oarspronklike histoarje wêrby 't selsfoarsjenning fan de bewenners (en personiel) fan de Pastorie útgongspunt wie. Dêrby waard fansels wurkkrêft út it doarp ynset. Ek de dûmny krige help út de gemeente. De Herfoarme frouljusploech stie oant yn de santiger jierren fan de foarige iuw paraat om de foarjiers skjinmeits te dwaan. En fansels ek as der in nije dominy kaam.

>Ut de oantekeningen fan de Tsjerkefâden fan 1937: ' Yn it earste plak is yngeande ferbettering fan it tagongsbrechje nei de pastorij needsaaklik.>De besteande brêge te ferfangen troch in ienfâldige mar solide brêge. Dit is de hjoeddeistige betonnen brêge wurden.

De ûnderhâldskosten fan de pastorij en tabehearren wiene foar de tsjerklike gemeente in tanimmende lêst. De kosten giene omheech wylst it tal lidmaten fan de tsjerke ôfnaam. Om dy reden besleat it tsjerkebestjoer om de Pastorie te ferkeapjen en in nije lytsere en moderne pastorywenning te bouwen. De Pastorie is oant 2001 bewenne troch de predikanten fan de Herfoarme gemeente en letter ek troch de predikanten fan de tegearre op wei Gemeente.

Yn 2001 is de pastorij ferkocht oan in partikulier, oan de hear Menno Landstra. Hy hat earst de pastorij fan bûten restaurearre. Yntusken is ek de tún hielendal yn âlde gloarje wersteld. Yn 2022 is er begûn mei de restauraasje fan de binnenkant.

Colofon

Boek Easterein

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Onbekend
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s

1920
Rjochts is it koetshûs krekt te sjen.

Disclaimer

1920 Tegearre op it bankje
It hekwurk moat de tún beskermje. It past net sa goed yn it ûntwerp fan Vlaska

Disclaimer

1934 fan de tsjerketoer ôf nommen

Disclaimer

2016 Beammen winterdeis om de pastorij hinne

Disclaimer

2016 De beammen om it tsjerkhôf hinne binne krekt snoeid.
De foto is fan de pastorij ôf nommen. De brêge is ek in monumint.

Disclaimer

Achterkant pastorij rûn 2000
De kelderruten binne hjir moai op de sjen. Mei traaljes dêrfoar om ûnnûge gas

Disclaimer

De Herfoarme pastorij 1903
Op de foto is de moaie houten brêge te bewûnderjen. Dizze kaart is útjûn tro

Disclaimer

De pastorije yn de winter

Disclaimer

De pastorij foar de ferkeap om 2000 hinne
De foto is fan de Stittenserleane ôf nommen.

Disclaimer

De feranda
It is skitterjend om te sjen. De tún, ek in monumint, wurdt wiidweidich yn in o

Disclaimer

De feranda is al yntegrearre yn de tún
De nije feranda is werboud yn originele steat, lykas de eardere feranda dy 't om

Disclaimer

Foto rûn 1995- 2000

Disclaimer

It Koetshús yn 2000
Oan it koetshûs (foaroan op 'e foto) is in skeane oanbou. Dit wie oarspronklik

Disclaimer

Yn it foarjier 2000
De stinzeplanten komme foar it ljocht.

Disclaimer

Ynkleure aansichtkaart
It poststimpel fan dizze kaart is 20 -10-1910. Links kinst de oanboude serre sje

Disclaimer

Keale boel rûn 1863
De tún wurdt noch oanplante, dizze foto sil om 1863 hinne makke wêze. In oanta

Disclaimer

Koetshûs mei brêge 2022
Alles is opknapt ek it monumintale koetshûs. Hjir sjochst it fan foaren. Rjocht

Disclaimer

Koetshûs fan it Tsjerkepaad ôf nommen

Disclaimer

Moestúnfeart
Ut 'e tsjerkfâdij notulen fan 29 novimber 1957: Voorts vraagt hij (een van de k

Disclaimer

Pastorije út de loft
2009 Op dizze foto is te sjen hoe 't de kuierpaden om de pastorij hinne slingerj

Disclaimer

Rûn 1900
Twa froulju foar de pastory. Nei alle gedachten is de linker frou de dominys. En

Disclaimer

Rûn 1910
De moestúnfeart kin men moai sjen!

Disclaimer

Rûn 1915
Rjochts sjochst de ôfskieding mei pealtsjes. Sa wurdt oanjûn dat der net troch

Disclaimer

Rond 1920
De slingerjende paden binne goed te sjen.

Disclaimer

Rûn 1985
Oan de rjochterkant kinne je de huzen op de Stittenserleane sjen.

Disclaimer

Feranda oer de folle breedte
Op dizze aansichtkaart is te sjen dat de feranda oer de folle breedte fan de pas

Disclaimer

Maitiid 2020

Disclaimer

Foarkant links 2000
Der binne túndoarren yn de pastorij dêr 't earder de feranda wie.

Disclaimer