Wynserdyk 24

Wynserdyk 24
©: Jetske Santema

De pleats is boud yn 1925, sa docht bliken út de hypoteekakte fêstlein by in notaris yn Reduzum. De opdrachtjouwer is Tjerk Okkema. De stâl hat plak foar 16 melkkij. Tjerk Okkema hie trije soannen, Doede, Durk en Tjipke.

Doe 't Doede yn 1950 weromkaam út Ynje, besleat er tegearre mei broer Durk in leanwurkbedriuw foar boeren te begjinnen. Doede en Durk stapten nei de Boerenleenbank (Rabobank ), mar se krigen gjin liening. Gelokkich woe de middenstânsbank wol in liening jaan. Hja kochten in trekker en in meaner. Dat wie de start fan Leanbedriuw Okkema sa 't wy dat no kenne.

Broer Tjipke Okkema giet yn de foeraazjehannel op de Wynserdyk 10. Letter nimt ek Durk Okkema ôfskied fan it leanwurk. Hy kin boer wurde op Dearsum ûnder Achlum.

Yn 1961 sille Doede en Anna op de pleats wenje. It leanbedriuw wurdt útwreide. Ek it melkfeebedriuw wurdt fuortset. Anna stie altiid paraat om de telefoan oan te nimmen en klanten te wurd te stean. Dat gie fan moarns ier oant jûns let. Letter kamen der bakjes, in soarte fan portofoans. 

Yn 1980 kommen de soannen Tjerk en Hendrik yn it bedriuw te wurken yn maatskip. Yn 1983 nimme se it bedriuw oer.Yn 1990 kaam der wer in grutte feroaring. De kij en it lân wurde ferkocht. Doede en Anna ferhúzje nei it doarp en Tjerk en Alie komme op de buorkerij te wenjen en Hendrik en Rika yn de nijbou. It leanbedriuw breidet him fierder út. Njonken leanwurk foar de boer wurde ek oare wurksumheden oppakt, wêrûnder in soad kraanwurk en grûnwurk.

Bewenners fan de pleats:

1. Tjerk (Tjipkes) Okkema (* 1893) troud mei Adriana Scheele (*1897).  Sy drage it bedriuw oer oan de soannen Doede en Durk.

2. Doede (Tjerks) Okkema (1927*) troud mei Anna Zijlstra (*1926). Hja krije njoggen bern. As hja op leeftiid komme sette de soannen Tjerk en Hindrik it bedriuw troch.

3. Tjerk Okkema (* 1956) troud yn 1984 mei Alie Oosterhaven. Alie Oosterhaven is ferstoarn. Hja krigen 2 bern, Sietske (*1992) en  Doede Rients (*1996) dy't yn it Leanbedriuw wurket.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s

1947
Links " pake ' Tjerk Okkema, rjochts Tjipke Okkema. Efter op de foto stiet: ken

Disclaimer

2023
De âlde yngong fan de pleats en leanbedriuw is blokkearre. dit is fierstente ly

Disclaimer


Dit sil in ferlovingsfoto west hawwe om 1920 hinne.

Disclaimer

Ofskiedsadvertinsje, 1949

Disclaimer

De pleats mei it reiten tek
Dizze foto is rûn 1950 makke.

Disclaimer

De pleats sûnder in soad begroeiïng
1941: De pleats is goed te werkennen oan de útbou oan de sydkant.

Disclaimer

De bargen rinne yn it lân
Dit is oan de Wynserdyk op nei Hidaard.

Disclaimer

Doede en Anne Okkema
De trekkers binne grut wurden. Even by de nije Ford sjen. Doe 't Doede en Anne 5

Disclaimer

Doede en Durk Okkema
Beide bruorren wiene yn Yndonezië. Yn de perioade dat hja dêr wiene troude har

Disclaimer

Doede Okkema rûn 1970
Achter de pleats, it molkkarke is noch leech. De molkbussen stiet bûten op it r

Disclaimer

Famylje portret 1929
Famke steande, Elisabeth (Betsy ), Durk steand, sittend op de grûn Tjipke en op

Disclaimer

Foto makke yn de oarloch 1940
Doede foarop op 'e foto, Tjipke stiet derachter. Op de wein sitte yn it hea v.l

Disclaimer

Foto fan 2023
Foto nommen fanút de westkant

Disclaimer

Foto fan 2023
Dizze foto is yn de winter nommen.

Disclaimer

Foto fan rûn 1925
Dizze foto komt fan de famylje Okkema. De pleats stiet pas. De tún / grûn om d

Disclaimer

Loftfoto fan it leanbedriuw
It is goed te sjen hoe grut oft it bedriuw wurden is. De pleats is lyts yn ferge

Disclaimer

Meiwurkers leanbedrieu Okkema rûn 1960
f.l.n.r. Jap Zijlstra, Wiebe ?, Jan Bootsma, Tiede v.d. Velde en Doede Okkema.

Disclaimer

Okkema 1995
F.l.n.r. André Leffertsma, Gerben Terpstra, Gerrit Faber, Jelle Hijlkema, Auke-

Disclaimer

Rûn 1945
f.l.n.r. steand: Betsy, Durk, Tine, Tjipke en Doede. Foar harren âlden Tjerk Tj

Disclaimer