Van Eysingaleane
Easterein wie oant healwei de 19e ieu mei Wommels ferbûn oer de Alddyk. Dy begûn oan de súdkant fan it doarp en kronkele dan nei it westen rjochting Wommels. Op goed healwei de tusken 1855 - 1860 oanleine dyk tusken Easterein en Wommels krúst de Alddyk dizze ferbining en giet er fierder nei it noarden mei in soad ombochten yn Wommels te kommen. De rûte oer lân tusken de beide doarpen wie oant it oanlizzen fan de `nije`dyk tusken 1855 en 1860 in ommelânske reis. Nei it oanlizzen wie de ôfstân tusken de beide doarpen noch mar 2,4 km. Boppedat kaam der in plaveisel fan stienslach en dat wie yn fergeliking mei in modderreed sa as de Alddyk in grutte ferbettering. De brêge oer de Sebearefeart sil doe ek oanlein wêze. As der in dyk oanlein is komme der ek huzen. Foar minsken dy `t lúks wenje woene wie dit in moai plak en der waarden moaie frijsteande wenten setten. Dizze huzen wurde op de bygeande foto `s toand.