Kleaster/ Komelkerij
Dit gebou stiet bekend as "Komelkershus". Mar ek as It Kleaster.
Yn 1453 wenne op Stittens in geafrou Dotte. (wurdt apart hielendal beskreaun). Sy woe nei har dea dat har hús op Stittens ôfbrutsen waard en opnij opboud waard by de Tsjerke. It moast in wenning wurde foar geastliken. En dat barde ek.
It wie it ûnderkommen fan de Eastereinder geastliken fan foar de reformaasje (1517). De assosjaasje tusken 'geastliken' en muontsen leit foar de hân. Dêrfandinne dat de Eastereinders dit huzenkompleks ' It Kleaster ' neamden. De strjitte yn de nijbou eastlik fan it doarp, dy't presys yn it ferlingde fan dit gebouwenkompleks leit, hat dêrom ek dizze namme krigen.
It is in plakje mei in ryke histoarje. It is bekend dat der al in Slachterij wie rûn 1840. It wie de âldste fan Easterein. Der wienen yn dy tiid net safolle slachterijen. It wie gewoante dat lju (buorlju) mei inoar in bist kochten en slachten. Om it te bewarjen waard dit dan ynsâlte. De âld slachterij en it boerespultsje foarmen lang ferlyn ien gebou.
It hús wat der no noch stiet (lokkich) wie oant 1990 in lyts boerespultsje. Fanôf 1 juny 1934 kwamen Bauke P. de Jong (* 1909- 1991) en Wijpkje Brandsma (*1910) hjir te wenjen. Se krigen fjouwer bern. Yn 1985 stoarte it diel fan de eardere slachterij yn. It is doe ôfbrutsen.
Mar ek de efterein fan it melkfeebedriuw fan de famylje Bauke de Jong hat de stoarm net oerlibbe. De Ljouwerter Krante makke in foto fan de ravage en pleatse der in berjocht bij. It fûn plak op 19 juli 1985. Krekt neidat yn Easterein de doarpsfernijing ôfrûn wie.
Lokkich stiet anno 2022 stiet it "komelkershûs"der wer kreas opknapt bij.
Colofon
LC. 19 juli 1985
Foto's Bauke de Boer
Foto's jan Hiemstra
Boek Easterein
© Tekst: Berend Santema © Foto voorblad: Bauke de Boer
Op dizze foto stiet de wenning (âlde slachterij) noch op de foto. Om 1964 hinne hat it in skoftke as "kofje bar" yn gebrûk west. Rienk van der Valk hie it kocht. Letter is it ûnbewenber ferklearre
Disclaimer
De krêft fan de stoarm wie te grut. It oansjen fan it doarp skeind
Disclaimer
It sjocht der mâl út, mar de steigers steane al klear om it wer op te knappen
Disclaimer
Disclaimer
Der is besocht in museum te meitsjen fan it " Komelkershúske ". Op in iepen dei koe it komelkerhûs fan binnen besjoen wurde. Sjoch nei de kleuren; giel wie om 1920 hinne in moderne kleur, yn kombi
Disclaimer
It bûthús; hjir stiene earder de kij. Der lizze noch âlde tegels op de flier fan de stâl.
Disclaimer
Disclaimer
De kachel is derút helle. It is ôfwurke mei plaatmateriaal. It gat dêr 't de kachelspiip trochgie is te werkennen. Rjochts fan de skoarstienmantel is de buis te sjen wêr 't de elektrisiteitstriedd
Disclaimer
Links en rjochts in bedstee. Yn 'e midden in kast. Yn it bedsteed sjogge je in ferheging. Eartiids waarden dêr soms ek ierappels bewarre. It wie dêr koel en tsjuster.
Disclaimer
Disclaimer
Nei de stoarm is de sydgevel opnij delset.
Disclaimer
Disclaimer
De efterkant, de skuorre.
Disclaimer
Disclaimer
Disclaimer
Disclaimer
Disclaimer
Eartiids wiene der meardere komelkerijen yn en om it doarp.
Disclaimer
Fanôf it tsjerkhôf is de foarkant fan de komelkerij te besjen. Yn eardere jierren wie der noch in wenning tsjin oan bout. Mar dizze is sloopt nei in lange tiid fan leechstân fanwege ûnbewenberens.
Disclaimer