Doarpsfeest

Doarpsfeest
©: Bauke de Boer

De Oranje feriening organisearre sûnt 1950 de doarpsfeesten. De earste foto's fan weinen binne al fan om 1920 hinne. It is al in âlde tradysje.

De doarpsfeesten binne alle jierren in hichtepunt yn it doarpslibben. De mienskiplike foarwille fan it meitsjen fan de fersierde weinen foar de optocht en it fersieren fan de buerten / strjitten drage der ek oan bij. Oan de spultsjes foar de bern en fansels it keatsen, it follyebal en it klaverjassen docht elk mei.

It doarp libbet twa dagen op it feestterrein wert iten en drinken folop te krijen is. Mei it meitsjen en fersieren fan weinen, buerten en strjitten is der in sûne kompetysje ûnderinoar.  It feest soarget foar ferbining yn it doarp.

Op it feestterrein komme je yn petear mei minsken dy 't je oars net faak tsjinkomme. It doarpsfeest is in middel om de koheezje fêst te hâlden yn it doarp. Dat jildt foar jong en âld. 

© Foto voorblad: Bauke de Boer

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s