a Martini tsjerke


a Martini tsjerke
©: André Vink

“Katedraal ûnder de Fryske doarpstsjerken”

De hjoeddeiske Martinikerk fan Easterein (Oosterend) datearret út it ein fan de 14e iuw. Healwei de 10e iuw waard in lytsere tuffoargonger boud en ûntstie it doarp mei de earste hûzen. Al foar de 8e iuw waard dizze lokaasje brûkt foar hannel, justysje en gearkomsten, eat dat sa bliuwe soe oant de 2e helte fan de 19e iuw. De tsjerke is wijd oan Martinus fan Tours.

De toer datearret út it midden fan de 11e iuw en wie bedoeld as ferdigeningsstruktuer: in "stins", tegearre mei de grêft, dy't oarspronklik de tsjerke hielendal omsingele. Yn it nasjonale rampjier 1672 waard de 13 meter hege stiennen spits troch wjerljocht fernield. De muorrestien boppe de toeryngong fertelt it ferhaal, en sûnt 1688 siert in houten ferzje fan 6 meter de toer. Oan de noardkant stiet in sfearfolle sakristy, út it midden fan de 13e iuw, no de âldste fan Fryslân. It Hardorff-oargel is út 1869 en yn goede steat.

Yn de tsjerke stiet in unyk houten doksaal út 1554 yn Renêssânsestyl. De arsjitekt is Cornelis Floris II de Vriendt út Antwerpen en te werkennen oan de fersieringen, allerhanne duvelmaskers en 18 bibelske bylden. Dit doksaal sit fol mei symbolyk en fertelt in eigen ferhaal.

De oarspronklik katolike tsjerke waard nei 31 maart 1580 Nederduits-Gereformeerd. Yn de 2e helte fan de 19e iuw waard de tsjerke Nederlânsk Herfoarme en sûnt 2000 is it in Protestantske Tsjerke Easterein.

De tsjerke is fan april oant oktober alle freedtemiddei te besjen, boppedat op oanfraach. Simmerdeis is it Kerkpad op sneontemiddei iepen.

Colofon

Boek geschiedenis Martinikerk Easterein

© Foto voorblad: André Vink
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s

Oprinnende spitsbôge nissen
De hêge rúten binne yn de gevel te sjen.

Disclaimer
Alde tsjerkeflier
De measte ynterieurs fan dizze earste lytse “ kerkjes ” wiene sober en besti

Disclaimer
Alde Romaanse boge
De muorre lit dúdlik sjen wêr't de ofdak foar de Angelus-klok stie. Deistich b

Disclaimer
Alde stookromte

Disclaimer
Alde stookromte

Disclaimer
Aldste Aldfryske grêftekst
De tsjerke befettet nei alle gedachten de âldste grêfstien mei Aldfryske grêf

Disclaimer
Plattegrûn

Disclaimer
Preekstoel
De preekstoel dy 'út de ôfbrutsen tsjerke fan Hinnaart komt mei as tema 'Leauw

Disclaimer
prysterstien
In lytse reade sânstien hinget oan 'e Noardmuorre ûnder it dok. Neffens DRS H.

Disclaimer
rûndegang Tsjerke
Doarpsfeest (foto 1) Iten en drinken wie eartiids in sosjaal barren. It wie yn d

Disclaimer
Rút
Op dit plak hat in rút sittten.

Disclaimer
It finster op de souder
De houten kapkonstruksje fan de souder is unyk

Disclaimer
Regisstratuer en piipwurk
It register is it wichtichste part fan it oargel, om't dêr it lûd ûntstiet. L

Disclaimer
Restauraasje Konsistory
It is in boufal yn 1953

Disclaimer
Romaanske tsjerkje 11e iuw

Disclaimer
Romaanske tsjerkje 11e iuw

Disclaimer
Konsistory
In moai âld diel fan de tsjerke

Disclaimer
De treppens

Disclaimer
De trep nei de souder

Disclaimer
Tufstien
De opfolger fan dizze “ tsjerke ” is nei alle gedachten al boud yn de 10e ie

Disclaimer
Tufstien

Disclaimer
Uterlik oargel
Lykas earder sein is in oargel yn de lêste 150 jier in pronkstik wurden. Hoe me

Disclaimer
Wetterbak Sacristy

Disclaimer
Wynfoarsjenning
Sadree't de kast stie, koe de oargelbouwer begjinne mei it ynstallearjen fan de

Disclaimer
Súdgevel
Dit sil allegearre wol dúdlik wêze. De preekstoek sit rjochts yn byld.

Disclaimer
“ In hillichdom binnenstebûten keard ”
480 siden ynformaasje oer ien fan de moaiste tsjerken fan Fryslân: de Martinit

Disclaimer

0 | 1 | 2