jubilea


jubilea
©: Folkje Marijke Visser

1923 – 25 jierrich jubileum (dirigint dhr. J.M. Spitter)

It 25-jierrich jubileum Wilhelmina wurdt fierd op 23 july 1923 mei in konkoers yn ús doarp. Sitaat fan foarsitter Rienstra: ’It wie in grutte dei foar Easterein, ien sa’t wy nea earder belibbe hawwe’. Hokker priis it korps op dit konkoers yn de wacht sleepte is net bekend. It korps hie yn dhr. J.M. Spitter fan Ljouwert wol in bêste dirigint, sa stiet yn de oantekens.

1933 – 35 jierrich jubileum (dirigint dhr. W.H. Koet)

Wurdt fierd op 30 novimber 1933 yn de Grifformearde tsjerke te Easterein. Rients Rienstra is dan foarsitter, Tiede Ypma skriuwer en Hilbrand Rypma ponghâlder. Bakker Sijbe Dantuma hat in revue skrean. Der is in ‘geastige speech’ fan Johannes Santema en in taspraak fan master Nettinga, ien fan de oprjochters.

1938 – 40 jierrich jubileum (dirigint Sierd W. de Boer)

Jierferslach fan skriuwer Jelle Leeverink. (gjin melding fan feestlikheden) Wol dat der op 1 jannewaris 1938 in útfiering hâlden is. ‘Een mooi Program met medewerking fan de solisten T. Ypma, Johan Hobma en H. Rijpma, met begeleiding fan onze directeur en orgelsolo door Meester Cornelis’.

1948 – 50 jierrich jubileum (dirigint Sierd W. de Boer)

Wilhelmina organisearret in jubileumkonkoers op 11 en 12 augustus 1948. Risseltaat Wilhelmina: Marswedstriid 1ste priis 32 pnt. Grutte nûmer 117 pnt. 3de priis.

Sitaat skriuwer Jap Hofstra: >>>>‘Fûleindige klap foar grut diel fan de leden (….) De moed wie der neitiid folslein út’.

Betinkingsjûn 50-jierrich jubileum yn de ‘Gruttetsjerke’. Lyts bytsje publyk. Spekkers: Rients Rienstra, foarsitter; ds. W. Nijenhuis, Herf. dûmny; master K. Nettinga en Sikke Lanting (ien fan de oprjochters).

1958 – 60 jierrich jubileum (dirigint Sjerp Wijbenga) 

Wurdt fierd mei jubileumkonserten yn Easterein, Rien, Itens, Reahûs en Hidaard.

Der wurdt ter eare fan dit jubileum in Es-bas skonken troch it doarp oan it korps en in ‘soad sluven mei ynhâld’. Twadde deis jubileumfeest: optocht mei de bern. Jûns toanielstik: ‘Misrekken’ fan Barend van der Veen spile troch Toanielselskip “Nim it sa’t it is” út Rien.

1968 – 70 jierrich jubileum (dirigint Sjerp Wijbenga)

>>>>Op 1 october 1968 was het 70 jaar geleden dat onze vereniging werd opgericht. Deze datum is stil voorbijgegaan, maar achter de schermen werd wel gewerkt om deze dag te gedenken….’   (sitaat)                                         

It resultaat dêrfan wie in daverjende bazar ten bate fan it jubilearjende korps. Ek firma’s út hiel Nederlân droegen by oan dizze bazar. De opbringst waard bekend makke op it feest fan it 70-jierrich jubileum dat yn jannewaris (1974) hâlden waard mei in jubileumkonsert yn de Geref. Tsjerke. De tsjerke siet grôtfol mei genoadigden en belangstellenden. Tidens dit konsert waard de opbringst fan de bazar bekend makke. It einbedrach wie mar leafst fl. 3.292.61. 

Tidens dit konsert komme ferskate sprekkers oan ’t wurd û.o.:…..’de Burgemeester van onze gemeente; dhr. Lautenbach namens de Oude Bond; de heer H. Eringa, voorzitter van de Federatie Hennaarderadeel (hij sprak ook namens de buurkorpsen)…….’

Dhr. R.R. van der Valk en dhr. W. Santema wurde riddere  ‘als lid van verdienste voor 36 jaar actieve staat van dienst’. 

De lieding fan dizze feestjûn wie yn hannen fan dhr. Jaap Bosgra. Ek wie der hulde oan dhr. Joh. de Haan dy’t spesjaal foar dit jubileum in feestmars komponearre hie. 

1973 – 75 jierrich jubileum (dirigint Sjerp Wijbenga)

Op 15 en 16 novimber wurdt it 75-jierrich bestean mei twa feestjûnen fierd. Op de earste jûn wie der in konsert yn de Grifformearde tsjerke. Spile waard û.o. de ‘Irish Suite’ fan Boudijn, de ‘Geuzen in de Bomlerwaard’ van Van Lijnschoten. Ek waard der in nije mars útfierd, komponearre troch Johannes de Haan. Der wie noch gjin namme foar dizze nije mars. Elk koe nammen ynstjoere. It waard: ‘Energiemars’. Betinkster wie frou Ine Baarda. De priis? In oranjekoeke.

Nei it konsert wie der in resepsje yn Us Gebou. De seal wie fersierd mei slingers en âlde foto’s. Fierders waard der troch frou Lies Vellinga-Schukken en frou T. de Vries-Hes út namme fan it doarp in bedrach fan fl 3000.- oanbean.

By dit 75-jierrich jubileum is der spesjaal in reveu yn elkoar setten troch Folkje Visser en Marga de Jong. It bestie út sjongen en sprekkers, muzyk en sketskes út it “libben fan Wilhelmina”.Der waard útbylde hoe’t eartiids in repetysje ferrûn, hoe’t it blazen leard waard en it marsjearen. 

By ien fan de sketskes hearde it folgjende liet op de wize fan: Zou het erg zijn lieve opa, fan Vader Abraham.Songen troch foarsitter R.R. van der Valk as pake en 4 jongere leden as bern                                                                                                                   

>>>>Soe it slim wêze pake, as it korps der net mear wie….

>>>>Soe’t slim wêze pake as de muzyk der net mear wie

>>>>Soe’t slim wêze pake, as Easterein stil waard 

>>>>Soe’t slim wêze pake, as it korps der net mear wie

>>>> 

>>>>Ja, myn leave berntsjes, mar dat falt wol wat mei

>>>>Want ús korps Wilhelmina, sit net ien yn ‘e wei

>>>>Dêr wol wy neat fan witte, wy hâlde noait wer op

>>>>Ja, myn leave berntsjes, mar dat falt wol wat mei

>>>>It liet hat 10 kûpletten en stiet op side 94 en 95 fan it jubileumboek Wilhelmina 1898 -1998 troch Marten L. de Boer.

>>>> 

>>>>1978 – 80 jierrich jubileum (dirigint Sjerp Wijbenga)

In grut muzykfeest ter eare fan it 80-jierrich jubileum waard fierd op 17 novimber 1978 yn de sporthal wêr’t ek de korpsen fan Wommels, Spannum en Wjelsryp oan meidiene. De sporthal wie feestlik opsierd mei in spandoek 1898 – 1978. Op it ein fan de jûn spilen alle korpsen meielkoar û.o. de ‘Sporthalmars’ kompenearre troch Johannes de Haan, lid fan Wilhelmina. 

1983 – 85 jierrich jubileum (dirigint Bauke Burghgraef) 

Op 18 febrewaris 1984 wie de betinking fan it 85-jierrich bestean yn Café Bergsma. Der wie in revue opset troch 4 korpsleden t.w.: Durkje van der Eems, Baukje Okkema, Folkje Visser en Sippy Smink. Opfallend wie it optreden fan de popgroep ‘De Willemientjes’ spile troch Jan Bruinsma, Johan Harkema en Hindrik van der Eems en Minne Zijlstra. Yn de oantekens stiet: ‘Oer alle boegen slagge: in prachtige jubileumjûn’.

1988 – 90 jierrich jubileum (dirigint Luc Feikens)

De earste jubileumfiering fan dit 90-jierrich bestean wie op 18 febrewaris. Foar dit konsert waard it Nationaal Jeugd Fanfare Orkest útnoege û.l.f. Piebe Bakker. It wie in hiel organisaasje omt alle leden ek ûnderdak ha moasten. Hichtepunt fan it optreden wie it tuba-konsert fan Frank Bencriscutto. Solist op tuba Durk-Jorrit van der Eems, lid fan it NJFO en fan Wilhelmina. 

Op 11 novimber waard in jubileumkonsert hâlden yn Café Bergsma. Wiebren Santema en Johannes de Haan wurde op dy jûn huldige. Santema: 56 jier lid en De Haan 40 jier lid fan Wilhelmina. (foto)

1993 – 95 jierrich jubileum (dirigint Tseard Verbeek)

Op 20 novimber wurdt der in grut jubileumkonsert hâlden yn de sporthal. Meiwurking fan û.o. jeugdkorps Easterein – Wommels, in balletgroep fan de Snitser muzyk- en dûnsskoalle û.l.f. Ellis de Raad en groep 5, 6, 7 en 8 fan de basisskoalle de Foareker mei solozang fan Anna-Jels Zijlstra learling fan de skoalle.

Doarpsgenoat Klaas Kooistra hat t.g.f. dit jubileum in doarpsliet skreaun: Easterein, it doarp oan de Sebeare, op muzyk setten troch dhr. Anne Oosterhaven, muzykdosint oan it Bogerman College te Snits.

Der wurde twa eareleden beneamd tidens dizze jûn t.w.: Johannes de Haan en Wiebren Santema.

Colofon

It jubileumboek Wilhelmina 1898 -1998 troch Marten L. de Boer.

© Tekst: Folkje Marijke Visser © Foto voorblad: Folkje Marijke Visser
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Onderwerpen