Restauraasje sakristy oktober 1951 - oktober 1953.
Restauraasje sakristy oktober 1951 - oktober 1953.
De natuer krige de sakristy yn besit, gers en blommen groeiden yn de goaten, de muorren rûnen oer en de stoarm fan maart 1949 feroare it yn ruïne.
Der wiene sels stimmen om de boufal ôf te brekken, lokkich barde dat net. Der waard besletten om dit histoaryske gebou te restaurearjen.
Fan de tsjerkfâden:
Op 24 oktober 1951 waard in brief stjoerd oan it ministearje fan O.K.W. oangeande de restauraasje fan de sakristy, dy't doe yn in tige minne steat wie. Tagelyk hat de Ljouwerter boumaster 'A. Baart en Zoon' in begrutting foar de restauraasje opsteld, sa't bliken die út it antwurd fan 8 febrewaris 1952 op niisneamde brief.
Wat der net yn de brief stiet, mar wol bekend is, is dat it wurk oanbestege is.
De tsjerkfâden binne derfan bewust dat it neamde bedrach doedestied bespotlik leech achte waard. It wie hast de helte fan it budzjet fan de boumaster. Neffens ynsiders, dy't der letter oer fertelden, hat it boubedriuw in flater makke troch in part fan de kosten net op te fieren. Nei dizze fynst soe er dêroer de tsjerkfâden oansprutsen hawwe. Foar de tsjerkfâden wie it tige gefoelich om de saak werom te draaien. Foar safier't wy witte is it teminsten net bard. Yn elts gefal is it boubedriuw mei tastimming fan it ministearje úteinset mei it wurk oan de sakristy, mar foarearst hielendal op kosten fan de tsjerkfâden.
Yn de gearkomste fan maaie 1952 (kolleezjes fan tsjerkfâden en notabelen) by punt fjouwer op de aginda kaam ynienen in folslein nije begrutting op tafel. Neffens de tekst wie de earste begrutting allinnich foar ûndersyk, mar de saak wie slimmer as tocht wie: muorren moasten daliks opknapt wurde. Gjin wûnder dat de oanwêzigen dit in nuvere stân fan saken fûnen en dit ek úterje. Wêrom is net alles op ien budzjet set, freegje se. Grommeljend, jouwe se har by de gong fan saken del. En de tsjerkfâden wurdt advisearre om noch stranger te besunigjen.
Wy witte ek hoe heech de totale kosten wurden binne. Dat stiet yn it rapport destiids troch de foarsitter fan de tsjerkfâden foar de Bolswarder courant. Dêrút docht bliken dat se úteinlik op sa'n fl. 50.000,- (€ 22727,28) útkommen binne. Dat is fl 5600,- of mear as 12% boppe it budzjet fan de boumaster. In ienfâldige som leart ús nammentlik dat: fl 18.400,- en fl 26.000,- mei-inoar fl 44.400,- is. Dêrút docht bliken dat de kontraktpriis fan fl. 9640,- folslein ferdwûn is, wat betsjut dat de hiele oanbesteging gjin funksje hân hat.
De foarsitter hat it boubedriuw wolris nei dizze saak frege. Hy seit dat de oanbesteging oer it dak fan de sakristy gie om't dat begrutte wurde koe. De rest net. Komysk op syn minst: de boumaster makket in budzjet, dêr't de tsjerkfâden in part fan nimme dat begrutting kin wurde, dan folget in oanbesteging op útnoeging, de leechste ynskriuwer krijt it wurk, wêrby't de oannimmer úteinlik de haadpriis krijt troch it budzjet te oerskriuwen en sels oer it budzjet van de boumaster giet. It ein bedrach wurdt fl. 50.000,-
De wurksumheden duorje twa jier, mar de investearing is seker de muoite wurch west,
Colofon
Boek geschiedenis martinikerk