Wynserdyk


Wynserdyk
©: Jan Hiemstra

Earst nei de twadde wrâldoarloch waard de dyk oer de kliuw nei Snits in `tarre` dyk. Yn dy tiid stie yn de Boalserter krante (Het Boldswards Nieuwsblad it berjocht `De walsen naderen ons dorp`. De púnlaach waard stevich yninoar walst en dêr kaam in laach asfalt oerhinne mei split. De dyk sil yn beide bermen grif ek wat breder wurden wêze want yn de nei-oarlochske tiid kamen der grutter (fracht)auto `s en lânboutrekkers mei oanhang op `e dyk. Lâns de Hidaarderdyk dy `t letter Wynserdyk neamd waard binne de huzen, de grifformearde tsjerke en de iepenbiere skoalle fanút Easterein sjoen oan de linkerkant earst ein 19e iuw en begjin 20ste iuw setten en dy oan de rjochterkant oant Wynserdyk 10 yn it begjin fan de 20e iuw. De wenten dy `t nei nr 10 komme binne foar it grutste part fan nei de oarloch. Guon binne setten op it plak der `t ien fan de grutste pleatsen fan Easterein, de pleats fan de De Gavere `s stie. De Wyndyk begjint yn it doarp by de ôfslach nei de Griene Leane en einiget by de Gouden Engel (de ôfslach nei de Slachte nei Wommels). 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’sDokuminten


  • F.K. Reitsma hat in oantal artikelen skreaun oer de sitewaasje yn it fiere ferline fan de westkant fan de Wynserdyk

    Disclaimer