https://easterein.argyf.nl/straten

Nieuws:


Uitgelichte vensters:

It is bysûnder dat de ferantwurdlikheid foar de brânfeiligens yn Easterein by de tsjerke lei. Yn eardere tiden lei de ferantwurdlikheid meast by de gemeente. Yn 1868 kochten de tsjerkfâden fan Easterein in brânspuit by firma Van der Ploeg yn Ljouwert. Yn de notulen fan de Tsjerkefâden stiet: "welke aan het publiek ten gebruik wordt aanbevolen". 

Ut notulen fan 1889 docht ek bliken dat de brânspuit yn de tsjerke stie: "ondoelmatig en over het kerkhof der graven..." . Derom is dernei in brânspuithokje boud op it efterhiem fan it kafee.

Grutte Brân yn 1902

In brânspuit blykt gjin oerstallige lúkse. Yn 1902 is der in grutte brân yn Easterein wêrby't 4 wenningen ôfbaarnd binne. De brandspuit út 1868 gie by dy brân stikken en waard dêrnei ferfongen mei in slang fan 125 meter hennip slang. Kocht by van der Ploeg, no út Grou. Ut de notulen: "Daar, het al meer dan eens is gebleken dat een beste brandspuit veel kan uitwerken tot blussen van brand, zelfs in dit jaar is dit twee malen gebleken in en bij het dorp". 

Ut de notulen fan de tsjerkfâdgearkomste fan 19 febrewaris 1902: " De brânspuit waard útprebearre en befoel goed, doch de hurde wyn wie wol in behindering om de hichte fan it wetter goed beoardielje te kinnen, nogtans wat it wetter dat derút kaam nei it kolleezjeoardiel foldwaande wie. Wol fermienden de pompiers dat de wurking swierder wie as fan de âlde, wurdt yn'e beneaming brocht. dat de hefboomen langer wiene as fan de âlde dêr't se fan wend wiene en alles nij wie. (Sjoch ek dokumint bij dit finster)

Anekdote Pieter Hoekstra: In pear kear yn'e simmer waard de brânspuit útprebearre op it stik lân noardlik fan de Van Eysingaleane. Dat wie foar ús jonges in feest. De manlju fan de brânwacht goaiden mei sinasappels en wy mochten dy dan pakke, mar wy waarden wol wyt spuite. Wy soargje der wol foar dat wy net al te folle klean oan hiene! 

Yn 1904 wie it wetter yn de feart sa leech en sâlt dat troch de tsjerkfâden besletten waard om noch mar ien kear yn it jier te oefenjen. 

Yn it reglemint stie dat der altyd trije brânmasters wêze moasten. Yn 1881 waarden beneamd: Pieter R. Jongema (1828 -1911), Dirk Sandstra (1848 -1923) en Selius J. Timminga (1849 -1936). Fan 1912 ôf hat Wander Bruinsma (1886 -1958) in lang skoft brânmaster west. De brânmasters hiene de lieding as der brân útbruts. 

De oarloch.

Ut de notulen fan de tsjerkfâden fan 13 augustus 1938 stiet te lêzen: De brânspuit moat yntakt bliuwe. Fersyk fan de loftbeskermingstsjinst hjir, om de helpmiddels foar dy tsjinst bergje te meien yn de toer. 

Yn'e notulen fan 14 novimber 1946: Salang't de brânspuit der noch is, achtsje tsjerkfâden it winskrjocht, zoowel foar it ûnderhâld as de betsjinning in post op'e begrutting út te lûken. 

Nei de oarloch is de ferantwurdlikheid by de gemeente kaam. En is yn 1967 de brânspuit ferkocht oan Y. Schakel fan Eksmoarre en tentoansteld yn it museum doarp, dat ûnderdiel is fan de Aldfaers - erfroute. Wat it hjoeddeiske plak is en yn hokker steat de pomp ferkeard, is ûnbekend.

In 2020 is de kade van de Griene Leane geheel gerenoveerd, nadat Dorpsbelang Hald Faasje daar al enige jaren bij de Gemeente om had gevraagd. In dit venster is in geschrift en beeld vastgelegd hoe één en ander plaatsvond. 

Utnûging foarljochtingsjûn plan fan oanpak Griene Leane op tongersdei 2 july oansteande om 19.30 oere by Bergsma Easterein 
Oan de buertbewenners fan de Griene Leane, 
De gemeente SWF sil de kade fan de Griene Leane fernije. Mei jim hawwe wy om tafel sitten om te bepraten hokker saken oft dêrby fan belang binne. Fan de gemeente ha we in earste reaksje krigen, en dy ha we ek mei jim dield. Wy hawwe de gemeente frege om foar alle oanwenners in presintaasje en taljochting te jaan oer de foarnommen plannen en de útfieringsoanpak. 

Foarearst stie dat pland foar ein maaie, mar troch corona rint dat fertraging op. Yn oerlis mei de gemeente is de gearkomste no fêststeld op tongersdeitejûn, 2 july. Foar dizze gearkomste wurde ek de oanwenners oan de oare kant fan de Griene Leane útnûge. 

Foarôf oanmelde. 
Graach krije wy in mailberjocht of telefoantsje ast dizze bijekomst bywenje wolst, sadat wy de jûn “ feilich ” organisearje kinne. Per mail: doarpsbelang@easterein.nl of in telefoantsje nei 06 57567605 
Graach rekkenje we op jim komst. 

Bestjoer Hald Faasje. 

Corona maatregels Bergsma: 
Wy moatte tefoaren witte mei hoefolle persoanen oft jimme komme, sadat wy de seal goed yndiele kinne. 

Wy binne ek ferplichte om by elkenien in ‘check-petear’ fan tefoaren ôf te nimmen om te beoardieljen oft elk klachtefrij is. Dy sille wy dan ôfnimme by de sealyngong (linker yngong). Genodigden foar jimme gearkomste kinne dus net gebrûk meitsje fan de (haad-)yngong oan de foarkant. 

Oanmeldingen oant 30 juny: 
1. Jason 
2. en Angella, Us Gebou 
3. Rajsa Frenken 
4. Theo Jeuken 
5 Gaby van Lingen 
6. Frederikus van Lingen 
7. Andries Veenstra 
8. Berend Santema 
9. Broer Harmen Abma 
10. Baukje de Jong 
11. Annemieke Dinkla 
12. Richard Halbesma, Gemeente Sudwest Fryslan
13. Klaas Visser, Gemeente Sudwest Fryslân 

Ferslach gearkomste Griene Leane 02-07-2020 
Oanwêzich: 20 bewenners ynklusyf it Bestjoer fan Hald Faasje

Berend jout útlis oer it trajekt oant no ta. It plan giet troch it jild is der. 

Dhr. Halbertsma SWF hat him ôfmeld en dhr. Klaas Visser SWF jout allinnich de taljochting. 

Dhr. Visser jout in boukundige útlis oer de kade en de sivile konstruksjes. It wurk set ein augustus útein en is foar de krystdagen klear. Der wurdt troch dhr. Visser wiidweidich stil stien by de konstruksje fan alles. 

Folgjende punt is: wat te dwaan mei it strjitbyld? 

Wêr’t de parkearplakken – de wetterkant liket de bêste opsje 
of net – dochs de hiele stripe 
Buorden meie altyd pleatst wurde frachtauto ferbod  
Feiligens fan de fytsers / kuierders 
Lantearnen oan'e kant fan it wetter 
De bestrjitting is bekend. 
Gjin ienrjochtingsferkear 
Dhr. Visser leit út dat der foar de wurksumheden begjinne in 0 mjitting rapport makke wurdt fan alle wenningen ivm eventuele skea. 

Doarpsbelang ûntfangt dat rapport ek. 

Ofspraak wurdt makke dat omwenners sels de parkearplakken ensfh. yntekenje kinne.