Toanielferiening 2
It argyf fan toanielferiening Fuort Mar Los is digitaal fêstlein op tiidsperioades. Mei tank oan Eppie Heins. Yn de begjinjierren binne de oankundigingen fan de toanielstikken bewarre op A 4 flyers en mei publikaasjes yn de doarpskrante.
Yn dit finster kinne jo se weromfine op de foto's fan posters hjirûnder, en op de oanfoljende ynformaasje (Klik op dokuminten). De iene tiidsperioade mei in soad siden, de oare wat koarter. It jout in soad ynformaasje oer de spilers en de minsken deromhinne.
De toanielploech hie net folle geheimen foar it doarp. It jierlikse útsje waard bygelyks mei ferve nei foaren brocht yn de doarpskrante. Dat jilde ek foar de útslaggen fan de " karkommisje ". Yn de 90 - er jierren skoorde de feriening meardere kearen tige heech. Mar der siet ek wolris in dip bij of minder goede resinsje. Dêrnei waard besletten net mear diel te nimmen oan de " kompetysje ". Meardere spilers fielden har der net senang by. It gie foaral om ûntwongen diel te nimmen, wêrby 't it aktearjen foar de doarpsútfieringen sintraal stie.
Yn 2013/2014 sette ek it jeugdtoaniel mei eigen foarstellingen útein. De oansluting fan jonge spilers op de seniorklup koe dêrtroch soepeler ferrinne. In tal spilers ferleine de grinzen troch ek diel te nimmen oan oare foarstellingen en stikken yn de doarpen út de wide omkriten. En ek leveren de spilers fan Fuort Mar Los graach in bydrage oan jubileumfoarstellingen fan oare ferienings út it doarp b.v.: De muziekvereniging; De keatsferiening en de Oranjevereniging. By de kulturele aktiviteiten fan de Slachte maraton wie Fuort Mar Los fansels presint.
Colofon
Argyf Fuort Mar Los
© Tekst: Berend Santema - © Foto voorblad: Fuort Mar Los

©: Fuort Mar Los
Net te beteljen sa'n leadjitter
Sa fêst as in hûs
Ek foar in Skriller is Fuort Mar Los net benaud
It gong der om wei yn't sikenhûs....
Trije ienakters op ien jûn.
Op de camping, mar dan wol op de planken
In hilarysk blijspul
Twa, mei dreech aktearwurk!
Bij it 115 jierrich bestean fan de keatsferiening is de musical Kening op sokken opfierd. In protte Eastereinder spilers diene der oan mei.
In absolute topper, mar net opfierd! Karin krige ûngemak mei de fyts, en de wike dernei foel de Corona der yn.
Jubileum 25 jier; Elts dy't leafhawwer is fan aktearjen kin der oan meidwaan