Pleatsen om Reahus hinne


Pleatsen om Reahus hinne
©: F.K. Reitsma

Pleatsen om Reahus hinne
Yn it boek " Easterein " hat F.K. Reitsma de skiednis fan in tal pleatsen ûnder Reahús beskreaun. Guon dêrfan binne of wiene fan âlds yn eigendom by de tsjerke fan Easterein. Oan it taheakke finster kinne jo it dokumint iepenje mei it ferhaal fan Reitsma.

It Buertskip Roodhuis (no Reahus) is ûntstien op it grûngebiet fan Easterein. De doarpen Easterein, Itens, Hidaard en Lutkewierrum leine oarspronklik op in eilân. Oerstallich wetter fan it eilân waard ûnder oare lost by Sânleanstersyl; Yn de 12e iuw slibbe de Middelsee stadichoan ticht. Roodhuis ûntstie oan de Slachtedyk, de âlde seewarring fan it Middelseegebiet. Pas yn 1955 waard oan Roodhuis offisjeel de doarpsstatus takend.

It ûntstean fan Roodhuis (no Reahus) hinget ek nau gear mei de Reformaasje yn de sechtsjende iuw, wêrby 't de Protestanten it roer oernamen fan de Katholiken.
De Katoliken waarden letterlik de tsjerke útset en ek alle besit gie nei de Protestanten.
Yn 1580 mocht pastoar Dominicus net mear foargean yn de tsjerke fan Easterein.
Hy krige in lyts pensjoen en sette ôf nei de Pôlle by Sânlean, dêr 't in pear pleatsen stienen dêr 't er stikem mei preken trochgie.
Lang net elkenien woe protestant wurde en de tsjerke dûkte ûnder. 

Op de pleats Slippens (de earste skûltsjerke) en letter yn it Blauwe Huys van Bongastate (de twadde skûltsjerke) waarden yllegale tsjerketsjinsten hâlden troch minsken dy 't trou bleaune oan it roomske leauwen.
Fanwegen it isolemint en omdat it net opfoel waard dit eachlûkend talitten.
Yn 1709 kaam kapelaan Cramers út it hûs wei mei it blauwe dak (= Bongastate) dêr 't destiids de katolike Eastereiners byinoar kamen en gie nei de Oude Pôlle by Sânlean. Dêr waard de tredde skûltsjerke boud mei in read dak om dúdlik te meitsjen dat it ôfrûn wie mei de tsjinsten yn it Blauwe hûs.
Ignatius Crames of eins Franciscus wurdt dêrom beskôge as de stichter fan Roodhuis.
Yn 1762 waard de fjirde skûltsjerke boud troch pastoar van Rijswijk, yn 1850 waard dizze tsjerke ferboud. Yn de rin fan de jierren kamen der ek huzen by.

Dêrnei groeide de buorskip mei in nije pastorij, in tsjerkhôf en de nije Sint-Martinustsjerke (ûnder lieding fan pastoar ten Bokum ). Dêrnei kaam de St Bonifaciusskoalle derby (1922 ). Omdat it buorskip ûnder Easterein hieltyd fierder groeide en offisjeus wol, mar offisjeel net bestie waard op 27 augustus 1954 troch de gemeenteried besletten dat Roodhuis in doarp wurde moast.
Om dat beslút út te fieren hat it kolleezje fan B en W dêrnei fêststeld, dat Roodhuis mei yngong fan 2 maaie 1955 de doarpsstatus krijt.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Roodhuis diel út fan de gemeente Hennaarderadeel, dat doe mei de gemeente Baarderadiel opgie yn de doe nije gemeente Littenseradiel. Sûnt 1991 is de offisjele namme it Frysktalige Reahûs.
Sûnt 2018 leit it doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

Colofon

Boek Easterein, Wikipedia

© Foto voorblad: F.K. Reitsma
Lês mear