Feest yn 'e tinte


Feest yn 'e tinte
©: Coby Zand

It doarpsfeest is fanâlds in wichtich hichtepunt foar de Eastereinders om mei-inoar te fieren.
Gearkomme, wille meitsje, byprate, keatse, spultsjes dwaan, toanieljûn, muzyk, dûnsje en foar de jonge generaasje in moaie gelegenheid om inoar (noch) better kennen te learen.
Oan de essinsje feroaret der net safolle, mar de ynfolling giet wol mei de tiid mei.
Yn de jierren 1970 krijt " it matinee " in nije foarm.
Dêr 't foarhinne Wilhelmina foar de muzikale omlisting soarge, wurdt no in bân ynhierd.
Jong en âld skowe oan en dosse har feestlik út.
Dat begûn mei it dragen fan de klean út de optocht, mar is yntusken in eigen item wurden.
Yn dit finster in fotokollaazje út de feesttinte wei.
Dêryn ek foto's fan sketsjes dy 't troch de Eastereinders nei foaren brocht binne.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Coby Zand
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s