Nieuws:


Uitgelichte vensters:

Brouwerspôle, Heechterp

Foardat de hjoeddeiske Amerikaanske pleats boud is, stiet op dit plak in kop-hals-romppleats, boud om 1832 hinne.
De eigener en brûker is Tiede Pieters Vellinga. Om 1850 hinne buorket Sijbren Brouwer op de pleats. Oan him hat de pleats de namme fan Brouwerspôle te tankjen.
Yn de perioade dy 't folget wurde der wenienheden yn de pleats boud, bewenne troch meardere húshâldingen. Ek de arbeiders fan de boer wurde dêr húsfeste.
Ut oerlevering is ferteld dat der wol 30 bern fan de Brouwerspôle nei skoalle giene yn Easterein.
Yn de perioade foar 1888 komme minsken op de Brouwerspôle byinoar om harren leauwe te beliden. Dit giet om de Gereformearden dy 't har ôfskiede fan 'e Herfoarme tsjerke.
De foargonger is Sj. W. Joustra.


Ek Sijtse Groustra hat op de Brouwerspôle buorke.
Hy wenne earst op it Skrok 1, en ferhuze yn 1920 nei de Brouwerspôle.
Yn dy tiid is der noch gjin elektrysk ljocht.
Op in jûn yn 1927 by it fuorjen fan hea oan de kij, falt de petrolielampe om en it hea fljocht yn 'e brân. De pleats brânt ôf, it wenhûs bliuwt sparre.
Dêr hawwe noch in skoft húshâldingen yn wenne.
Yn 1928 wurdt de pleats werboud sa 't dizze der no stiet. Letter is der yn it foarhûs fan de âlde pleats jongfee stald. Om 1990 hinne is it lêste part ôfbrutsen.

Heechterp de Amerikaanske pleats is der foar yn it plak kaam.
Yn 1928 wurdt der troch arsjitekten G. van der Zee in tekening makke en wurdt de pleats boud. De bouwers binne Bouman en Hogendorp út Easterein. It is in nije boufoarm.
It is in wenning mei dêrachter in skuorre dêr 't it fee stiet.
De kij stean mei de koppen nei elkoar ta mei de foergong yn de midden. ( Hollânske stâl) Boppe de souder fan de skuorre is de opslach fan hea.
Dit hea kin fia in klep nei boppe takele wurde. It is modern en tiidsbesparjend.
Oer dizze Amerikaanske pleatsen is in boek útjown: ' Amerikaanse boerderijen in Fryslan '.
Ek dizze pleats stiet deryn
De namme fan de pleats is troch Groustra Heechterp neamd.
Dizze namme komt fan de Terp Stittens dêr 't er op boud is.
Mei de komst fan Dirk Stout en Johanna de Boer yn 1992 wurdt de pleats ferboud, wêrby 't de bûtenkant hielendal yn takt bleaun is.
Yn de Amerikaanske pleats is yntusken in air bnb situearre.

1. 1832: Tiede Pieters Vellinga (* 1795) troud yn 1817 mei Sytske Klases Rispens.
Se krije 9 bern. Mar der ferstjerre ek twa bern op jonge leeftiid, en ek Tiede wurdt net âld.
Yn 1835 stjert er 40 jier âld. It jongste bern is noch mar in jier âld.
It is net bekend oft de widdo noch troch buorke hat.

2. Sijbren Brouwer, dit moat om 1850 hinne west hawwe.
Op de site Alle friezen is werom te finen dat er boelguod hâlden hat yn 1873.
Famylje fan him, broers en bern binne begûn mei beurtskippen. Fan 1824 ôf is dit werom te finen. Ek trouwe der Brouwers mei de lettere Joustra's.

3. Unbekend

4. Sieds Hoitinga (* 1865 te Ysbrechtum) troud yn 1997 mei Jetske Hornstra (* 1873 yn Easterein) Se krije in tsiental bern. Hy hat boelguod hâlden yn 1925.
Ek stiet er beskreaun yn 1910 as timmerman.


5. 1925: Sijtse Auke Groustra (* 1895 te Easterein) troud yn 1921 mei Trijntje Engelsma (* 1897 yn Warkum ). Yn 1925 wurdt de pleats Skrok 1 ferkocht. Sijtse Groustra ferhuzet nei de Sibadawei 30. Hy hat hjir buorke oant syn soan Haaie de pleats oer naam.


6. 1960: Haaie Groustra (* 1925) troud mei Anna Smits (* 1930) Sy bliuwe hjir wenjen oant 1992. Dêrnei wurdt de pleats ferkocht as wenbuorkerij.
It wie gjin grutte pleats en dêrom wurke Haaie ek as molkophaler foar it fabryk.
Dat gie earst mei de boat.
Letter hellet er de molke op mei de trekker, earst mei in wein letter mei twa weinen.
Op it momint dat de molktank ferplichte wurdt yn 1977 hâldt er op mei melken en ek it opheljen fan de molkbussen is dêrmei ôfsletten.
{ _ 51803 left 200px_ }

7.1992: Dirk Stout (* 1932) troud yn 1985 mei Johanna de Boer; kommend fan Amsterdam. De roots fan Johanna lizze yn de Súdwesthoeke fan Fryslân.

De namme Café Bergsma komt fan de famylje Bergsma, dy't fan 1909 ôf it behear fan de "doarpsherberch" fersoarge. Nei 97 jier, yn 2006 giet it kafee oer nei Ab en Yvonne de Bruin. Sy feroarje de namme nei Noflik Easterein. Yn 2019 werstelt de hjoeddeiske útbaatster Jelien Pompstra de âlde namme yn eare: Bergsma Easterein.

Café Bergsma is al iuwenlang in moetingsplak foar doarpsbewenners en foar elkenien dy't dêrmei anneks is. Fan passanten oant en mei hannelslju. Foar de doarpsbewenners stiet it kontakt mei-inoar en de ferieningen dy't dêroan ferbûn binne foarop. Fan biljert - en kaart jûnen, toaniel - en muzykútfieringen, jiergearkomsten, oant en mei destiids de meitelling fan de boeren. Fan famyljefeesten, personielssfeesten, reunys, brulloften en partijen. Dûnsles en dûnsjûnen fine der plak en letter de muzykbands op de sneontejûn. 

It kafee is ien fan de wichtige plakken dêr't it klopjend hert fan de doarpsmienskip fielber is, en dêr't sels mannich doarpsbewenner de wiere leafde ûntdutsen of fûn hat. 

Under ynfloed fan de feroaring yn de tiid, beweecht ek de rol en ynhâld fan it doarpskafee mei. Yn in soad doarpen ferdwynt it kafee, mar sa net yn Easterein. Dêr beweecht de kastlein mei yn de feroaringen en past de bedriuwsfiering derop oan. It bliuwt in lokaasje dêr't noch fan alles mooglik is. Up to date yn it oanbod, mei behâld fan de sfear fan eartiids. It ynterieur azemet de tiid fan eartiids, mar it is in allround party sintrum, restaurant en kafee. Bekend yn hiel Fryslân, mei in rike histoarje.