Kafee Bergsma 1909-2006


Kafee Bergsma 1909-2006
©: Jetske Santema

De namme Café Bergsma komt fan de famylje Bergsma, dy't fan 1909 ôf it behear fan de "doarpsherberch" fersoarge. Nei 97 jier, yn 2006 giet it kafee oer nei Ab en Yvonne de Bruin. Sy feroarje de namme nei Noflik Easterein. Yn 2019 werstelt de hjoeddeiske útbaatster Jelien Pompstra de âlde namme yn eare: Bergsma Easterein.

Café Bergsma is al iuwenlang in moetingsplak foar doarpsbewenners en foar elkenien dy't dêrmei anneks is. Fan passanten oant en mei hannelslju. Foar de doarpsbewenners stiet it kontakt mei-inoar en de ferieningen dy't dêroan ferbûn binne foarop. Fan biljert - en kaart jûnen, toaniel - en muzykútfieringen, jiergearkomsten, oant en mei destiids de meitelling fan de boeren. Fan famyljefeesten, personielssfeesten, reunys, brulloften en partijen. Dûnsles en dûnsjûnen fine der plak en letter de muzykbands op de sneontejûn. 

It kafee is ien fan de wichtige plakken dêr't it klopjend hert fan de doarpsmienskip fielber is, en dêr't sels mannich doarpsbewenner de wiere leafde ûntdutsen of fûn hat. 

Under ynfloed fan de feroaring yn de tiid, beweecht ek de rol en ynhâld fan it doarpskafee mei. Yn in soad doarpen ferdwynt it kafee, mar sa net yn Easterein. Dêr beweecht de kastlein mei yn de feroaringen en past de bedriuwsfiering derop oan. It bliuwt in lokaasje dêr't noch fan alles mooglik is. Up to date yn it oanbod, mei behâld fan de sfear fan eartiids. It ynterieur azemet de tiid fan eartiids, mar it is in allround party sintrum, restaurant en kafee. Bekend yn hiel Fryslân, mei in rike histoarje.

Colofon

Jan en Titus Bergsma

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s


Jelle Cnossen en Willem Rienstra

Disclaimer


Bakker Syb Arema en Tjibbe Velzen.

Disclaimer


Tsjerkepaad omtrint 1985. Sjoch ek nei it kafee, mei brúne markiesen, it Heinek

Disclaimer


Foto is begjin jierren 80 makke op é boppeseal, tidens de fergadering fan De La

Disclaimer


De brulloft fan Jan en Antsje. Op de eftergrûn it boerd mei tekst, makke troch

Disclaimer

1995
Mei de oranje feesten ried Kees Baarda mei doarpsbewenners, dy 't dat woene in r

Disclaimer

Oan de stamtafel rûn 1980
Rûn de stamtafel mei de film Boete Dwaan,

Disclaimer

Blauhuster dakkapel
De ferneamde "Blauhuster dakkapel" fersoarge fanôf it dak fan café Bergsma in

Disclaimer

Blauhuster dakkapel

Disclaimer

Blauhuster dakkapel

Disclaimer

De kaartklub
Rûn 1976

Disclaimer

In LAB bus
Filmopname "Boete Dwaan"

Disclaimer

De ferbouwde seal
De skuorre is omboud ta in grutte feestseal. De toanielútfiering, de koserten e

Disclaimer

Om
Smid Jaap Bosgra stiet op dizze foto. Hij emigrearre yn 1974 nei Kanada.

Disclaimer

De kelder wer leech helle
Om 1974 hinne is de kelder ûnder it kafee útgroeven. It lei fol sân. Der binn

Disclaimer

Jan Bergsma
Jan hat de laaije fêst. Foar op de wein Halbe Overal. Hûn Herta efterop mei ?

Disclaimer

Jelle Bergsma mei Herta de hûn

Disclaimer

Jelle Bergsma rûn 1970

Disclaimer

Jetze Wiersma
Op é boppeseal, der't ek it biljert stiet.

Disclaimer

Neisit De Laatste Eer
De neisit fan de fergadering fan de begraffenisferiening De Laatse Eer. Dy soarg

Disclaimer

Doarpsbelangfergadering rûn 1978
Op de boppeseal fan Bergsma rûn 1978. Harm Mollinga (1917 - 1983) en Hylkje Mol

Disclaimer

Op it bûthúsbankje rûn 1960
Dizze trije hearen kamen alle dagen ûnder melken lâns foar de lêste nijtsjes.

Disclaimer

Alde fûneminten
Yn de kelder binne de âlde fûneminten te bewûnderjen fan it eardere kafee. Ea

Disclaimer

Apenút automaat
Op de taap stiet in automaat mei apenuten. Foar in dûbeltsje, 10 sint, krigen j

Disclaimer

Rûn 1955
Dit hat op in jierdei west fan Jan en Titus Bergsma. Heit Jelle rint efter de ga

Disclaimer

Rûn 1990
Notaris Detmar sjocht ta op it lûken fan de prizen troch Jouke Houtsma, fan de

Disclaimer

SDS is kampioen

Disclaimer

Sponsearring troch kafee Bergsma.
Ek SDS koe rekenje op kafé Bergsma

Disclaimer


Hielendal links op de foto sjogge jo in houten bygebouw. Dat wie de pisherne foa

Disclaimer

Ynspylje op de aktualiteit
Bij de "Tsjerkepaad dagen" yn 1988 wurdt der kofje mei gebak servearre op it te

Disclaimer

Wilhelmina donateurskonsert
In optreden fan Wilhelmina yn it kafee. It hat om 1990 hinne west. Ph. Hingst st

Disclaimer

Wilhelmina donateurskonsert
In optreden yn Frysk kostúm.

Disclaimer