Nieuws: Uitgelichte vensters:Foto's anneks skoalle Yn dit finster stean allegear foto's dy't op ien of oare wize ferbân hâlde mei skoalle. Lees meerTekst: © Jetske Santema Foto: © Jetske SantemaBewenners van Eysingaleane 2020 Om 2020 hinne is it projekt " Eastereinders by de foardoar " fan fotografe Willy Sijbesma ta útfiering kaam.De bewenners fan Easterein binne by de foardoar fan de wenning op foto set, en dêrnei binne se op strjitnamme publisearre yn de Doarpskrante.Hast alle bewenners binne portrettearre.Foar no en letter nijsgjirrich om der kennis fan te nimmen.Lees meerTekst: © Berend Santema Foto: © Willy SybesmaDoarpsfeest De Oranje feriening organisearre sûnt 1950 de doarpsfeesten. De earste foto's fan weinen binne al fan om 1920 hinne. It is al in âlde tradysje. De doarpsfeesten binne alle jierren in hichtepunt yn it doarpslibben. De mienskiplike foarwille fan it meitsjen fan de fersierde weinen foar de optocht en it fersieren fan de buerten / strjitten drage der ek oan bij. Oan de spultsjes foar de bern en fansels it keatsen, it follyebal en it klaverjassen docht elk mei. It doarp libbet twa dagen op it feestterrein wert iten en drinken folop te krijen is. Mei it meitsjen en fersieren fan weinen, buerten en strjitten is der in sûne kompetysje ûnderinoar. It feest soarget foar ferbining yn it doarp. Op it feestterrein komme je yn petear mei minsken dy 't je oars net faak tsjinkomme. It doarpsfeest is in middel om de koheezje fêst te hâlden yn it doarp. Dat jildt foar jong en âld. Lees meerTekst: © Foto: © Bauke de BoerBewenners Skrok 2020 Om 2020 hinne is it projekt " Eastereinders by de foardoar " fan fotografe Willy Sijbesma ta útfiering kaam.De bewenners fan Easterein binne by de foardoar fan de wenning op foto set, en dêrnei binne se op strjitnamme publisearre yn de Doarpskrante.Hast alle bewenners binne portrettearre.Foar no en letter nijsgjirrich om der kennis fan te nimmen en it tiidsbyld fan klean yn je op te slaan. Lees meerTekst: © Berend Santema Foto: © Willy SybesmaKoaifinne De Koaifinne hat 11 adressen. Der steane 7 frijsteande wenningen en twa dûbele wenningen. It binne allegearre keapwenten. Sboud yn de perioade om 1977 - 1980 hinne. By de foto's stiet neamd wa't wenne hawwe en no wûnen. De Koaifinne foarmet mei it Smidslân in buert. De namme Koaifinne komt fan it perseel lân by de pleats fan C. Agricola. Yntusken is dizze pleats oernaam troch de maatskip Kuiper. De pleats leit oan it binnenpaad fan Easterein nei Reahûs. Op neamd perseel wie eartiids in einekoai. De foto is yn de begjinjierren nei de bou makke. Sije en Gerritje Zwerver, kuierje troch de nijbou.Lees meerTekst: © Jetske Santema Foto: © Bauke de Boer
Foto's anneks skoalle Yn dit finster stean allegear foto's dy't op ien of oare wize ferbân hâlde mei skoalle. Lees meerTekst: © Jetske Santema Foto: © Jetske Santema
Bewenners van Eysingaleane 2020 Om 2020 hinne is it projekt " Eastereinders by de foardoar " fan fotografe Willy Sijbesma ta útfiering kaam.De bewenners fan Easterein binne by de foardoar fan de wenning op foto set, en dêrnei binne se op strjitnamme publisearre yn de Doarpskrante.Hast alle bewenners binne portrettearre.Foar no en letter nijsgjirrich om der kennis fan te nimmen.Lees meerTekst: © Berend Santema Foto: © Willy Sybesma
Doarpsfeest De Oranje feriening organisearre sûnt 1950 de doarpsfeesten. De earste foto's fan weinen binne al fan om 1920 hinne. It is al in âlde tradysje. De doarpsfeesten binne alle jierren in hichtepunt yn it doarpslibben. De mienskiplike foarwille fan it meitsjen fan de fersierde weinen foar de optocht en it fersieren fan de buerten / strjitten drage der ek oan bij. Oan de spultsjes foar de bern en fansels it keatsen, it follyebal en it klaverjassen docht elk mei. It doarp libbet twa dagen op it feestterrein wert iten en drinken folop te krijen is. Mei it meitsjen en fersieren fan weinen, buerten en strjitten is der in sûne kompetysje ûnderinoar. It feest soarget foar ferbining yn it doarp. Op it feestterrein komme je yn petear mei minsken dy 't je oars net faak tsjinkomme. It doarpsfeest is in middel om de koheezje fêst te hâlden yn it doarp. Dat jildt foar jong en âld. Lees meerTekst: © Foto: © Bauke de Boer
Bewenners Skrok 2020 Om 2020 hinne is it projekt " Eastereinders by de foardoar " fan fotografe Willy Sijbesma ta útfiering kaam.De bewenners fan Easterein binne by de foardoar fan de wenning op foto set, en dêrnei binne se op strjitnamme publisearre yn de Doarpskrante.Hast alle bewenners binne portrettearre.Foar no en letter nijsgjirrich om der kennis fan te nimmen en it tiidsbyld fan klean yn je op te slaan. Lees meerTekst: © Berend Santema Foto: © Willy Sybesma
Koaifinne De Koaifinne hat 11 adressen. Der steane 7 frijsteande wenningen en twa dûbele wenningen. It binne allegearre keapwenten. Sboud yn de perioade om 1977 - 1980 hinne. By de foto's stiet neamd wa't wenne hawwe en no wûnen. De Koaifinne foarmet mei it Smidslân in buert. De namme Koaifinne komt fan it perseel lân by de pleats fan C. Agricola. Yntusken is dizze pleats oernaam troch de maatskip Kuiper. De pleats leit oan it binnenpaad fan Easterein nei Reahûs. Op neamd perseel wie eartiids in einekoai. De foto is yn de begjinjierren nei de bou makke. Sije en Gerritje Zwerver, kuierje troch de nijbou.Lees meerTekst: © Jetske Santema Foto: © Bauke de Boer