Sporthal ‘De Greidhoeke’
De iepening fan de gemeentlike sporthal ‘De Greidhoeke’ fûn plak op freed 7 oktober 1977 en waard ferrjochte troch deputearre drs. L. Hilarides. It muzykkorps Wilhelmina ûnthelle de útnoege minsken op it sporthalterrein. Boargemaster Abma, Hilarides en de foarsitter fan de sporthalkommisje Gerrit Minkema fierden it wurd.
Der waarden demonstraasjes jûn fan gymnastyk, kuorbal en follybal. Ik korps spile yn de sporthal in spesjale sporthalmars, dy’t foar dit barren komponearre waard troch Johannes de Haan.
De Haan krige hjirfoar út hannen fan de foarsitter Minkema in tal plakletters dy’t mei-inoar syn namme foarmen. De Haan koe no sels in fêst plakje op de tribune yn de hal opsykje, dêr’t er de letters opplakke koe.
It direkte behear kaam yn hannen fan Tinus Hoekstra, dy’t beneamd waard út 63 sollisitanten. Titus en Richt Bergsma nimme it behear fan de kantine op sich.
Colofon
Tekst Klaas Kooistra, Boek Easterein