It Smidslân leit oan de eastkant fan Easterein. It bestemmingsplan is bouryp makke yn 1975. In pear jier letter binne alle húzen boud en bewenne. It is net dúdlik wer`t de namme wei komt. Der binne ferhalen dat de grûn earder fan in Eastereinder smit west hat. Bewize kinne we dit net.