Trije kear seis ôfbyldingen.
Under de ôfbyldingen binne yn in lettere perioade teksten pleatst. De teksten binne yn de taalfiering fan de 17e iuw. Yn de katolike tsjerke wie it heechst ûngebrûklik om teksten publyklik sjen te litten. By útsûndering barde dat om wat te ferklearjen. Mar de wichtichste fraach bliuwt: wat is de binende faktor tusken al dizze achttjin ôfbyldingen?
It is perfoarst gjin stripferhaal watst fan it begjin oan de ein lêst. Nee, der sitte efterlizzende gedachten efter, djippere betsjuttings, dy 't net allinne tahearre oan de tiid fan 1554. Om in better ynsjoch te krijen fan wat der mei de ôfbyldingen bedoeld wurdt, is by elke foarstelling de eigentlike tekst út de bibel pleatst.