Stittenserleane


Stittenserleane
©: Jan Hiemstra

Tusken 1860 - 1872 wie ds W.J. Becking dûmny yn Easterein. Sy wiene de earste bewenners fan de yn 1861 nij boude pastorij oan de Tsjerkeborren 1. Oan de efterkant fan de pastorij stie in weinhok en dat betsjutte en it kin net oars dat der in brêge oer de feart wie. En dan kin it wer net oars dat der in reed oanlein is nei wat no de Sibadawei is. Dy reed is ek trochlutsen nei wat no Stittenserleane 27 is, de wenbuorkerij oan de ein fan de reed. Dizze pleats is yn 1844 troch Ate Klazes Wiersma bouwe litten. Nei de pleats wie allinne mar in paad lâns de pleats dy `t oan Sibadawei xx leit. No troude in dochter van ds. Becking (Elisabeth) mei in soan fan Ate Klazes en dat sil grif in fername reden west ha om de reed ek nei dy pleats troch te lûken.

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’sDokuminten



  • Disclaimer