Trijehuzen1


Trijehuzen1
©: Jetske Santema

Huize Wier 33

De pleats hat as oarspronklik boujier 1873. It hat hûsnûmer 1. Fan de dyk ôf is dat frjemd te neamen. Fan de trije pleatsen op Trijehuzen is it ommers de lêste pleats oan de ûntslutingsdyk nei de Wynserdyk.  Dochs kloppet de nûmering, want de ûntsluting leit fan oarsprong net by de Wynserdyk mar by de Wynserfeart.

Oarspronklik wie de pleats in belizzingsobjekt en hat er meardere eigeners en brûkers hân.

Yn 1908 wurdt Jeljer Bouma de boer. Hy buorket hjir oant 1930. Yn de perioade dat Jeljer boer is, brânt de pleats ôf en wurdt wer opnij opboud.

Fan 1930 ôf hiert Klaas Koopmans de pleats. Hy bliuwt hjir trije jier.

Yn 1933 wurdt de pleats ferkocht oan de famylje Vellinga. Yme Tiedes Vellinga trout mei Lipkje Swart, It echtpear krijt 11 bern. De jonge boer Yme Tiedes Vellinga komt yn 1933 op de buorkerij. De namme fan de pleats is ek de namme fan de terp. Yn de Atlas van Scotanus fan 1718 stiet de namme van Wier op dit plak op de kaart. 

Yn 1988 komt Yme Vellinga hommels te ferstjerren. De pleats wurdt oernommen troch maatskip G. van den Ende, dy 't de pleats op Trijehuzen 2 bebuorket.

Yn 1997 komme Joost van den Ende en Marieke Kooistra op de pleats te wenjen. Joost is de twadde soan fan George en Anneke van den Ende.

Yn 2019 wurdt de pleats ferkocht oan de maatskip S. en G. Bouma-Jukema en ferpleatst de maatskip fan den Ende syn bedriuw nei Winsum yn Grins.

Huize Wier 33 wurdt wurdt noch altiid bewenne, mar net troch de eigeners.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s