Skrok 8


Skrok 8
©: Jetske Santema

De " Pastorie boerderij "

Yn 1881 is de hjoeddeistige stjelp pleats boud. De histoarje fan de buorkerijlokaasje is folle âlder. De pleats is ien fan de âldste besittingen fan de tsjerke fan Easterein, Yn de tsjerklike boeken yn 1453 komt dat nei foaren, as der in skeel is tusken de pastoar Taka (Teake) en it Kolleezje fan Kerkvoogden.
It hat te krijen mei in skinking dy 't fan " Dotte thoe Stittens " oan de tsjerke dwaan wol.
As betingst stelt Dotte dat it lân fan 'e pastoar by dat fan har foege wurdt. De pastoar woe kompensearre wurde en krige lân op it Skrok tawiisd. Dit lân wurdt " pastoralia " neamd.
De pleats en it lân hawwe by in soad hierders yn gebrûk west. De dûmny ferhierde hieltyd sels it lân. En die dat ek oan minsken út Wommels. It rjocht fan paad dat by de pleats hearde, rûn nei de Wommelserwei. Der is altyd buorke op dit plak. De pleats is in pear kear  opnij boud. De foargonger fan dizze stjelppleats wie in kop-hals-romp. Mei de nijbou is der noch in molkkelder boud, oan de foarkant fan de pleats. Koart dêrnei kamen de molkfabriken en waard der gjin bûter mear makke op de pleatsen.


Bewenners:

Sjirk Wiebrens Joustra (* 1819 te Easterein) troud yn 1840 mei Trijntje Elzinga (* 1819 yn Wurdum) Trijntje wie tsjinstfaam en om it besit feilich te stellen is der op houliksbetingsten troud. Yn it boek fan Easterein stiet beskreaun dat by oerlevering ferteld is dat Sjirk twa kear de feepest yn syn feesteapel hân hat. En dêrnei earm wurden is.
Wat miskien ek meispile hat, is dat hij him yn 1888 oansleat by de nij op te rjochtsjen Grifformearde gemeente. Mar om te buorkjen op it eigendom fan de (Herfoarme) tsjerke wie wol in lidmaatskip fan dy tsjerke nedich!
Net ien fan de seis bern dy 't se krigen is boer wurden.
Gerrit berne yn 1847 is skipper wurden en spitigernôch op 40 jier ferstoarn.


Gerlof Dijkstra (* 1885 yn Wommels) troud yn 1912 mei Johanna Gerrits Heech (* 1891 te Kûbaard) It echtpear gie op Kie wenje ûnder Frjentsjer en krigen dêr harren earste trije soannen, Jan, Gerrit, en Johannes.
Op it Skrok dêr 't se yn 1918 kamen te wenjen krigen se nochris trije bern, Grietje, Anke en Sipke.
De heit fan Gerlof, Jan Dirks Dijkstra (* 1849) giet mei nei it Skrok. Gerlof en Johanna hawwe goed buorke. De âldste soan Jan en de jongste soan Sipke bliuwe boeren op Skrok 8.
Harren soan Gerrit krijt in pleats flak by Itens. Foar elk fan de twa dochters Griet en Anke, hat Gerlof Dijkstra in hûs bouwe litten. In twa ûnder ien kap, Skoallestjitte 54 en 56. Dy binne boud yn 1952.

Jan Dijkstra (* 1913 te Kie) troud yn 1949 mei Jilkjen Zaadstra (* 1923 te Hennaard) Se krije in eigen plakje op de wenboat dy 't foar de pleats komt te  lizzen.
Harren soan Gerlof (* 1953) is berne op de boat.
De wenboat waard ferkocht op it momint dat de Tille (brêge) fernijd waard nei in fêste brêge.
Dêr paste gjin arke mear ûndertroch. Der waard besletten om de pleats te ferbouwen sadat elts gesin in plakje hie.

Sipke Dijkstra (* 1928) troude mei Hitsje de Boer.
Sy krigen 5 bern. Oant 1968 wenje der trije húshâldingen op de pleats.
Doe ferhuzen Gerlof en syn frou Johanna nei de Wynserdyk 31.
Spitigernôch stoar Jan Dijkstra yn 1970, dêrnei buorke Sipke der fierder allinnich.
Oant er yn 1992 de hier opsei.
Noch even in oar feit: oant 1960 wie der gjin elektrysk en ek gjin wetterlieding. Skrok stie oanmurken as in super ûnrendabel gebiet.
Njonken de melkfeehâlderij wiene de Dijkstra's ek feefokkers. Dat levere ek in kampioen bolle op.


Willem en Janneke Postma keapje yn 1992 de buorkerij mei in pear kavels lân.
De oare perselen wurde ferhierd oan oare "tsjerkeboeren".
De nije eigeners begjinne in geitehâlderij. Earst yn 'e pleats, letter is der in skuorre byboud.
Spitigernôch kaam der in sykte yn de geiten en is alles ferkocht. De Postsma ' 's giene nei Denemarken.


Dan komme Thymen Dijkstra en Thalitha Jagersma komme op de pleats te wenjen.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s

1991
Der wurdt opromme. De pleats giet oer yn oare hannen. Gelf Dijkstra hat noch fot

Disclaimer

Brêge oer de Sebeare feart

Disclaimer

De achterkant

Disclaimer

De arke
Dizze ark wie it ûnderkommen fan de âldste soan Jan Dijkstra en syn frou Jilkj

Disclaimer

De ark
Om yn de arke te kommen is der in moai brechje foar de arke makke.

Disclaimer

De ark foar de pleats

Disclaimer

De pleats yn 1991
Sipke Dijkstra wie hjir noch boer.

Disclaimer

De kij stean op stâl
Frysk De sturten sitte fêst oan linen. Sa wurdt foarkaam dat se yn de groppe hi

Disclaimer

De melkstâl

Disclaimer

Famylje portret 1953
Jan Dijkstra mei syn frou Jilkje Zaadstra en harren earst berne soan. Gerlof fer

Disclaimer

Famylje portret 1965
v.l.n.r. Gerlof, Piet en Wopkje. Op 'e eftergrûn de pleats Sion.

Disclaimer

Gerlof Dijkstra 1963
Der is in loads kocht yn de N.O.P en dêr wurdt in molkstâl fan makke. De funde

Disclaimer

Hinkes Adema
De bolle is keurd yn de Frieslandhal, wurdt kampioen en is ferkocht oan de K.I.

Disclaimer

Yn de melkstâl
Sipke stiet by de melktank.

Disclaimer

Jan en Jilkje foar de wenboat

Disclaimer

Luchtfoto fan rûn 1954
De pleats fanút de loft. Rjochts op 'e foto de wenark fan Jan en Jilkje. It wie

Disclaimer

Noch efkes achter de kij del
De flier wurdt noch efkes skjinfage yn de groppe.

Disclaimer

Plattegrûn
Rjochts is de pleats Sion, en links is Roordemastate, Skrok 8.

Disclaimer

Skrok 8
Rjochts van de pleats Skrok 8, de beplanting te sjen fan de ôfbrutsen pleats Sk

Disclaimer

Skrok 8
Dizze foto datearret fan 2023, der rint in betonnen paad nei de pleats ta.

Disclaimer

Skrok 8
2023, de foarkant fan de pleats, in brede pleats. Mar mei trije gesinnen en acht

Disclaimer

Skrok 8 yn 2023

Disclaimer