Snypsnaren troch Jan Hiemstra
Aldersielen, Alderheljen, Herfoarmingsdei Op tsjerkhôven by roomske tsjerken is it op de 2de novimber faaks in blommesee fan wite krysanten. It is dan Aldersielen, de betinkingsdei fan de sielen fan de ferstoarnen. Dizze dei folget op Alderheljen, de feestdei ta eare fan de hilligen. Dizze feestdagen waarden yn Easterein sûnt 1580 net mear fierd. Wat wol betocht waard wie op 31 oktober Herfoarmingsdei, de betinking fan de Herfoarming yn 1517. Op dy dei, foarôfgeande oan de twa belangrike roomske heechtiidsdagen spikere Maarten Luther syn