Tsjerkebuorren

Tsjerkebuorren
©: Jetske Santema

De húzen binne boud rûnom de tsjerke. It is mei fan it âldste stikje beboude grûn yn Easterein. Mei namme de middenstân wie hjir goed fertsjintwurdige.

© Foto voorblad: Jetske Santema

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s


Manufaktueren winkel 1962 Op de foto Haye Bergstra (1912 -1988) mei syn frou Elsje Koen (1913 - 1993) Sy binne yn 1936 hjir kaam. Yn 1976 naam soan Ariën (Arie) Bergstra (1939) mei syn frou Aaltje Ru

Disclaimer

De bedsteden
Links en rjochts in bedstee. Yn 'e midden in kast. Yn it bedsteed sjogge je in ferheging. Eartiids waarden dêr soms ek ierappels bewarre. It wie dêr koel en tsjuster.

Disclaimer

De natuer nimt it oer

Disclaimer

De skoarstien mantel
De kachel is derút helle. It is ôfwurke mei plaatmateriaal. It gat dêr 't de kachelspiip trochgie is te werkennen. Rjochts fan de skoarstienmantel is de buis te sjen wêr 't de elektrisiteitstriedd

Disclaimer

De gong

Disclaimer

De skuorre
It bûthús; hjir stiene earder de kij. Der lizze noch âlde tegels op de flier fan de stâl.

Disclaimer

De wenkeamer
Der is besocht in museum te meitsjen fan it " Komelkershúske ". Op in iepen dei koe it komelkerhûs fan binnen besjoen wurde. Sjoch nei de kleuren; giel wie om 1920 hinne in moderne kleur, yn kombi

Disclaimer

1990; it rekket fierder yn ferfal

Disclaimer

De hokken bij de komelkerij

Disclaimer

Foto fânôf de Stittenserleane nommen.
De efterkant, de skuorre.

Disclaimer

It húske stiet der noch.

Disclaimer

Byld fanôf de kant fan it Tsjerkepaad

Disclaimer

Een foto nommen fanôf de Eastkant

Disclaimer

It hûs dat dertsjinoan stie is ôfbrutsen
Nei de stoarm is de sydgevel opnij delset.

Disclaimer

It âlde hûs stiet noch foar Tsjerkebuorren 5
Op dizze foto stiet de wenning (âlde slachterij) noch op de foto. Om 1964 hinne hat it in skoftke as "kofje bar" yn gebrûk west. Rienk van der Valk hie it kocht. Letter is it ûnbewenber ferklearre

Disclaimer

Wente neist nr 23 en 25 (1945 ûngefear)
Hjir wennen Piter Jetzes Wiersma (1848 -1917) mei syn frou Akke (Sjoerd) Zandstra (1856 -1921 ). Hy wie brêge betsjinner en kloklieder. Nei syn ferstjerren naam syn frou it kloklieden oer en ferkocht

Disclaimer

Tsjerkebuorren 19
Yn 1870 hie Harmen Bosma (1814 -1890) hjir in winkel mei syn frou Martje Brouwer (1824 ). Yn 1881 waard de winkel oernaam troch syn soan Hendrik Bosma (1843 -1899 ). Hy wie troud mei Fritia de Gavere

Disclaimer

Tsjerkebuorren 25
Yn 1870 wennen Pieter Ydes Offringa (1835) troud mei Pietje Huisma (1840) op dit adres. Yn 1886 kamen Bouwe Fokkens (1862 -1890) mei Yttje Sandstra (1863 -1941) der te wenjen. It wiene skuonmakkers. Y

Disclaimer

Tsjerkebuorren 27
No 27 is boud yn 1865. Op it plak dêr 't earder de wenning stie dy 't hearde by de iepenbiere skoalle (efterside ). Master Wichert Arnoldus Baars (1816 -1892) wenne op dit plak. Nei syn pensjonearrin

Disclaimer

Tsjerkebuorren 29 (Us Gebou)
De wenning oan de foarkant fan Us Gebou (Ald Skoalle) is troch meardere kosters bewenne. 1. Geeske J. Sandstra (1862 -1945) widdo fan Bauke P. de Jong (1845 - 1899) 2. Douwe Jabiks Zandstra (1862 -19

Disclaimer

Tsjerkebuorren 31, bakkerij/
Yn 1868 is dizze bakkerij boud yn opdracht fan Hendrik Johannes Althuizius (1832 -1901) De earste stien is lein troch syn soan Johannes (10 jier ). Syn frou wie Antje S. Zandstra (1837 -1918 ). Yn 191

Disclaimer

Tsjerkebuorren 33, Slachterij
De slachterij is boud yn 1904 yn opdracht fan Lolke Bouma (1876 -1958 ). Lolke Bouma begûn as meiwurker by Hessel O. Zijlstra oan de Foarbuorren. Doe 't er in eigen bedriuw begjinne woe hat syn heit

Disclaimer

Tsjerkebuorren 23, winkel
Doetiids de winkel fan Alle Ypma yn 1915. Letter waard it de Vivo winkel fan Tiede en Alie Ypma. Tusken Tsjerkebuorren 23 en nr. 25 hat in hûs stien. It paad tusken nr. 19 en nr. 23 waard fanâlds it

Disclaimer

Tsjerkebuorren 5
Yn dit hûs hat om 1900 hinne wenne Luitzen Schaafsma (1852 - 1924) ôfkomstich fan Boazum. Hij wie troud mei Trijntje W. Jorritsma (1858 - 1906 ). Dêrnei kamen hjir te wenjen Stoffel Stoffelsma (189

Disclaimer

Tsjerkebuorren 17 (B)
Nei alle gedachten wennen hjir Oeds Bokkes Dantuma (1828 -1884) mei Jantje Sandstra (1845 -1917 ). Dizze man wie in grut fioelespiler en fersoarge muzyk op dûnsjûnen yn de omjouwing. Yn 1925 kaam Ge

Disclaimer

Tsjerkebuorren 17 (A)
Nûmer 17 waard yn twaen bewenne. Yn it foarste part wennen om 1890 hinne Jan Hilverda (1826 -1895) en Maaike Bakker (1828 -1913 ). Dêrnei Rinse Arriens Dijkstra (1855 -1935) mei Hielkje Gerrits Kreg

Disclaimer

Tsjerkebuorren 23
Op it plak dêr 't dizze wenning stiet wenne yn 1832 de ' sjirurgijn ', de dokter fan Easterein, H.W. van der Ploeg - Born. Yn dit hûs hawwe dernei Tiede Hettes Ypma (1839 -1913) en Aafke Dijkstra (

Disclaimer

Lâns it Tsjerkepaad

Disclaimer

Kranteberjocht juli 1985
De krêft fan de stoarm wie te grut. It oansjen fan it doarp skeind

Disclaimer

1940, Tsjerkebuorren 25
Yn dit hûs wenne de skilder. Oan de efterkant wie de ferverswinkel der 't je oer it Skilplein yn kamen. It hûs links is noch net ôfbrutsen. Moaie sinneblinen foar de ruten; hiel wat oars as de nijm

Disclaimer

Tsjerkebuorren 23
Rûn 1955 Hjir de foargevel fan de VIVO-winkel yn folle gloarje. Wat ha ik hjir faak foar ús mem hinne moatten om foar ús mem in boadskipke by Tiede en Aly te heljen. It 'boekje' mei der 't it yn op

Disclaimer

Tsjerkebuorren 27-25-23
Rûn 1950 Yn hús nûmer 27 binne al grutte winkelruten mei etalaazjes kommen, nr 25 sjocht er dan al hiel suterich út en sil al gau ôfbrutsen wurde en nr 23 hat in winkelrút mei etalaazje krigen (

Disclaimer

Eastkant fan de tsjerke rûn 1940
Dizze foto begjint links by wat no Tsjerkebuorren 19 is en einiget by Tsjerkebuorren 29 (doedestiids de Ald Skoalle). Nr 19 mei it hûs derneist foarmje noch net ien gehiel, it grutte winkelrút yn de

Disclaimer

Brechje nei It Kleaster rûn 1930
Om oer it tsjerkhôf nei de nûmers 3 en 5 (Kleaster) fan de Tsjerkebuorren te kommen, moasten je oer in brechje. Dit brechje is letter ferfongen troch in daam. It hûs rjochts fan de daam (mooglik de

Disclaimer

Tsjerkebuorren 5, It Kleaster
Dit hûs hat in romrofte skiednis der 't yn in apart finster op yn gean wurde sil. Sa seach It Kleaster der ûngefear yn 1950 noch út: earst twa wenningen ûnder ien kape en dêrnei it bûthús mei d

Disclaimer

Tsjerkebuorren 1, Pastorij
Dizze pastorij is setten yn 1861. Oan de westkant siet oarspronkelik in sêre. De beammen ha al flink hichte sadat dit mooglik in foto út plm 1900 is. Yn in apart finster sil mear oer de partorij fer

Disclaimer

Hekkelje
Hjir wurdt de sleat tusken pastorij en it paad om it tsjerkhôf hekkele. Op de eftergrûn it betonnen brechje dat yn it plak kommen is foar it oarsronkelike houten brechje. Dit brechje skynt bysûnder

Disclaimer

Kerklaan?
Ek by de smid in boerd oan 'e muorre. Oan de foarkant kinne je sjen dat op it boerd 'rijwielen' stiet.

Disclaimer

Tsjerkebuorren
Koster Pieter Reitsma (1930) stiet op de foto mei syn frou Antje Loonstra (1934 ). Sy wiene koster fan de Herfoarme tsjerke fan 1964 - 1970. Op de eftergrûn it úthingboerd fan de VIVO der 't dan Jan

Disclaimer

Tsjerkebuorren 33 - 31
Nûmer 33 wie in slachterij en nûmer 31 wie in bakker. Sa kamen je fan de kant fan de Grieneleane yn de Tsjerkebuorren. Foto mei flapbrêge en lykstalt.

Disclaimer

Tsjerkebuorren (r/l) 27-25-ôfbrutsen-23
Sa sjocht de Tsjerkebuorren der yn de fyftiger jierren út. De houten elektrisiteitspeallen mei op guon plakken in lampe as strjitferljochting, mei noch boppegrûnske elektrisiteit triedden, 'siere' i

Disclaimer

Tsjerkebuorren 27-25-23
Rûn 1930 Dit is yn alle gefallen in foto fan foar de oarloch. Op it twadde hûs fan rjochts sitte op de skoarstiens skoarstienbuorden. Dy sieten der foar de sier mar ek om ynreinen foar te wêzen. It

Disclaimer

Tsjerkebuorren 27
De kâns is grut dat dit de sitewaasje fan deun nei WO II is. (1950) Rjochts de tagong nei it Skilplein.

Disclaimer

It dak hat belies jûn nei in stoarm yn 1985
It sjocht der mâl út, mar de steigers steane al klear om it wer op te knappen

Disclaimer

De komelkerij fan eartiids
Eartiids wiene der meardere komelkerijen yn en om it doarp.

Disclaimer

De foarein
Fanôf it tsjerkhôf is de foarkant fan de komelkerij te besjen. Yn eardere jierren wie der noch in wenning tsjin oan bout. Mar dizze is sloopt nei in lange tiid fan leechstân fanwege ûnbewenberens.

Disclaimer

Palen oerkaping skoalle
De feranda fan de skoalle op it Skilplein hie prachtige bewurke peallen. Bij de ôfbraak fan de skoalle is foarkaam dat se ferdwûn binne. Doarpsbelang hat der foar soarge dat se bewarre binne en úte

Disclaimer

1955, Tsjerkebuorren 23
De VIVO-winkel by jûntiid. Miskien hat dit wol yn de wiken foar Sinterklaas west. Dan hiene de Eastereiner winkellju in feestlike etalaazje en sieten der 'fouten' yn dy 't de minsken opsykje moasten.

Disclaimer

Tsjerkebuorren 5, It Kleaster
De earste went is ôfbrutsen en de romte is by it hiem kommen.

Disclaimer

Tsjerkebuorren 1 Pastorij
Neffens de hjoeddeistige eigner/bewenner, dhr Menno Landstra , is dizze foto makke om 1995 hinne. De fotofraaf hat mei de rech nei de grutte nútebeam stien, want dizze is der net op te sjen. Dizze pr

Disclaimer

1980, Tsjerkebuorren 29
Dit fan oarsrong skoalhûs is op dizze foto wierskynlik al bedriuws- en fergaderromte. Rjochts mei in ôsûch apparaat yn it rút, waard fergadere en siet de damklup. Jierrenlang hat de behearder fan

Disclaimer

Ofbrutsen hûs
Dit is in ympressy fan it yn 1941 ôfbrutsen hûs oan de feart lâns it Tsjerkebuorren 3/5. Dizze tekening is makke troch Evert van Urk op oanwizing fan Jelle Bergsma. De tekening is fan de kant fan i

Disclaimer

Ofbrutsen hûs
Dit is in ympressy fan it yn 1941 ôfbrutsen hûs oan de feart lâns it Tsjerkebuorren 3/5. Dizze tekening is makke troch Evert van Urk op oanwizing fan Jelle Bergsma. De tekening is fan it tsjerkhôf

Disclaimer

Tsjerkebuorren 1925
Op dizze foto mei it sicht op de súdkant fan de tsjerke steane û.o. Sijtse Lucas en Geart Sijtsma stean. Neffens my is de frou rjochts Geart (sprek út Gjet) en de man mei pet op Sijtse (sprek út S

Disclaimer

Tsjerkebuorren (r/l) 27-25-ôfbrutsen-23-21-19-17
Nim dit byld yn jo op. Op al dy oare ferlykbere foto 's hjirfoar of hjirnei is al beskreaun wat der op stiet.

Disclaimer

Tsjerkebuorren (r/l) 33 - 31
In 'plaatsje' út begjin fyftiger jierren. Links de bakkerswinkel, bakkerij en 'iisfabryk' fan Johannes Strikwerda mei de bakfyts der foar en it rûne reklameboerd om Tarwebôle te iten oan de muorre.

Disclaimer