Tsiispakhuzen Easterein


Tsiispakhuzen Easterein
©: Onbekend

Der binne op dit stuit noch fiif gebouwen dy 't earder tsiispakhûs wiene. It binne hege huzen mei in grutte souder. Der wie in wenning ûnder it pakhûs. Men kin se weromkenne oan de rûne booch ramen boppe yn de wenningen. 

De tsiispakhuzen tsjinnen as opslach foar de tsizen dy 't de boeren sels makken. Sy brochten de tsizen nei dizze gebouwen en fan dêrút waarden se nei de merk yn Snits Boalsert en Ljouwert brocht. De pakhuzen stiene allegearre oan it wetter, it ferfier gie yn dy tiid fia it wetter.

Mei de opkomst fan de suvelfabryken (Yn Easterein wie dat yn 1897) kaam der in ein oan dit tiidrek.

Colofon

Boek Easterein

© Foto voorblad: Onbekend
Lês mear