Wynserdyk 26a
Nij Oppersteed
De pleats is boud yn 1989. Yn it ramt fan de ruilferkaveling Hennaarderadiel waard dit plak frijmakke foar in saneamd " ferpleatsingsbedriuw ". Dêrmei waard op oare plakken yn de ruilferkaveling romte makke foar in bettere tadieling. Dit plak liende him dêr goed foar om 't ûnder oare it bedriuw Wynserdyk 26 beëinige waard.
Sa binne Douwe Yntema mei syn frou Sieuwke van der Wal op dit bedriuw kaam. Sy leveren it bedriuw yn Tsjom yn. De pleats krige de namme Nij Oppersteed. In ferwizing nei de namme fan de pleats yn Tsjom. Bysûnder is dat de namme fan de pleats ek op it dak te sjen is yn de sinnepanielen.
Colofon
kadaster