https://easterein.argyf.nl/FYhttps:/www.easterein.argyf.nl/lemma/jeu-de-boules-oprichting-51443

Nieuws:


Uitgelichte vensters:

Brouwerspôle, Heechterp

Foardat de hjoeddeiske Amerikaanske pleats boud is, stiet op dit plak in kop-hals-romppleats, boud om 1832 hinne.
De eigener en brûker is Tiede Pieters Vellinga. Om 1850 hinne buorket Sijbren Brouwer op de pleats. Oan him hat de pleats de namme fan Brouwerspôle te tankjen.
Yn de perioade dy 't folget wurde der wenienheden yn de pleats boud, bewenne troch meardere húshâldingen. Ek de arbeiders fan de boer wurde dêr húsfeste.
Ut oerlevering is ferteld dat der wol 30 bern fan de Brouwerspôle nei skoalle giene yn Easterein.
Yn de perioade foar 1888 komme minsken op de Brouwerspôle byinoar om harren leauwe te beliden. Dit giet om de Gereformearden dy 't har ôfskiede fan 'e Herfoarme tsjerke.
De foargonger is Sj. W. Joustra.


Ek Sijtse Groustra hat op de Brouwerspôle buorke.
Hy wenne earst op it Skrok 1, en ferhuze yn 1920 nei de Brouwerspôle.
Yn dy tiid is der noch gjin elektrysk ljocht.
Op in jûn yn 1927 by it fuorjen fan hea oan de kij, falt de petrolielampe om en it hea fljocht yn 'e brân. De pleats brânt ôf, it wenhûs bliuwt sparre.
Dêr hawwe noch in skoft húshâldingen yn wenne.
Yn 1928 wurdt de pleats werboud sa 't dizze der no stiet. Letter is der yn it foarhûs fan de âlde pleats jongfee stald. Om 1990 hinne is it lêste part ôfbrutsen.

Heechterp de Amerikaanske pleats is der foar yn it plak kaam.
Yn 1928 wurdt der troch arsjitekten G. van der Zee in tekening makke en wurdt de pleats boud. De bouwers binne Bouman en Hogendorp út Easterein. It is in nije boufoarm.
It is in wenning mei dêrachter in skuorre dêr 't it fee stiet.
De kij stean mei de koppen nei elkoar ta mei de foergong yn de midden. ( Hollânske stâl) Boppe de souder fan de skuorre is de opslach fan hea.
Dit hea kin fia in klep nei boppe takele wurde. It is modern en tiidsbesparjend.
Oer dizze Amerikaanske pleatsen is in boek útjown: ' Amerikaanse boerderijen in Fryslan '.
Ek dizze pleats stiet deryn
De namme fan de pleats is troch Groustra Heechterp neamd.
Dizze namme komt fan de Terp Stittens dêr 't er op boud is.
Mei de komst fan Dirk Stout en Johanna de Boer yn 1992 wurdt de pleats ferboud, wêrby 't de bûtenkant hielendal yn takt bleaun is.
Yn de Amerikaanske pleats is yntusken in air bnb situearre.

1. 1832: Tiede Pieters Vellinga (* 1795) troud yn 1817 mei Sytske Klases Rispens.
Se krije 9 bern. Mar der ferstjerre ek twa bern op jonge leeftiid, en ek Tiede wurdt net âld.
Yn 1835 stjert er 40 jier âld. It jongste bern is noch mar in jier âld.
It is net bekend oft de widdo noch troch buorke hat.

2. Sijbren Brouwer, dit moat om 1850 hinne west hawwe.
Op de site Alle friezen is werom te finen dat er boelguod hâlden hat yn 1873.
Famylje fan him, broers en bern binne begûn mei beurtskippen. Fan 1824 ôf is dit werom te finen. Ek trouwe der Brouwers mei de lettere Joustra's.

3. Unbekend

4. Sieds Hoitinga (* 1865 te Ysbrechtum) troud yn 1997 mei Jetske Hornstra (* 1873 yn Easterein) Se krije in tsiental bern. Hy hat boelguod hâlden yn 1925.
Ek stiet er beskreaun yn 1910 as timmerman.


5. 1925: Sijtse Auke Groustra (* 1895 te Easterein) troud yn 1921 mei Trijntje Engelsma (* 1897 yn Warkum ). Yn 1925 wurdt de pleats Skrok 1 ferkocht. Sijtse Groustra ferhuzet nei de Sibadawei 30. Hy hat hjir buorke oant syn soan Haaie de pleats oer naam.


6. 1960: Haaie Groustra (* 1925) troud mei Anna Smits (* 1930) Sy bliuwe hjir wenjen oant 1992. Dêrnei wurdt de pleats ferkocht as wenbuorkerij.
It wie gjin grutte pleats en dêrom wurke Haaie ek as molkophaler foar it fabryk.
Dat gie earst mei de boat.
Letter hellet er de molke op mei de trekker, earst mei in wein letter mei twa weinen.
Op it momint dat de molktank ferplichte wurdt yn 1977 hâldt er op mei melken en ek it opheljen fan de molkbussen is dêrmei ôfsletten.
{ _ 51803 left 200px_ }

7.1992: Dirk Stout (* 1932) troud yn 1985 mei Johanna de Boer; kommend fan Amsterdam. De roots fan Johanna lizze yn de Súdwesthoeke fan Fryslân.

Vrijburg
De strjitte Vrijburg ferbynt de Wynserdyk mei de Skoallestrjitte. Oan de Eastkant, foar de Skoallestrjitte stiene foarhinne 8 keamerwenten, boud yn 1882 yn opdracht fan de Tsjerkfâldij fan de Ned. Herv. Tsjerke. Dizze lokaasje hie de namme Pôlehoeke. De 8 wennings - ûnder- ien-kap wiene ornearre foar earme minsken en ek foar skipperfolk, dat foar in part ek op it skip ferbleau.

Oan dit finster is in dokumint keppele wêryn't de wenningbou fan Sjaardaleane, AndriesJoustrastrjitte, Skoallestrjitte en Vrijburg beskreaun stiet. Dêrút blykt dat de ynset fan it Doarpsbelang om nijbou yn Easterein foarinoar te krijen ek doe al spile. 

Nei de nijbou oan de Sjaardaleane yn 1948 folge de Andries Jousstrastrjitte yn 1952. Yn 1952 is ek de earste wenning, doe twa ûnder ien kap boud. It is yntusken in frijsteande wenning Vrijburg nûmer 2. 

It earste blokje wat dêrnei boud waard, giet om nûmers 4, 6, en 8 yn 1953. It blok fan seis skeakele wenningen is boud yn 1967. 

Yn 1964 waard it suvelfabryk ûntmantele. Ype Joustra hat by it doarpsbelang der op wiisd dat de âlde liedingen en buizen geskikt wêze soene om der in boarterstún fan te meitsjen. Der is in 2000 kilo izer kocht foar in skaplike priis. Mei ynset fan frijwilligers is de boarterstún oanlein. Dy is noch altyd yn gebrûk. 

Yn 1970 is de kristlike beukerskoalle 'It Bekoar' op Vrijburg boud. Nei 20 jier tsjinst is de skoalle sletten. De basisskoalle ûntstiet en de beukers geane nei it skoalgebou oan de Skoallestritte. Foar mear ynfo sjoch by it ûnderwiis.