N.C.V.B. / Passage Jubileum


N.C.V.B. / Passage Jubileum
©: Jetske Santema

Passaazje

De feriening komt elk winterseizoen byinoar. Fan septimber oant en mei april binne der aktiviteiten. Earst is der de gebrûklike ynlieding, mei notulen ensfh. Dêrnei is der in programma. Dat is tige fariearre docht bliken út de programma boekjes. Der binne sprekkers dy 't oer ferskate ûnderwerpen wat fertelle.

Yn april is der as ôfsluting in reiske. Dêrfoar is in " reiskekommisje ". Yn it simmerskoft wurdt der tegearre op woansdeitemiddei fytst en ek it mei-inoar efkes  oanstekken is gesellich.

Doelstelling lanlike Passaazje

By Passage prate wy, út in kristlike libbensfyzje wei, oer maatskiplike ûntwikkelings en (ynter)nasjonale fraachstikken dy 't wy wichtich fine en dy 't aktueel binne. As frouljusorganisaasje lette wy dêrby foaral op de partisipaasje en de posysje fan froulju.

50 jier (verslag)

Ofdieling Passage Easterein fierde 24 septimber har 50 - jierrich bestean. Wy hawwe dit feestlik fierd. Middeis om healwei fjouweren begûn it feest yn de troch  kreative leden prachtich fersierde seal fan “ Us Gebou ”. Wat in prachtige blomstikken. Hast alle leden, ek âld-leden, wiene oanwêzich; en ek de presidinte fan de ôfdieling Fryslân, frou Ansje Veldstra en de rayonfertsjintwurdichster frou Corry van der Zee. Allegearre krigen in korsaazje opspjelde. Us presidinte, Tiene Bonnema, hja hie middeis de lieding, sy hie in moai oersjoch skreaun oer de ôfrûne fyftich jier en lies dit foar. Oan 15 leden, dy 't 25 jier of langer lid fan Passage-Easterein (eartiids NCVB) west hiene, waard in oarkonde mei in roas útrikt. Twa leden út de begjin perioade, frou de Vries-Hes en frou Okkema-Wybrandi wiene ek oanwêzich. Earstneamde memorearre noch in pear anekdoaten út dy tiid. Alle oanwêzigen waarden goed foarsjoen fan drankjes en hapkes. Ien fan ús leden fersoarge de muzikale omlinsting mei pianospul. Om healwei seizen stie foar alle oanwêzigen in hearlik miel klear. Wy hawwe derfan genoaten. As ôfsluting waard it bûnsliet songen. Jûns folge it feestlik part, fersoarge troch de Fryske skriuwster-kabaretiêre Riek Landman, dy 't ús op humoristyske wize fermakke mei guon sketches, omlist troch akkordeon - en fluitspul fan it duo Venema (heit en dochter). Ek ha we in soad tegearre songen. As lêste fan it feest songen wy mei-inoar It Aldershûs. Elkenien wie it der oer iens dat it in noflike feestlike dei wie. Ofdieling Easterein te Easterein kin op in tige slagge feest weromsjen.

Colofon

N.C.V.B / Passage

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s

Oanwezigen
f.l.n.r Greet de Boer, Annie Kingma, Bruintje Hofstee, Jellie Jelsma, Djoke Dijk

Disclaimer
Oanwezigen
f.l.n.r. Aly v.d. Heide, Hiekje Meijer, Carla Loots, Janke Twijnstra, Gatske Hie

Disclaimer
Oanwezigen
f.l.n.r. Y. v.d. Brug, F. Strikwerda, Wiep Stilma, J. Okkema, Betsy v.d.Heide

Disclaimer
Blomstikken meitsje foar it feest
f.l.n.r. Jellie Jelsma, Geeske Arema, Lies Vellinga, Seeske Stilma

Disclaimer
Brief fan de Boargemaster
Littenseradiel

Disclaimer
Gesellich kofje drinke
Yn 'Us Gebou'

Disclaimer
It iten wurdt delset
André Vink, de behearder fan Us Gebou makket it buffet klear.

Disclaimer
It is safier
f.l.n.r. Ypie de Jager, Em Nauta, Goos v.d. Laan- Siebma, Tine Bonnema (presidin

Disclaimer
It tegearre iten
f.l.n.r. Seeske Stilma, Gerry de Boer, Boukje Bruinsma, Yttje Haagsma, Lies Vell

Disclaimer
Hulde oan de jubilaris
Frou Antje Veldstra, foarsitter Passage provincie Fryslân, rikt mei Geartsje Ha

Disclaimer
Mear froulje krije oarkondes
f.l.n.r: Y. v.d.Brug- Koopmans 45 jier, Lies Vellinga- de Schiffart 45 jier, Mi

Disclaimer
Muzyk
Goos v.d. Laan- Siebma

Disclaimer
Oarkondes
f.l.n.r. Tietsje Zijlstra- Wijngaarden 30 jier Pytsje Bouma- de Vries 30 jier, Y

Disclaimer
Programma
In oersicht fan de aktiviteiten

Disclaimer
Presidinte
Tine Bonnema sprekt de minsken ta

Disclaimer
Presidinte
Geartsje Haitsma oan it wurdt

Disclaimer
Programma
In oersicht fan de aktiviteiten

Disclaimer
Programma boekje 2018
De Passage bestiet 65 jier

Disclaimer
Ut blêd Passage

Disclaimer
Siz it mei blommen
f,l.n.r. Em Nauta, Coba Stremler, Geartsje Haitsma, Ypie de Jager, Froukje Osing

Disclaimer