Trijehuzen 2


Trijehuzen 2
©: Jetske Santema

Nijehûs, boud yn 1873.

Dizze pleats is foarearst in belizzingobjekt fan de famylje De Vos Steenwijk, in âld aadlik geslacht ôfkomstich út Drinte. Der hawwe ferskate hierders west.

1.Gerben Sjoerds Gaastra âld 27 jier ôfkomstich fan Hidaard. Op 23 maaie 1863 troud mei Trijntje Jacobs Leyenaar fan Easterein âld 21 jier. Se krigen in dochter dy 't yn libben bleau en dizze troude mei Jan Rienstra. Yn it boek fan Easterein wurdt sein dat dizze Rienstra's lang op de pleats wenne hawwe.

2. Geiske Gaastra berne 30 novimber 1871 troud yn 1894 mei Jan Rienstra ôfkomstich fan Jutryp âld 25 jier. Sy krije twa bern wêrfan 't de soan Sjoerd yn libben bliuwt.

3. Sjoerd Rienstra berne 7 jannewaris 1896. Fierdere ynformaasje is noch net fûn 4.Om 1925 hinne komt der wer in Rienstra op de pleats

5.Yn maaie 1954 set de Rienstra ôf nei Kûbaard en wurdt de pleats ferkocht.

6.1954 De pleats wurdt kocht troch Teun Velink en syn frou Anna. Fanwege arbeidsûngeskiktheid en it ûntbrekken fan in opfolger wurdt de pleats ferkocht.

7.1972 De pleats wurdt kocht troch de famylje George van den Ende, troud mei Anneke Kloosterman. It pear krijt 3 bern. Troch oankeap fan ûnder oare de pleats Trijehuzen 1 wurdt it bedriuw flink útwreide. In folgjende útwreiding betsjut ferpleatsing nei in bedriuw yn Winsum Grinslân.

8. 2019 It bedriuw wurdt foar in grut part kocht troch Symen Bouma en Grietje Jukema en taheakke oan de pleats Wyns op de Wynserdyk 53.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s