Kleaster/ Komelkerij

 Kleaster/ Komelkerij
©: Bauke de Boer

Dit gebou stiet bekend as "Komelkershus". Mar ek as It Kleaster. 

Yn 1453 wenne op Stittens in geafrou Dotte. (wurdt apart hielendal beskreaun). Sy woe nei har dea dat har hús op Stittens ôfbrutsen waard en opnij opboud waard by de Tsjerke. It moast in wenning wurde foar geastliken. En dat barde ek.

It wie it ûnderkommen fan de Eastereinder geastliken fan foar de reformaasje (1517). De assosjaasje tusken 'geastliken' en muontsen leit foar de hân. Dêrfandinne dat de Eastereinders dit huzenkompleks ' It Kleaster ' neamden. De strjitte yn de nijbou eastlik fan it doarp, dy't presys yn it ferlingde fan dit gebouwenkompleks leit, hat dêrom ek dizze namme krigen.

It is in plakje mei in ryke histoarje. It is bekend dat der al in Slachterij wie rûn 1840. It wie de âldste fan Easterein. Der wienen yn dy tiid net safolle slachterijen. It wie gewoante dat lju (buorlju) mei inoar in bist kochten en slachten. Om it te bewarjen waard dit dan ynsâlte. De âld slachterij en it boerespultsje foarmen lang ferlyn ien gebou. 

It hús wat der no noch stiet (lokkich) wie oant 1990 in lyts boerespultsje. Fanôf 1 juny 1934 kwamen Bauke P. de Jong (* 1909- 1991) en Wijpkje Brandsma (*1910) hjir te wenjen. Se krigen fjouwer bern. Yn 1985 stoarte it diel fan  de eardere slachterij yn. It is doe ôfbrutsen. 

Mar ek de efterein fan it melkfeebedriuw fan de famylje Bauke de Jong hat de stoarm net oerlibbe. De Ljouwerter Krante makke in foto fan de ravage en pleatse der in berjocht bij. It fûn plak op 19 juli 1985. Krekt neidat yn Easterein de doarpsfernijing ôfrûn wie.

Lokkich stiet anno 2022 stiet it "komelkershûs"der wer kreas opknapt bij. 

Colofon

LC. 19 juli 1985

Foto's Bauke de Boer

Foto's jan Hiemstra

Boek Easterein

© Tekst: Berend Santema © Foto voorblad: Bauke de Boer

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s