Monumintale pastorytún


Monumintale pastorytún
©: Menno Landstra

In pear jier nei de bou fan de pastorij (1863) krige Gerrit Vlaskamp de opdracht fan de tsjerkfâden om in tún oan te lizzen om de pastorij hinne. Dat die er yn " lânskiplike styl ", itjinge yn dy tiid yn de moade wie. Gerrit Lambertus Vlaskamp (1834 -1906) hie as hovenier regionale bekendheid yn Noard-Nederlân en hat yn opdracht fan tsjerkfâden en tsjerkebestjoeren in soad pastorytunen oanlein.Mar in beheind oantal binne bewarre bleaun. Inkele pommeranten binne Vlaskamp yntusken begûn te sjen as in fergetten túnarsjitekt. Sûnt dy tiid binne de gelearden it der wol oer iens dat it in hovenier wie dy 't tunen oanlei yn de doe gongbere styl. Fan in ûntwikkeling yn styl yn syn lange wurksume perioade kin lykwols net praat wurde. Fan in echt " ûntwerp fan de tún" is dan ek gjin sprake. De pastorytún jildt as ien fan de bêst bewarre Vlaskamptuinen.

In soad fan de oarspronklike oanlis is noch oanwêzich: in kuiertún ' ter verpozing en het verzetten der zinnen ', in grientetún en in kamp foar de hynders. De kuiertún, omheind mei in brede feart, hat noch alle skaaimerken fan de lânskiplike styl: âlde slingerpaden, lytse hichteferskillen en solitêre beammen, ûnderwilens oardel iuw âld. De grientetún mei fruitsketten en histoarysk laaifruit, is ek omgrêfte.

De greide foar de hynders leit noardwestlik fan de pastorij. De tún is in ûnderwilens seldsum foarbyld fan de oarspronklike tsjerke-histoaryske situaasje, nammentlik de selsfoarsjennende posysje fan de pastorij, sawol yn rekreatyf opsicht as wat earste libbensbehoeften oanbelanget. Yn de ôfrûne 150 jier is der fansels in soad feroare yn de tún. Yn de begjinjierren wie der personiel yn tsjinst om de tún en it hûs te ûnderhâlden. Om't de ynset fan minsken djoerder waard, moast de dûmny sels ek oan de slach. Dat wie net foar elke dûmny in hobby.

As de pastorij ferkocht wurdt yn 2000, binne sawol it hûs en de tún oan ûnderhâld ta. Grutte parten fan de tún binne oerwoekere mei sniebes (Symphoricarpos albus) en mei opslach fan flear, es en esdoarn. De oergroeide druvekas bliek fol pún en ôffal te lizzen, op in inkelde nei wiene de slingerpaden yn ûnbrûk rekke. De op âlde foto’s noch oanwêzige blommeperken yn it gazon wiene ferdwûn yn it skaad fan de ûnderwilens ymposante Easterske plataan (Platanus orientalis ), in brune boek, walnoot (Juglans regia) en bûnte Noarske esdoorn (Acer platanoides ). Nei ynventarisaasje en in hoedene earste opskoanronde, blieken lykwols gâns paden en details noch oanwêzich. In betide skets fan de oarspronklike oanlis en de oarspronklike bestellist fan Gerrit Vlaskamp by beamkwekerij Bosgra joech genôch feitlike oanknopingspunten om de ôfrûne jierren stap op stap werom te bringen. De skulpepaden binne yn eare hersteld, de grêft opskjinne, en yn de druvenkas groeit wer in hearlike ‘ Glorie van Boskoop ’. De borders binne opnij ynplante, wêrby 't rekken hâlden is mei de soarten dy 't foar 1864 al yn kultuer wiene, en hjoeddeiske soarten sûnder it histoaryske karakter fan de tunen oan te taasten. Op it plak fan de ferdwûne Taxus baccata stiet yntusken wer in 80 jier âld eksimplaar.

Yn de maitiid bloeie fan febrewaris oant april tûzenen stinzeplanten: snieklokjes, crokussen winterakoniet, ensfh. Yn maaie folget de bloei fan de boompioenen en 70 soarten krúdachtige pioenen yn in lange border oan de noardkant fan de pastory. De kamp foar de hynders is in pear jier lyn oan de pastorij taheakke, it oarspronklike kompleks is sa wer ien gehiel. De pastorij, de tún, brêge en it koetshûs binne oanwiisd as ryksmonumint.

De nije eigener hat mei in soad leafde en ynset de tún yn eare wersteld.

Colofon

De bron: @pastorietuineasterein en met dank aan Menno Landstra voor het aanleveren van foto's.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Menno Landstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s