https://easterein.argyf.nl/FY/straten


Nieuws:


Uitgelichte vensters:

Yn dit finster stean in oantal foto's fan de tsiispakhuzen dy 't yn Easterein bestiene. It ferskafte wurk oan de doarpsbewenners. De tsizen moasten keard wurde en ek wer ferfierd wurde nei de skipkes dy 't de tsiis nei de merk brochten. Fryske tsiis: wurdt makke mei krûdneils. Troch kenners wurdt sein dat dit krûd deryn dien waard om de skerpe smaak te ferbergjen. Om 1850 hinne is de tsiishannel foar in grut part yn hannen fan trije bruorren Feitsma, Age, Willem en Ruurd. Hjirûnder de adressen fan alle pakhuzen dy 't yn Easterein stien hawwe, mei de earste bewenners. Pieter Hoekstra (*1903) fertelt dat der om 1910 hinne noch 3 tsiishannelers yn Easterein binne. Ruurd Feitsma oan de Wynserdyk 10. En oan de Foarbuorren 19 stie it tsiispakhûs fan Willem Feitsma en op de Foarbuorren 2 it pakhûs fan de Vellinga's.  Hjirûnder de adressen fan alle pakhuzen dy 't yn Easterein stien hawwe. Foarbuorren 2Kaaspakhûs boud yn 1851, yn in gevelstien steane de inisjalen K.G.M. De opdrachtjouwer wie Gerrit Meintes Miedema (1802 -1878) troud mei Antje Klazes Rispens (1803 - 1882) It wie in foarname famylje de Rispens. Harren soan Klaas Gerrits Miedema (* 1837) lei de earste stien. Nei it ferstjerren fan Antje yn 1882, kocht Folkert Tiedes Vellinga (1826 -) troud mei Teetske Jetzes Koopmans it tsiispakhûs. Antsje Klazes Rispens wie syn muoike. Syn mem wie Sytske Klazes Rispens. It bleau dochs yn de famylje. Foarbuorren 19 De wenning is boud rûn1870. De bewenner is Ruurd Jelles Feitsma (1850 -1922) mei syn frou Gerbrig Elgersma (1853 - 1916) Yn 1878 ferhuzen sy nei de Wynserdyk 10. Se lieten dêr in nij tsiispakhûs sette. Syn broer Willem Feitsma (1848 -1916) troud mei Trijntje Eringa (1852 - 1908) komme yn it hûs te wenjen. De famylje Feitsma hat de tsiishannel hast folslein yn hannen. Yn 1930 is it hús ôfbrutsen.  Van Eysingaleane 5Boud yn 1865. De earste bewenners hiene de widdo Beike F. Tibma (* 1814) troud west mei Bauke Piers Bouma (1807 -1861 ).Harren bern Fekke Baukes Bouma (* 1844) en Tietsje Baukes Bouma (* 1845) hawwe de earste stien lein. Op in stien rjochts fan de doar stiet T.B.B 1865 en lofts F.B.B. Efter de wenning rint in feart(sje, der waard fia de tsiisgoate de tsizen fan de souder nei de boat ta gliidzjen. Omleech woe wol. Nei boppen ta waard der sjoud. Van Eysingaleane 7It hûs is boud yn 1874. De bewenners binne: Age Jelles Feitsma (* 1835) mei Antje Jans Wiersma (* 1844) De wenning is as multyfunksjoneel sintrum delset. It krige de namme " De Nieuwe Doelen ". It wie in Herberg. Achter de wenning hat Feitsma in skuorre boud foar stâlhâlderij en syn ferfierbedriuw. En as klap op 'e fjoerpylk, boppe dit barren in tsiispakhûs. Dêr 't se lykas de buorlju de tsiis ferfierden fia it wetter oan de achterkant. It is ek no noch farwetter mei iepen ferbining nei it bûtenwetter.  De Streek 1 De earste bewenners binne Hielke Pieksma (1864 -1952) mei syn frou Eke Siegersma (1869 -1940 ). Sy hiene yn dit pân ek in winkeltsje mei griente en oare saken. Se setten yn 1920 ôf nei Wommels. Dit tsiispakhûs is ôfbrutsen yn 1959. De Streek 20Dit tsiispakhûs is boud yn 1856. De earste bewenners binne Migchiel Thomas Tuinstra (1830 -1899) troud mei Idske Gerrits Miedema. Tuinstra wie kûper fan berop. Ek stiet er yn aktes neamd as boer. Sy ferhuzen yn 1863 nei Wommels en dêrnei komt dokter Lolle de Vries yn de wenning. Miskien wie de konkurrinsje fan de Feitsma's te grut. Wynserdyk 10Foardat dit hûs boud waard, stie der in pleats. Yn 1878 wurdt troch Ruurd Jelles Feitsma (1875 -1947) troud mei Gerbrig Elgersma (1853 -1916) it nije hûs boud. Harren dochter Aagje R. Feitsma (1875 -1947) hat de earste stien lein op 10 july 1878   Ruurd Jelles Feitsma komt fan de Foarbuorren. It giet op dat stuit tige goed mei de tsiishannel. Oars hie er net sa 'n moaie en grutte wenning bouwe litten.

Skiednis fan Easterein Troch Karin Everhardus Easterein bestiet al iuwenheugend lang. Yn 1378 al waard ' to Aestereynde ' yn geskriften neamd. Dat wie de âldst bekende plaknamme fan it doarp yn it Aldfrysk en betsjutte letterlik ' eastlik lizzende útein '. Troch de iuwen hinne folgen ferskate beneamingen inoar op, oant yn 1991 it doarp syn hjoeddeistige en offisjele namme krige. Iuwenlang wie Easterein it grutste en oansjenlikste doarp fan de gritenij dêr 't ta it hearde, Hennaarderadeel. In gritenij wie yn it ferline de namme dy 't yn gebrûk wie foar in plattelânsgemeente. Pas yn de rin fan de 19e iuw waard Easterein yn grutte en wichtichheid oerfleugele troch it doarp Wommels. Beskriuwing út 1788 In beskriuwing út 1788 joech in skildereftich doarpsbyld: In Oosterend, een groot en aanzienlijk dorp, placht een spitse toren te zijn die geheel van steen was. Dêrfan hie de spits in hichte fan '60 fuotten (goed 18 meter ). Mar neidat yn it jier 1672 - op in ' bid ' dei - troch in hurde tongerslach de spits der ôfslein waard, kaam der yn 1685 in houten spits fan '30 fuotten ' (9 meter) heech. De tsjerke waard sjoen as ien fan de fraaiste ûnder de Lântsjerken. De kertieren om Easterein hinne Neist de saneamde Kerkbuurt (it sintrum om de tsjerke hinne) dy 't aardich grut wie, bestie it doarp út fjouwer ' fjouwerendeelen ' of wol kwartieren. De wichtichste wie it ' Meylehuister vierendeel ' wêryn 't fjouwer steaten (in state is in lânhûs of pleats fan oansjen, soms adellik) leine. Dit wiene grut en lyts Meilahûs, Jellema en Sjaarda. Yn it ' Slypster vierendeel ' leine de Slyp, de ' Saunlsester ' huzen en de steaten Bonga en Koyfenne. It ' Wynser fjouwerdiel ' befette it buertsje Wyns mei de steaten Donia, lyts en grut Hoekens, en Rispens. Ta beslút noch it ' Eeskwerder vierendeel ', hjirta hearden de buortsjes en huzen Stittens, Eeskwerd, Syons én de âlde steaten Reduzum en Sibada. Spitigernôch binne al dizze steaten geandewei ferdwûn.... Sibede Ut it doarp wei, foarby de lêstneamde buertsjes en staten, rûn nei it noarden in Opfeart, ek wol Sibada of Sibede neamd, dy 't op de ' Bolswerder ' jaachfeart útkaam. Yn it súdeasten rûn fan Easterein ôf noch in feart, nei de Hydaarder feart en dêrwei nei de Snitser feart op Frjentsjer. Ek rûn fan it doarp ôf in ' Rijdweg ', nei it noarden ta nei Frjentsjer, en súdlik nei Snits en Boalsert. Dêrmei befûn Oosterend him ûnder de ' wolgelegen ' doarpen. Dit doarp wie fan súd nei noard, wol in hiel oere ' rinnen ' lang (!) Historie bliuwt fuortbestean. Mar in pear opfallende en typearjende wurden foar dy tiid binne stean bleaun, fette tusken. oanhalingstekens.