https://easterein.argyf.nl/FYhttps:/www.easterein.argyf.nl/lemma/de-zuivelfabriek-51309


Nieuws:


Uitgelichte vensters:

Ut it libben fan dr. Hofstee (Sjoch ek it filmke dat bij dit finster heart) Pieter Eltjo Hofstee (1905 -1961) troud mei Anke Cornelia Bolt (1912 -2006) kaam yn maart 1935 as opfolger fan dr. Christiaan Bernardus Wilhelmus Verweyde nei Easterein. It earste bern dat er op'e wrâld holp is Jan van Eijck (* 1935) út Itens. Hy krige in sparbankboekje mei fl. 10 gûne. Yn novimber 1935 waard Hofstee beneamd ta gemeente genêshear tegearre mei CH. B.W. Steenvoorden. Se wiene gersprekspartner foar de wethâlder dy't oer de folkssûnenssoarch gyng, en krigen hjirfoar in bydrage út de gemeentekas. It wie gjin fetpot yn dizze perioade. Hofstee hie konkurrinsje fan de dokters út Wommels. Dêr sieten Nammesma en Stoffelsma. Dat sil ek krap west hawwe. Dus Stoffelsma dy't ek in "earmepraktyk" hat, hâldt sitting yn Easterein. Op de Wynserdyk yn it hús fan de famylje Rienstra. Dat is Wynserdyk 11. It eardere tsiispakhûs.  Dokter Hofstee is in moderne dokter. Hy rjochte it konsultaasje buro op. It foel ûnder it griene krús. Earst yn de bewarskoalle op it Skilplein. Letter oan de fan Eysingleane by him thús. Dat is te sjen op de Schnitzelbank.  Der hat in grut ôfskiedsfeest west fan it doktersechtpear, want de minsken wiene tige wiis mei harren. Der is in schnitzelbank en in wandboerd fan Makkumer ierdewurk oanbean troch alle doarpen dêr't Hofstee wurksum wie. Boargemaster J. van Hout wie oanwêzich en de lieding wie dy jûn yn hannen fan H. Bootsma. Hofstee waard skoaldokter yn Zuidhorn. Se binne sûnder bern bleaun en de Schnitzelbank en it boerd binne fia in nicht fan frou Bolt yn besit kaam fan Doarpsbelang Easterein. Wat is in Schnitzelbank In Snitzelbank kin je omskriuwe as in film op in lange rôle behangpapier. Dizze waarden om 1945 hinne in soad makke foar trouwerijen en yn dit gefal ek foar it ôfskied fan Hofstee. De tekener fan dizze Snitzelbank is Migchiel Hiemstra berne op 14 -7-1891 yn Wommels en stoarn 28 -5-1975. Syn frou Marijke (Maria) Dantuma (1888 - 1953) komt út Easterein. Hiemstra is hússkilder fan berop. Hy wie in learmaster foar in soad minsken. Dêrneist koe er moai skilderje en houtsnijen. Hy makke faker Snitzelbanken yn opdracht.

De hokken van Joustra.Sa wurde se yn Easterein ek neamd. By it útsykjen fan de skiednis fan de hokken docht bliken dat de namme net de hiele lading dekt. De hokken tsjinnen as tydlike opslach fan brânstoffen en guod. En dus foar wurkgelegenheid. It is bysûnder dat de hokken der noch hieltyd stean. Fan twa kanten berikber oer it wetter. Handich yn de tiid dat in soad transport oer it wetter gie. De feart oan de strjitkant is om 1930 hinne tichtsmiten. Húsnûmer 2It earste turfhok wurdt boud yn 1903 troch Wiebren Sjirks Joustra (1843 - 1927). It is it hok rjochts op de foto. Dus fan it Skilplein ôf it earste hok. Joustra ferkeapet it hok oan C. Spoelstra (1856 -1918). Om 1917 hinne keapet Gerrit Joustra (1879 -1942) it hok. Soan Ype G. Joustra (1917 - 2002) fertelt: " Doe't ús heit it oernaam. wiene der noch in pear sliden mei de nammen fan de opskildere fan 'W. Joustra'en' K. Spoelstra '. Ype Joustra nimt it oer fan syn heit. Hûsnûmer 4, it twadde hok wurdt ek boud yn 1903 troch Folkert C. Joustra (* 1877). Hy moat in fersyk yntsjinje by de tsjerkfâdij om op de grûn fan de tsjerke in hok bouwe te meien. Dat fersyk wurdt ynwillige. It hok wurdt letter ferkocht oan turfskipper Gerrit Pieksma (1867 - 1950). Hy wenne op de Grieneleane en syn skip lei meastens yn de Leane. Sa waard de feart ek neamd dy't lâns de Grieneleane rûn. Dat hok is op in stuit kocht troch Johan Mulder en no (2024) yn besit fan Ype Joustra (1952).   De ûndergrûn is eigendom fan de tsjerke. Der moat hier betelle wurde. Sa stiet yn de notulen fan de tsjerkfâden fan 3 septimber 1903 te lêzen. It is fl. 0,03 sint de m 2. It is in prachtich plak mei oan twa kanten wetter. De haadyngong fan it hok (letter hokken) is oan de wetterkant fan de Eastereinder feart. No is dat de achterkant.   Hûsnûmer 6. It tredde hok is net as turfhok brûkt. Yn 1905 komt it fersyk by de tsjerkfâdij binnen foar it bouwen fan it hok. Yn de notulen stiet it sa beskreaun:'een plekje grond tot bebouwing eener timmerschuur tussen de houten bergplaatsen van Folkert Jouwstra en Douwe S. Sandstra. It hok hat fakken foar opslach fan grint en sân foar timmerman Willem Leeman (1879 -1949). Willem wennet op'e Skippersbuorren. Flak foar de twadde wrâldoarloch kocht Sijtse Lucas Sijtsma (1886 -1959) it tredde hok. Sijtse Lucas hannele yn twaddehâns guod dat er hjir opsloech. Boppe de doar stie te lêzen: S.L. Sijtsma. Hanneler yn twaddehânsguod. Foar 1974 is it pân wer yn eigendom by de famylje Leeman. Blijkens akte wurdt Jan Kamstra (* 1935) yn 1974 eigener fan de ûndergrûn. Foar in bedrach fan fl. 60, - Letter brûkten Enno Bruinsma (1938 - 2020) en Jelle Brouwer (* 1948) it hok foar opslach - en ferkeapromte fan antyk en kuriosa. De opbringsten dêrfan gean nei goede doelen. Yn 2016 is dit hok ferkocht oan Ernst Stollenwerk.   Hûsnûmer 8, it fjirde hok, is earder boud as it tredde hok. (1904?) It is earst in berchhok foar Douwe Jetzes Sandstra (1853 -1931), fan berop Kapitein fan de stoomboat "Onderneming III". Letter keapet er de "Paul Kruger". Op dizze boat kinst as passazjiers meifarre nei Snits. Op freed fart de boat nei Ljouwert nei de merk. Der wurdt ek fee yn ferfierd. It hok wurdt oernaam troch de bruorren Muurling, turfskippers wenjend fan 1944 ôf op it Heechhiem. It is yn eigendom kaam fan Tynke Joustra (* 1948). Sy hat it ferkocht oan Gerrit Faber. Ek oan de huidige Skoallestrjitte stiet noch in hok dat tsjinne as opslach en turfhok. It leit in 100 meter fierderop oan de oare kant fan it wetter. Yn Easterein bekend as "Joustra Branje". De eigener is Pier Tuinema (1849 -1910). It wurdt boud troch syn skoansoan Harmen Schaafsma (1884 -1973). Tuinema is ek turfskipper. Nei syn ferstjerren hat Meintje Bouma (1856 -1933) it bedriuw noch lang fuortset. In skipper út Drinte, Thijs Zondag, brocht har de turf. Foar de oarloch is it hok ferkocht oan de firma Joustra. Sa is de saak Joustra Branje útwreide. De oarsponklike doarren sitte oan de achterkant. De skippers farden efter del om de turf te lossen. De foarkant fan de hokken stiet oan de Skoallestritte.