Sacristy: Boppeseal en souder
Gearkomsteseal
Mei de lange trep omheech passearje wy de doar rjochting de kreake. In pear stappen fierder komme jo yn in keamer mei in folslein oare sfear as dy hjirûnder. Sûnt de restauraasje wurdt dizze romte brûkt foar de bernetsjinst op snein, en troch de wike foar allerhande gearkomsten. Spitigernôch kinne wy net mear útfine oft dizze flier der altyd west hat. Mar der moat ek earne plak west hawwe foar de koarknapen om sich te ferklaaien.
Elk kapittel hie in eigen koar fan in pear mannen en "Georaalkens", sa't se de koarknapen neamden. Oant harren sechtjinde hâlde se har sopraan- of altstim, dêrnei krigen se de burd yn 'e kiel. Se songen wierskynlik yn it lekenpart rjochting Jeruzalem (east), dêr kaam ommers it heil wei.
Yn dizze romte sitte seis finsters, wierskynlik fanôf it begjin foar de nedige fentilaasje en ljocht. It is bekend dat de ruten foar in ûnbekende perioade ticht wiene. Dat hie nei alle gedachten te krijen mei it feit dat de sakristy lange tiid brûkt waard as skoalle en letter as kosterwenning.
De souder
De souder fan de sakristy is tradisjoneel brûkt as opslachromte. De midsiuwske dakkonstruksje is dúdlik te sjen mei houten pinnen. Yn it ferline waarden alle gebouwen fan binnen út fentilearre. Ticht fan bûten en iepen fan binnen. It dak waard der as in beskut gehiel oerhinne pleatst. Tsjintwurdich wurde huzen goed isolearre en wurde de pannen der los op lein. Slúten fan binnen en iepen fan bûten.
As de souder no fan binnen isolearre wurde soe, wie de dakkonstruksje nei in pear desennia folslein ferrotte. It gefolch fan d eardere konstruksje is dat by stowe snie in flink part fan de flier mei in wite laach bedekt wurdt. Op in simmerdei kin de temperatuer sa heech oprinne dat it in sauna is.
Colofon
Boek geschiedenis kerk Easterein