Smidslân
It Smidslân telt 13 adressen. By it ûntwerp fan dit plan binne der in flink tal twa ûnder ien kap wenningen yn tekene. Guon lizze moai oan'e Wynserfeart mei frij útsjoch oer it lân. By it yn kaart bringen fan de bewenners op de adressen docht bliken dat der noch in behoarlik oantal fan de earste bewenners wenje. It jout oan dat it der noflik wenjen is. Mei de Koaifinne foarmet it Smidslân in buert. De meiwurking om de adressen yn kaart te bringen is te tankjen oan buertgenoat fan de earste oere, Folkje Visser. Mei tank oan alle minsken dy't de ynput levere hawwe.
De foto lit sjen hoe't it kuierpaad achter it Smidslân en Koaifinne del rint.