Meilahuzen 3


Meilahuzen 3
©: F.K. Reitsma

Groot Meilema is de namme fan it plak fan de pleats en har foargongers. Der is in lange skiednis oan dat plak ferbûn.


Yn it " Boerderijenboek Hennaarderadeel 1511 -1698 " fan D.J. van de Meer steane de stimkohieren (nr. 44 en nr. 45) beskreaun fan respektyflik de pleatsen Groot Meilahuis en Klein Meilahuis.
Van Groot Meilahuis (no Meilahuizen 3) is de skiednis fanôf 1494 beskreaun.
Troch splitsing is letter Klein Meilahuis ûntstien.
Yn it boek stiet dat " de sate waarop Pier Meylahuys in 1511 woonde in 1552 nog niet is gesplitst ". Dat blykt om 1599 oere hinne bard te wêzen en sa ûntstie Kleyn Meylema.
De namme Meilahuzen komt dus fan de famylje Meylema. 
As eigener wurdt, njonken Meylema, it Kleaster Thabor, en in tal Geestelijken neamd, wêrûnder pastoar hear Goffa en vicaris hear Douwa 1511 ).
Troch de rin fan de jierren is it ûnreplik guod nochal ris fan eigener wiksele.
It boek beneamt ek de opbringst c.q. de rinte, en fermeldet de prosedueres oer eigendom yn fererving.

Klein Meilahuis is om 1880 hinne ôfbrutsen en it lân is ferkocht.
De lêste bewenner fan de pleats wie Jan Jorrit Mellema (Meilema ). De namme is yn de rin fan de iuwen wat feroare. Dêrmei kaam der in ein oan it buorkjen op dizze pleats fan de Meilema's.

Grut Meilahûs wie earder in kop-hals-romp. Dy is boud yn 1870. Mei houtdatearring fan P. Borghaerts hat bliken dien, dat mei de ferbou fan de pleats yn 1935, de bynten behâlden binne. It foarhûs is ôfbrutsen en opnij opboud. It is yn 1935 in stelp pleats wurden.


Bewenners:

1. 1871 Rintje Sybrens Koldijk is hierder. Hy wenne op de nije kop-hals-romp.


2. It is ûnbekend wa 't nei him op de pleats wenne hawwe. Wol is yn it boek beskreaun dat it lân fan 1877 ôf yn besit kaam is fan twa famyljes, De Jager en Bonnema. Yn 1922 binne Oepke de Jager en Sjouke Pieters Bonnema de eigeners.


3. Pieter Jacobs Bonnema (* 1824) troud yn 1853 mei Marijke Hotzes Dijkstra (* 1833) Se krije 7 bern, Hotze, Jacob, Janke, Aaltje, Tietsje, Sjouke, Gerbrig.
Sjouke, de tredde soan folget harren op.


4. Sjouke Pieters Bonnema (* 1863) troud yn 1894 mei Korneliske Kuipers (* 1863) te Lutkewierrum. Se krije yn 1896 harren soan Piter, dêrnei noch Giltje, in famke. Spitigernôch Pieter stjert as er 7 jier âld is. Dan wurdt der noch in Piter berne yn 1905.

5. Pieter Sjoukes Bonnema (* 1905) troud yn 1929 mei Jantje Kingma (* 1895) yn Winsum. In jier letter krije se in libbenleas berne bern. Mear gegevens net bekend.

6. Jan Dijkstra fan Wommels, troud mei Corneliske (Corrie) Bonnema (*1935) Se krije twa bern, Tjeerd en Jantje.

7. Tjeerd Dijkstra mei syn frou Anita.

Colofon

Boek Easterein, Alle friezen.nl 

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: F.K. Reitsma
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s