https://easterein.argyf.nl/NLhttps:/www.easterein.argyf.nl/lemma/jeu-de-boules-oprichting-51443


Nieuws:


Uitgelichte vensters:

Skiednis fan Easterein Troch Karin Everhardus Easterein bestiet al iuwenheugend lang. Yn 1378 al waard ' to Aestereynde ' yn geskriften neamd. Dat wie de âldst bekende plaknamme fan it doarp yn it Aldfrysk en betsjutte letterlik ' eastlik lizzende útein '. Troch de iuwen hinne folgen ferskate beneamingen inoar op, oant yn 1991 it doarp syn hjoeddeistige en offisjele namme krige. Iuwenlang wie Easterein it grutste en oansjenlikste doarp fan de gritenij dêr 't ta it hearde, Hennaarderadeel. In gritenij wie yn it ferline de namme dy 't yn gebrûk wie foar in plattelânsgemeente. Pas yn de rin fan de 19e iuw waard Easterein yn grutte en wichtichheid oerfleugele troch it doarp Wommels. Beskriuwing út 1788 In beskriuwing út 1788 joech in skildereftich doarpsbyld: In Oosterend, een groot en aanzienlijk dorp, placht een spitse toren te zijn die geheel van steen was. Dêrfan hie de spits in hichte fan '60 fuotten (goed 18 meter ). Mar neidat yn it jier 1672 - op in ' bid ' dei - troch in hurde tongerslach de spits der ôfslein waard, kaam der yn 1685 in houten spits fan '30 fuotten ' (9 meter) heech. De tsjerke waard sjoen as ien fan de fraaiste ûnder de Lântsjerken. De kertieren om Easterein hinne Neist de saneamde Kerkbuurt (it sintrum om de tsjerke hinne) dy 't aardich grut wie, bestie it doarp út fjouwer ' fjouwerendeelen ' of wol kwartieren. De wichtichste wie it ' Meylehuister vierendeel ' wêryn 't fjouwer steaten (in state is in lânhûs of pleats fan oansjen, soms adellik) leine. Dit wiene grut en lyts Meilahûs, Jellema en Sjaarda. Yn it ' Slypster vierendeel ' leine de Slyp, de ' Saunlsester ' huzen en de steaten Bonga en Koyfenne. It ' Wynser fjouwerdiel ' befette it buertsje Wyns mei de steaten Donia, lyts en grut Hoekens, en Rispens. Ta beslút noch it ' Eeskwerder vierendeel ', hjirta hearden de buortsjes en huzen Stittens, Eeskwerd, Syons én de âlde steaten Reduzum en Sibada. Spitigernôch binne al dizze steaten geandewei ferdwûn.... Sibede Ut it doarp wei, foarby de lêstneamde buertsjes en staten, rûn nei it noarden in Opfeart, ek wol Sibada of Sibede neamd, dy 't op de ' Bolswerder ' jaachfeart útkaam. Yn it súdeasten rûn fan Easterein ôf noch in feart, nei de Hydaarder feart en dêrwei nei de Snitser feart op Frjentsjer. Ek rûn fan it doarp ôf in ' Rijdweg ', nei it noarden ta nei Frjentsjer, en súdlik nei Snits en Boalsert. Dêrmei befûn Oosterend him ûnder de ' wolgelegen ' doarpen. Dit doarp wie fan súd nei noard, wol in hiel oere ' rinnen ' lang (!) Historie bliuwt fuortbestean. Mar in pear opfallende en typearjende wurden foar dy tiid binne stean bleaun, fette tusken. oanhalingstekens.

Siaarda (Sjaarda) De pleats hat fan âlds de namme Sjaarda. Yn it boek fan Douwe van der Meer stiet de pleats al beskreaun yn 1511. De namme fan de hierder is Syurdt.Letter wurdt de namme faker wat feroare. Fan Syaerda stadich nei Siaarda.Yn de rin fan de jierren wurdt de pleats ek troch oare eigeners ferhierd of bewenne.De namme Meylema komt ek foar. De namme fan de pleats Sjaarda bliuwt bestean.Dan dûkt yn 1638 de namme Gatse Pieters op yn de stimkohieren. Hy wurdt neamd as eigener brûker.Hy wurdt troch syn soan opfolge Dirk Jans Siaarda. Dêrnei troch Iede Dirks Sjaarda.It befêstiget dat Gatse Pieters de namme fan de pleats as efternamme keazen hat.Ut it lidmateregister fan de tsjerke, dat begjint op 1 maart 1638 komt de namme fan Gatse Pieters ek foar, mar dan is it noch gjin Siaarda. Dat de eigener ek brûker is, is yn dy tiid net gongber. "In de stemkohieren staat dat in 1700 mederechter Jan Dirks Sjaarda 1/3 deel koopt van de door hem bewoonde sate ' tot Wynstra ' fan Hylckjen Dirks Siaarda, troud mei Theunis Geerts Westerhooven sjirurgijn te Harns. " 1. Gatse Pieters fan Snits troud yn 1628 mei Antke Pitersdr út Easterein. 2. Dirk Gatses fan Easterein troud yn 1643 mei Buuke Hoytes fan Hartwert.Hja hawwe grif ek op 'e pleats wenne. Dirk Gatses hat him as earste Siaarda neamd.Hy is yn 1682 lidmaat wurden en ferstoarn yn 1686. Se krije 6 bern, de âldste soan Jan Dirks komt op de pleats te wenjen. Hy is ek meirjochter en keapet letter fan syn suster Hylckjen grûn. 3. Jan Dirks Siaarda, (* 1651) troud yn 1702 mei Barber Tiepckes.Jan Dirks is ek mei-rjochter. En ek as lidmaat stiet er meardere kearen beskreaun.Hy wegeret om oan it nachtmiel mei te dwaan. Hy hat spul oer ' set en dammen ' mei Freerck Jansen. Der binne gjin bern te finen fan dit pear. Yn 1719 trout Jan Dirks opnij mei IJtje Ates Spanjes. Hy is dan al 68 jier. Dochs krijt er noch twa bern, Dirk Jansz. yn 1720 en Boukjen Jansz. yn 1723. Sels ferklamme er yn 1730. 4. Dirk Jansz Sjaarda (* 1720 te Easterein) troud yn 1757 mei Geertje Klazes van Burgwerd. Se krije twa bern. Jan wurdt yn 1758 berne en Iede yn 1761. 5. Iede Dirks Sjaarda (1761 te Easterein) troud yn 178 mei Rigtje Eeltjes Kooistra (* 1768 yn Edens.) Se krije fjouwer bern. Jehannes, Eeltsje, Geartsje en Durk. 6. Dirk Iedes Sjaarda (* 1798 te Easterein) troud yn 1831 mei Sepkjen Reins Leen (* 1795 yn Baard) Se trouwe yn jannewaris en yn febrewaris wurdt harren soan Yede berne.Dat sil wol reuring jûn ha. Yn de aktes steane gjin oare bern dus nei alle gedachten is Yede it iennige bern bleaun. Sepjen wurdt mar 45 jier, Dirk Iedes wurdt 82 jier en stjert as rintenier. 7. Iede Dirks Sjaarda (* 1831 te Easterein) troud yn 1855 mei Trijntje Minnes Koopmans (* 1836 te Easterein ). Se krije seis bern, dêr 't twa net fan folwoeksen wurde. Se hawwe twa soannen Dirk berne yn 1858 en Minne yn 1864. Harren lêste bern wurdt yn 1882 berne, harren âldste soan wie doe al 24 jier. Soan Dirk sil wenje op Sjaardaleane 17, dat wie doe in minder grutte pleats.Syn dramatyske libbensrin is te lêzen yn it finster fan Sjaardaleane 17. 8. Minne Iedes Sjaarda (* 1864 te Easterein) troud yn 1888 mei Jiskjen Eringa (* 1866 te Hidaard) Se krije fjouwer bern Yede * 1889, Grietje * 1891,  Trijntje *1894, en Anna * 1899.Trijntje trout mei Rients Emke Rienstra (feehanneler) út Warkum.Spitigernôch stjert Trijntje yn it kreambêd by de berte fan soan Johannes. 9. 1916: Yede Minnes Sjaarda (* 1889 te Easterein) troud yn 1916 mei Lysbeth Tiedes Vellinga (* 1890) Se krije trije bern, harren soan Minne nimt it bedriuw oer yn 1946. 10. 1946: Minne Yedes Sjaarda (* 1919 te Easterein) troud yn 1942 mei Antje (Anna) Kuipers (* 1919 te Britswert) It sluten fan it houlik joech reuring.Minne wie herfoarme en Anna wie grifformeard. Meastentiids folge dan de man de frou yn de kar fan it leauwen. Mar Anna waard herfoarme. Dat wie foar har famylje dreech te akseptearjen.De âlden fan Minne wiene ek net bliid mei it houlik, Anna wie fan ienfâldige komôf en wurke as tsjinstfaam en dat wie net itselde as in boeredochter. Se waard dôge.Doe 't letter de Samen op Weg Kerk foarm krige en doarpsgenoaten dêr muoite mei hiene, wie dit in drege tiid foar Minne en Anna. Hja wiene ommers al jierren troud yn in mingd houlik. Wêrom dêr sa min oer dwaan!Se krije gjin bern en buorkje op Sjaardaleane 19 oant 1975.Dan ferhúzje Minne en Anna nei de Skippersbuorren, en sette harren te wenjen op de boerehûzinge fan Hendrik Kuiper.Hendrik Kuiper en syn húshâlding ferhúzje nei de Sjaardaleane 19 en sette dêr harren bedriuw troch. 11. 1975: Hendrik Kuiper (* 1929) troud mei Minke Huitema (* 1932) yn Easthim ).Se krije 7 bern. De âldste soan, Hindrik, nimt it bedriuw oer. 12. 1995: Hindrik Kuiper (* 1958) troud mei Taekje Herrema.Se krije 3 bern. Hindrik, Josien en Meile. Hendrik en Meile binne de bedriuwsopfolgers.