Grêven Tsjerke: Sarcofaag
Foarearst rapport ûndersyk te Easterein, gem. Hennaarderadeel.
Hôf Ned. Herfoarme Gemeente (Kaartblêd 1OF 170. 52/567 .82 ).
Sarkofaach út ûngefear 1100 mei lid en skeletresten, yn grêf 1 en 2 fan rigel 35 oan de súdkant fan de Martinitsjerke
Opgraving útfierd troch de Archeologyske Wurkgroep fan it Fries Museum en Fryske Akademy û.l.f. G. Elzinga, provinsjaal archeolooch (B.A.I. en Fries Museum ).
Nei in melding op 20 oktober 1975 oan it Fries Museum dat by it ûndersykjen nei nije grêfromte op dy dei op it boppeneamde plak op in sarkofaach mei lid wie stjitten, dy 't men fierder net útgrave soe.Op 1 novimber o.s. soe it ûndersyk troch de Wurkgroep trochset wurde. It gat waard doe troch Elzinga en koster T. Tjalsma wer tichtmakke. Op de ôfsprutsen datum wie it gat lykwols moarns betiid al wer oan it lid ta útgroeven te wêzen troch de hear Tjalsma omdat der in begraffenis wie wêrtroch 't wy twa oeren net wurkje koene en men bang wie dat der dan net genôch tiid oerbliuwe soe. Dat bliek yndied it gefal te wêzen, sadat wy nei de oanfanklike teloarstelling dat wy sels net safolle grave koene, dochs bliid wiene dat wy dêr net earst in oere oan besteegje moatten hiene. In ploechje begûn mei it fierder útgraven fan de sarkofaach, dy 't oer syn hiele lingte frijwat skeefsakke wie, oant sawat de helte fan syn hichte, wêrnei 't it lid mei wetter skjinbjind waard. In oar ploechje lei de iepen kûle op tekening oan de súdlike tsjerkemuorre fêst, wetterpaste de omjouwing der yn, tekene dêrnei de sarkofaach yn. As wetterpas 0 - punt waard oannommen 2.13 m ûnder de midden fan in fêstlizingspunt fan de Rykstrijehoeksmjitting yn de súdkant fan de grutte steunbear eastlik fan de westlike yngong oan de súdkant fan it skip.
De grutte ûndersyk-kûle lei op 3.79/ 3.80 m út de súdlike skipmuorre, wie 3.08 m lang, yn it westen 1.30 m breed en yn it easten 1.38 m en lei op 0.60 oant 0.55 m - súdlik fan in sirka 0.95 m breed strjitsje fan giele stjientsjes fan 17/18 x 8.5 x 4.0 sm grut. De westwand fan de graafput lei op 6.42 m út de súdwestlike hoeke fan de stipebear mei it N.A.P. punt.
De lingte-as fan de gielreadbûnte sânstiennen sarkofaach lei sa goed as parallel mei de skipmuorre en wol op 4.50 m ir, it easten en 4.40 m yn it westen. De sarkofaach matte bûtenwurks yn de kûle oan de boppekant 2.02 m lingte, yn it easten 0.67 m en yn it westen 0.54 m breedte, de bûtenwurkske djipte wie 0,39 m. Binnenwurks wiene de maten sirka 1.85 m lingte, resp. 0.50 m en 0.37 m breedte en sirka 0,28 m djipte. Hy wie sa skean fuortsakke dat de bopperâne yn it suden sa 'n 0,12 oant 0,15 m djipper lei as yn it noarden. It meast oan 'e ûnderkant tige grof bekakte lid, dat ek oan 'e boppekant frij grof fan oerflak wie mar ek justjes sliten, bedutsen de hiele sarkofaach en wie ek oer de hiele lingte skean fuortsakke, wêrtroch 't er net mear krekt yn 'e midden lei. Oan de ûnderkant wie it lid oan de rânen djipper fuorthakke, wêrtroch 't er mei oerkragende rânen om sa te sizzen yn de kiste paste. Hy wie 2,12 m lang, de breedte rûn útien fan sa. 0,76 m oan it hollenein oant 0,70 m oan it fuottenein. Hy rûn yn 'e midden wat bol op, de dikte fariearjend fan sa. 0,08 m oant 0,12 m. Sawol it haad - as it fuottenein wiene wat ôfrûne, wylst oan it hollenein oan de rjochterhoeke in stik ôfbrutsen wie. Dit stik waard net mear oantroffen.
De sydkanten wiene net rjocht, mar min ofte mear weagjend en hjir en dêr wat ôfskieden. It lid, dat yn ferhâlding ta de kiste folle grover wie en bysûnder swier, moat der mei oarsaak fan west ha dat de kiste ûnder syn ferbliuw yn de grûn yn seis stikken brutsen is. By it skeefsakjen drukte er ntl. de relatyf swakke wanden fan de sarkofaach útinoar. De swiere grûnmassa boppe de kiste (pas letter nei it opheegjen fan it tsjerkhôf ûntstean ), it neitiid der njonken losmeitsjen fan de grûn foar bewekken ensfh. en it pleatsen fan de swiere steunbearen tsjin de tsjerke, feroarsaken súdwarske bewegingen yn de tsjerkhôfgrûn, dy 't de kiste mei ôfhellen en it lid in ekstra drukkrêft útoefenje diene.
De kiste wie oan 'e binnenkant alhiel s.g. " gefrind ", der wiene lykwols gjin bepaalde motiven yn it frijnpatroan, noch s.g. rolstêven yn 'e hoeken fan 'e kiste oanbrocht. Hy heart dus ta de meast ienfâldige typen en wol, neffens de yndieling fan "H. Martin ‘ vroeg-middeleeuwse zandstenen sarcophagen in Friesland ’, Drachten 1957", ta it type II dat yn de alfde iuw datearre wurde kin. It feit dat it lid oan 'e boppekant slytspoaren sjen liet wiist derop, sa 't Martin ek oanjout dat it lid oarspronklik op meanfjildhichte lein hat. No lei er op goed 0,50 m dêrûnder.
Nei 't it lid mei help fan in trijepoatbokje licht wie, bliek it ynlizzende skelet, dat yn in ynspielde slikslaach op de rêch lei, noch foar in grut part yntakt te wêzen. Allinne de skedel, de ribben en it boppeste part fan de rêchbonke leine trochinoar en wiene in ein yn de kiste nei de midden ta skood.
Opmerklik wie dat de skedel, dy 't no op syn rjochter side tsjin de súdlike wand fan de kiste lei, oan de lofterkant hielendal fernield wie. It fermoeden is dat men mei in stôk û.d. troch it gat dat troch it ûntbrekken fan de rjochterboppehoeke fan it deksel ûntstien wie, de skedel en oare skeletdielen fuorttreaun hie en wol op frij rûge wize, wêrtroch 't it bros wurden bien brutsen wie. Dêrnei hiene se blykber in tal oare bonken troch it gat nei binnen stutsen, dy 't no yn de linkerboppehoeke fan de kiste leine. Ek wie der hjir farske grûn ynspield dan wol ynbrocht.
Fan sieraden en oare byjeften ûntbruts elk spoar, mar alIe grûn is meinommen om útspield te wurden om ek lytse skeletdielen ensfh. noch op te spoaren. Ek alle gruttere skeletdielen binne meinaam.
Neidat ien en oar sa goed mooglik yn tekening brocht wie en it gewaterpast, binne de kistbrokken út de kûle lichte en is de ûndergrûn ûnder de kiste noch neisjoen. Dizze grûn wie folle skjinner as de boppelizzende grûn, mar wie dochs sa smoarch dat er kenlik hearde ta de opheegingslagen fan it tsjerkhôf.
Nei alle gedachten hat de kiste dêr fan 'e tiid fan syn yn gebrûk ôf op stien, al koe gjin sadanich profyl waarnommen wurde dat dêromhinne wissichheid te krijen wie.
Fierder wie de kûle bylikerwize dan wol, spitigernôch te lyts om dêryn oant op de grûnslach fan de terp in profyl te stekken. Yn 'e takomst is sa 'n profyl wol winsklik om útslútsel te krijen oer de krekte âlderdom fan it tsjerkhôf. Resurmearjend kin sein wurde dat op it tsjerkhôf fan Easterein oan de súdkant fan de tsjerke "bontzandstenen" sarkofaach fan in ienfâldich type út de twadde helte fan de alfde iuw weromfûn is, foarsjoen fan in grut bewurke read sânstiennen lid.
De kiste befette de ûnûnderbrutsen skeletresten fan it wierskynlik earste (mar wis is dit net!) lichem dat deryn te hôf lein wie, en de resten fan in nei alle gedachten folle letter ynbrocht skelet. Ek is fêststeld dat it kistdeksel oarspronklik gelyk mei it meanfjild lein hawwe moat, tsjûge de derop oantroffen slytspoaren.
Ljouwert, 3 novimber 1975. G. Elzinga, skriuwer fan de Wurkgroep
Colofon
G. Elzinga
skriuwer van de Wurkgroep