Toanielferiening 1

Toanielferiening 1
©: Argyf Fuort Mar Los

FUORT MAR LOS

De toanielferiening is ûntstien út in inisjatyf fan Doarpsbelang 'Hald Faesje'.

Op 6 september 1977 organisearje mefrou C. Houtsma-De Bruin en mefrou G. Vellinga-Posthumus as bestjoersleden fan de feriening fan doarpsbelangen in gearkomste. Foar dizze jûn binne in tal minsken útnoege fan wa' t bekind is dat hja leafhawwers binne fan toaniel en toanielspyljen.

Op dizze jûn wurdt besletten om in toanielferiening op te rjochtsjen. Ut de oanwêzigen wurdt dalik in bestjoer gearstald. De funksjes wurde sa ferdield:

Foarsitter: Gerrit Langerak

Twadde foarsitter: Vronie Bremer

Skriuwster: Ymie Santema

Ponghaldster: Akke Westerhof

Algemien Adjunkt: Roel Hoekstra

Foar algemiene rie is mefrou Spannenburg út Rien oanwêzich.

Ek de namme wurdt dizze jûn betocht. Under de namme 'Fuort mar los', sil it wêze en der wurdt besletten om dizze namme dalik yn praktyk te bringen.

Us Gebou wurdt it plak om te oefenjen en al twa wike nei de dei fan oprjochtsjen kriget de feriening de fraach fan de Oranjeferiening om op Keninginnedei in stik te spyljen. Frou Joustra wurdt ynstekster en frou Spannenburg regisearret.

Fanôf oktober wurdt der al oefene. It stik dat yn 't earstoan ynstudearre wurdt, moat oergean, omt de haadrolspiler, S. Arema fanwegen omstannichheden net meispylje kin. It stik dat hjirfoar yn ’t plak komt, 'In keardel út ien stik', wurdt in grut súkses.

Op ’e jiergearkomste fan 1978 kriget de foarsitter in echte foarsittershammer fan mefrou Spannenburg. Vronie Bremer moat ophalde, sy kriget wurk yn Frjentsjer. Spilers binne Gerrit Langerak, Akke Westerhof, Roel Hoekstra, Hanny van der Heide, Nanny Orsel, Petra Rienstra, Ymie Santema, Tineke Overal, Bouke Overal, Klaas de Jager, Germ Stilma en Auke Dijkstra. It stik dat spile wurdt, hyt 'Lok wat jowste’.

Stikken

Tenei wurdt alle jierren in nij stik op priemmen set en omtrint altyd foar in folle seal mei doarpsgenoaten spile. Yn 1979 wurdt it stik mei de namme 'Oer en tefolle' spile. Oare stikken dy't yn 'e jierren derop spile waarden, binne:

'De heidepyk', 'Tizeboel, ' Wa’t A seit', 'Wikels op 'e dowetille', Froulju op sicht', 'Dokkumer kofje', 'Bern op 'e noed', 'Wy sliepe apart', In mercedes mei trekheak', 'Foar in frou op 'e rin', en ' Sa hat it sitten'.

Yn 1980/1981 binne twa stikken spile. Yn 'e hjerst in stik foar de sjuery (de 'kar- kommisje') fan it toanielbûn en yn ’e maitiid op Keninginnedei. Soks is net folle jierren sa west. Twa stikken wie foar de spilers tefolle hea op ’e foarke. Wol waard njonken in stik noch wolris in ienaktei' spile.

Op 30 april 1989 wurde der mar leafst 3 ienakters spile; Prei en prestaasje', 'De skriuwer fan it doarpsbelang' en ' De koartkoppen'. De stikken hawwe meastal koartswyl as ynslach, mei de iene kear wat in djippere achtergrun as de oare.

Spilers

Der is wol in fêste kearn oan spilers, mar dêrnjonken spylje ek gauris oaren mei. Njonken de spilers fan it earste oere spylje de folgjende persoanen in rol. Guon fan har sitte langer of koarter ek yn it bestjoer. Oaren spylje mar ien as in inkelde kear mei.

Carla Dijkstra, Rigt Bergsma, Afke Terpstra, Tina Groen, Klaas de Jager, Klaasje van der Heide, Lolke Okkema, Tjerk Okkema, Halbe Overal, Jan Orsel, Jan Heeres, Theo Jelsma, Hindrik Kuiper, Fedde Wiersma, Mattie van der Meulen, Teakje Kuiper, Siebe Feenstra, Guus Zijlstra, Stoffel Bouma, Afke Algra, Joop Kloosterman, Jacob Kooistra, Sietske Gerlofsma, Greetje de Ruiter. Sjoerd Zijlstra, Nynke Schaap, Lys Sandstra, Yme van der Valk, Fokje van der Veen, Baukje Overal, Rienk van der Valk, Cees Witteveen, Berend Santema, Corrie Dijkstra, Geeske Sandstra en Ria Kingma. It ferrin fan spilers hat te dwaan mei rolferdieling, ferhuzjen, (privee-)drokten, ensfh. Soms binne spylsters yn ferwachting, of rekket in spiler syn stim kwyt. Ien kear komt Bauke Overal raar te fallen by it opbouwen fan it toaniel. Hy rekket yn it sikehûs en de útfiering wurdt ôflast...

Ynsteksters en regy

De earste ynstekster is mefrou T. Joustra. Mefrou Spannenburg fan Rien hat de regy. Yn 1980 haldt de lêste der mei op. Sietse Postmus nimt it fan har oer. Dizze bliuwt it oant 1987, dan folget Simen Fopma fan Hylaard him op, dy't it yn 1990 oer- draacht oan Wigle Ruiter út Ljouwert. In jier letter wurdt Bouke Overal spullieder.

It ynstekken is de earste jierren yn 'e betroude hannen fan frou T. Joustra. As dizze der yn 1990 mei ophaldt, wurdt Corry Dijkstra de nije ynstekster. Om't de léste in jier letter wer meispilet, nimt frou Joustra har plak wer yn. Letter nimt Gryt Orsel dit fan har oer.

Spyljen

Yn 1989 nimt it bestjoer it beslút net mear op Keninginnedei te spyljen. De Oranjeferiening, dy't dizze jûn organisearret, sil oars omsjen moatte. Der wurdt tenei op in eigen toanieljûn spile. De earste kear is dit op 20 jannewaris 1990.

Yn 1991 wurdt nochris wer foar de Karkommisje spile. It resultaat is dat de oergong makke wurdt fan de tredde nei de twadde klasse. In teken dat de spilers der wol wat fan kinne.

It tal besikers, de kwaliteit en de ynset fan de spilers hawwe sjen litten, dat de feriening ek yn 'e takomst noch genóch besteansrjocht hat.

Colofon

Boek Easterein, tekst Klaas Kooistra

© Tekst: Klaas Kooistra origineel frysk, Nederlands: Oersethelp © Foto voorblad: Argyf Fuort Mar Los

Relatearre ynformaasje


Finsters