Skilplein


Skilplein
©: Jan Hiemstra

It part fan it doarp oan de eastkant fan de tsjerke (Skilplein, in part fan `t Heechhiem, de ferbining tusken Skilplein en De Streek) waard eartiids de `Achterbuorren` neamd. Dit yn tsjinstelling ta de Foarbuorren oan de westkant fan de tsjerke. It Skilplein wie it sintrale punt fan dy Achterbuorren. Om `t de skoallen jierrenlang om it Skilplein stiene, waard de namme Skoalplein ek faak brûkt. It Skilplein hie as boaiumbedekking skil en dat wie fynmakke skulpen. Letter waard der ek wol grint brûkt en noch wer letter (plm 1952) is it plein yn `e mande mei de Skippersbuorren fluorre. 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s