Oan de Eastereiner tsjerke is yn de rin fan de iuwen hiel wat ferspikere. In pear oanpassingen út it fiere ferline dy 't no noch sichtber binne, binne de oanpassingen fan de spit dan de toer dy 't nei in wjerljocht ynslach yn 1672 ferneatige is en yn 1688 syn hjoeddeiske foarm krigen hat en yn 1862 it ommitseljen mei lytse giele stientsjes fan it grutste part fan toer en tsjerke. Yn it begjin fan de tachtiger jierren yn de 20e iuw ha tsjerke en toer de lêste grutte opknapbeurt hân en yn dit finster binne dan ek tal fan foto's opnommen dy 't in part fan de wurksumheden tidens de restauraasje toane.Tidens sa 'n restauraasje falt op wat der yn de rin fan hûnderten jierren feroare is oan it bouwurk. Ien fan de grutte problemen der 't in restaurateur foar komt te stean is de fraach nei hokker situaasje moatte je by in restauraasje weromgean, of moatte de eardere restauraasjes ek noch foar in part sichtber bliuwe. As dat lêste it gefal is dan sjogge je dat in tsjerke in dynamysk bouwurk is.
Yn dit finster binne tal fan foto's opnommen dy 't in part fan de wurksumheden tidens de restauraasje toane.Tidens sa 'n restauraasje falt op wat der yn de rin fan hûnderten jierren feroare is oan it bouwurk. Tidens it toanen fan de finsters kom ik hjir op werom.