Skilplein
It part fan it doarp oan de eastkant fan de tsjerke (Skilplein, in part fan `t Heechhiem, de ferbining tusken Skilplein en De Streek) waard eartiids de `Achterbuorren` neamd. Dit yn tsjinstelling ta de Foarbuorren oan de westkant fan de tsjerke. It Skilplein wie it sintrale punt fan dy Achterbuorren. Om `t de skoallen jierrenlang om it Skilplein stiene, waard de namme Skoalplein ek faak brûkt. It Skilplein hie as boaiumbedekking skil en dat wie fynmakke skulpen. Letter waard der ek wol grint brûkt en noch wer letter (plm 1952) is it plein yn `e mande mei de Skippersbuorren fluorre.
© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
De hûnekarre rjochtsfoar. De famkes mei skelken oan steane midden op it plein moai posearre.
Disclaimer
It gebou is no al gjin beukerskoalle mear. It is oarspronkelik setten as iepenbiere skoalle. Dêrnei is der in winkel, in ferieningsgebou, in beukerskoalle, in printerij, in winkel, in molkopslach en
Disclaimer
Foto makke yn 2022
Disclaimer
No de yngong fan 't Kniplokaaltsje. Eartiids fan de beukerskoalle.
Disclaimer
Dit wie it wurkplak yn 1902 fan Frans Hibma. De hege doarren wiene nedich om de rydtugen nei binnen te riden. Dêr waarden se beskildere. De ruten yn de doarren mar ek yn de top gevel binne bysûnder
Disclaimer
Dizze wurkpleats heart by Tsjerkebuorren 25. It is moai om te sjen dat, it foar it grutste part houten gebou, nei 120 jier noch altyd yn goede steat is. Bysûnder binne de foarm fan de ruten yn de do
Disclaimer
Oan it begjin fan 1900 wennen hjir Jetze D. Sandstra (1882-1930) mei syn frou Aafke Reitsma (1882- 1969). Sandstra wie kaptein fan de stoomboat 'Onderneming III'en hie in beurttsjinst op Ljouwert en S
Disclaimer
Sa lei it skoalhûsyn 1940 ferburgen tusken de linebeammen. Oan wearskanten fan de ruten hingje de sinneblinen.
Disclaimer
Op it plak fan de skoalle is in dûbbele wente kommen, mei as dakbedekking de pannen fan de eardere skoalle. It skoalhûs is net mear de wenning fan de boppemaster en de beammen binne kappe.
Disclaimer
Op it plak dêr 't dizze wenning stiet stiene yn 1870 twa wenningen. Yn ien dêrfan wennen Gerke Vollema (1845 -1911) en Sipkje Bijlsma (1850 - 1929) en sy hiene in lyts winkeltsje. Achter de wenninge
Disclaimer
Skilplein 31 Prachtich ornamint yn de nok fan it skoalmasterhûs.
Disclaimer
Rûn 1850, wennen hjir Dooitzen van der Zee (1819- 1907) mei syn frou Baukjen Slippens (1827-1910). Van der Zee wie kûper fan berop. Syn soan Sjoerd van de Zee (1861), troud mei Piertje van der Hoff
Disclaimer
Yn 1870 wenne hjir widdofrou Richtje Bosma- van der Schaaf (1807-1890) Har soan Harmen Bosma (1814- 1890) troud mei Martje Brouwer (1824-1899) kamen hjir yn 1881 te wenjen.
Disclaimer
Yn 1906 waarden twa wenningen ûnder ien tek boud. 'In de Steeg bij de oostelijke kerkdeur' (út oantekens fan in tsjerkfâdijgearkomste út 1905). De earste bewenners wienen; Homme Joustra (*1912) e
Disclaimer
Dizze foto komt út it boek fan Easterein. It hûs wie earder wenhûs, hat in skoftke tsjinst dien as aula en is letter wer wenhûs wurden. It hûs is itselde bleaun, allinnich yn 1995 wie der boppe d
Disclaimer
It hús is boud rûn 1868. Hjir wenne yn 1870 ferver Hotze G. Koster (1804-1871) en syn frou Sijtske Menzo's Terpstra ( 1812-1891). De saak is nei syn dea oergien nei syn soannen, Gerrit ( 1833- 1891)
Disclaimer
Dit gebou waard earder brûkt as skilderswinkel, troch Hotze G. Koster. Dy wenne op Skilplein 11. Letter waard it kocht troch bakker Dantuma as bakkerswinkel. It heart no noch hieltyd by it hûs nûme
Disclaimer
Yn dit pân sit jierrenlang in bakkerij. It is prachtich dat de oerbliuwsels noch boppe de prachtige doar bewarre bleaun binne. Yn it boek fan Easterein stiet dat de earste (Bokke) Dantuma bakker wie
Disclaimer
Dit hûs is ien fan de âldste huzen yn Easterein. It stie al om 1830 hinne. Jan Sierks de Boer (1817 - 1877) hie der in winkeltsje. Yn 1886 waard it kocht troch Albert Algera (1860 -) dy 't der in sl
Disclaimer
De legere skoalle tusken 1882 en 1 jannearis 1954. Ruten op it noarden; fjouwer lokalen en in giel stiennen paadsje (strjitsje) der foar lâns en foar de ruten fan it lokaal rjochts in pisbak foar m
Disclaimer
De skoalle waard in pakhûs fan de 'gebr. Vellinga' en yn july 1982 waard der begongen mei de ôfbraak. De kontoeren fan de eardere waranda binne noch goed op de 'lange' muorre te sjen.
Disclaimer
Skilplein 27 en 29. Dizze huzen binne op it plak boud dêr 't earder de âlde skoalle stie. Yn de perioade dat de doarpsfernijing plakfûn, binne ek dizze huzen boud.
Disclaimer
2008 It Skilplein fanút steechje fan't tsjerhof. Hjir wenje jierrenlang bakker Dantuma, dy 't yn de jierren foar de oarloch (1940- 1945) al in hiele moderne bakkerij hie. No links noch te sjen troch
Disclaimer
Sa koene je yn 2008, no lâns de huzen der 't eartiid de skoalle stie, fan it Skilplein nei 't Heechhiem ta gean. Links de âlde skoalle.
Disclaimer
Skoalhûs mei skoalle 2000. Tusken 1870 - 1892 wie dit de kristlike skoalle (rjochts) mei it hûs der 't it haad ynwenne (links). It skoalhûs is ferboud ta twa wenten (en letter wer ien). Ek yn de oa
Disclaimer
Skoalhûs mei skoalle. Dizze foto is makke yn 2022. Rjochts de skoalle. Der is in serre foar boud.
Disclaimer
De skoalle is ôfbrutsen, it brechtje oan de ein fan it paad ferdwûn, mar it paadsje is bleaun.
Disclaimer
In gebou dat as naaiskoalle delset is, is ek as legere skoalle brûkt. It is yn Easterein foaral bekind wurde as de Ald Skoalle en nei de ferbouwing ein '50-jierren as Us Gebou. Links gongen je oarspr
Disclaimer
Sa komme je fan it Skilplein nei De Streek. It blokje fan 'acht' is dan in winkel mei wenhûs wurden en de doar fan de oarspronkelike yngong fan de âld Skoalle is dúdlik te sjen.
Disclaimer
Tsjin de skoalle ha wy de waranda der 't de lytsere bern ûnder boarten. De waranda hie hiele moaie steunpeallen. Op it skoalplein stiet in grutte 'Amerikaan' mei links Ysbrand en rjochts Winfried Kor
Disclaimer
Oersichtsfoto út 1955. It Skilplein wurdt brûkt as parkearplak; doe 't de skoalle der noch stie wie it it skoalplein; oarsronkelik mei skil en letter mei grint der op.Oan de kopskant geane je links
Disclaimer
De húzen binne net bot feroare.
Disclaimer
No wurdt it Skilplein brûkt as parkearplak; doe 't de skoalle der noch stie wie it it skoalplein; oarsronkelik mei skil en letter mei grint der op.Oan de kopskant geane je linksôf nei it paad om de
Disclaimer
Troch dit nauwe steechje kamen je fan it skoalplein by de tsjerke. It hûs rjochts (mei in wenning oan de foar- en oan de efterkant) jout noch de sitewaasje fan foar de nijbou oan.
Disclaimer
Troch dit nauwe steechje kamen je fan it skoalplein by de tsjerke. It hûs rjochts jout de sitewaasje fan nei de nijbou oan op de Tsjerkebuorren.
Disclaimer
De feranda fan de skoalle op it Skilplein hie prachtige bewurke peallen. Bij de ôfbraak fan de skoalle is foarkaam dat se ferdwûn binne. Doarpsbelang hat der foar soarge dat se bewarre binne en úte
Disclaimer