Sjongferiening Hallelujah


Sjongferiening Hallelujah
©: onbekend

DE KRISTLIKE SJONGFERIENING `HALLELUJAH`

De kristlike sjongferiening `Hallelujah` is oprjochte yn oktober 1902. De namme is úntliend oan Psalm 150 : 6. De twadde helte fan de 19e ieu wie in tiid wêryn in protte dingen feroaren. Op it méd fan it kristlik únderwiis en de identiteit yn `e tsjerke wie der in soad te réden. Njonken it úntstean fan de kristlike skoalle en it bouwen fan in Grifformearde tsjerke om it wikseljen fan de ieu hinne, spile de kristlike identiteit ek op it kulturele mêd. It úntstean fan de kristlike sjongferiening `Hallelujah` is dêr in utering fan. Fan de earste jierren binne gjin oantekens bewarre bleaun. It earste boek mei oantekens begjint yn novimber 1924. Spitichernôch is dêrom fan de earste jierren fan it bestean fan it koar net folle bekend. It koar is oprjochte as in mingd koar, dat betsjut dat der manlju en froulju op it koar geane. As wy de oantekens trochnimme, komme wy jierren oanien deselde ûnderwerpen tsjin. De geast fan de tiid jout dat de aksinten hjir en dêr wolris wat oars lizze.

1924

`Kwart voor zeven fietsen we met z’n vijven naar Sijbrandij State` sa begjinne de oantekens fan 22 novimber 1924. De alderearste fan de feriening! Nu en dan deden de dames een gil, maar we kwamen zonder ongelukken aan`, sa giet it fierder. It ferslach giet oer in bestjoersgearkomste. Saken dy`t besprutsen wurde binne: De gearkomste fan lt Bún, It konkoers, de útfieringen, de rippetysjes en de hichte fan de kontribúsje. Ien fan de agendapunten op de gearkomste fan it bûn is it foarstel fan it koar út Tsjerkwert om by de Sjongersfeesten de ferplichte nûmers ôf te skaffen . Dit foarstel hat it net helle; op it sjongkonkoers fan 1994 wurde noch altyd ferplichte nûmers songen. Sjongkonkoersen binne der yn de simmer fan 1925 folop. `Hallelujah` is útnoege om oan fjouwer diel te nimmen: yn Garyp, It Hearrenfean, Riis en yn Warkum. It bestjoer kiest foar Warkum, mar wol it earst nochris mei de direkteur oerlizze. De jierlikse útfiering sil wéze yn de Grifformearde tsjerke (`tenminste als dit wordt toegestaan’)

De rippetysje is op woansdeitejún. Soks jout beswier, fanwegen `een serie Bijbel-lezingen`, mar in oare jûn is omtrint net te finen, om`t der in soad drokten op oare jûnen binne en ek leden dan wer minder goed kinne. De kontribúsje is 15 sinten yn `e wike. De oantekens slute mei: `Niets was er meer te behandelen, waarna wij onze zitplaatsen verlieten om een kopje thee te halen, waar Sijbrandi met smart op ons zat te wachten, daar het bed hem haast riep. Een kopje thee met een gevulde `heer` werd door ons spoedig verslonden, waana wij huiswaarts keerden`. Foarsitter is Vellinga (gjin foarletter bekind), skriuwer J. Wietsma en fierder wurde de nammen neamd fan mej. T. Stoffelsma en Juf Veenstra.

Sinten en it ledental

De sinten, de kontribúsje, de hier en it jild foar de direkteur, binne jierren oanien in wichtich ûnderwerp op `e gearkomsten. Yn 1925 wurdt bygelyks besletten dat mar twa leden út ien húshâlding kontribúsje betelje hoege. De oaren binne frij. It wie noch altyd 15 sinten yn `e wike. Yn `e tritiger jierren waard dit minder. Yn 1939 wie de kontribúsje noch 10 sinten yn `e wike. Letter hie elk it wat rommer, de kontribúsje koe wat omheech (1978 twa gúne yn `e wike), mar ek de diriginten fregen mear jild. Troch aksjes en bydragen fan de tsjerke en subsydzje fan de gemeente kaam der ek op in oare wize jild by de ponghâld(st)er. Sa koe ek in eigen piano oanskaft wurde, wat benammen troch in foarse jefte fan de diakonij mooglik waard.

De hichte fan `e kontribúsje hat nea in drompel wéze hoegd om lid te wurden fan it koar. It tal leden hat wolris wat wiksele, mar lei meast tusken de 30 en de 40. Sa wiene der yn 1925: 34 leden, yn 1949: 41 eden, yn 1962: 30 leden, yn 1984: 37 leden e yn 1989 (it lëste ier fan it bestean), noch 26 leden. It grutste tal leden wie der yn en fuort nei de oarlochsjierren; yn 1944 wiene dat 52 en yn `e hjerst fan 1945 mar leafst 56 !

It tal leden wie lykwols net altyd it meast wichtige. Wol wie it gauris in problem mei it tal manlju. Al yn iti jierferslach fan 1924 - 1925 stiet hjiroer: `De heeren schijnen in Oosterend niet erg zanglustig te zijn, wij zouden tenminste nog wel een paar tenoren en bassen kunnen gebruiken`. De feriening hie op dat stuit 15 sopranen, 10 alten, 2 tenoren en 5 bassen as lid, `plus twee leden waarvan me nog niet duidelijk is bij welke stem ze behoren` , sa stiet der yn ` e oantekens. Skriuwster Elske Sijbrandij docht noch in foarset om mear manlju as lid te krijen: `Als `t niet een te zwart gezicht van de penningmeesteresse geeft zou ik haar willen voorstellen om een premie uit te looven voor het aanbrengen van een flinke bas of tenor`.

De leden kamen ek doe (1925) al rûnom wei. Sa kamen der guon út Hidaard, Itens, Wommels en sels ek út Witmarsum. En dat allegearre op `e fyts! Der binne jierren dat mear as it fjirde part fan `e leden fan búten Easterein komt. Sa komme yn `e tachtiger jierren in grut tal leden út Boazum, Hidaard en Spannum. Dochs bliuwt der meast krapte oan manlju. Dit hie by einbeslút fan gefolgen dat it bestjoer mei de leden it fuortbestean as mingd koar yn 1989 net mear sitten seach. De lêste diriginte Henny Venema koe, ek nei de safolste aksje om mear manlju te krijen, de balâns mei twa bassen en trije tenoaren njonken tolve sopranen en njoggen alten, net mear yn `t lykwicht krije. Wat yn 1970 der al op like, mar troch folhâlden fan bliuwende leden foarkommen waard, kaam yn 1989 dochs sa: it koar koe net mear bestean.

1940 - 1945

Ek foar it koar wie dit in tsjustere tiid. Yn de earste jierren gyng alles wol úngefèar troch lykas wenst wie. Yn july 1941 waard ek noch wol in bernekoar oprjochte, wat bestie út 20 leden. Dit koar song gauris yn gearwurking mei `Hallelujah` yn `e tsjerke. It jierferslach oer 1941 - 1942 jout ferslach fan in tige minne opkomst by de rippetysjes. Om yn it iepenbier op te treden moat it koar ferplicht oansluten wêze by in troch de besetter ynstelde ‘Kultuurkamer`. De leden sjogge hjir fanôf, wêrtroch it jaan fan in útfiering tenei net mear trochgean kin. Dochs geane de rippetysjes gewoan troch. Wol wurde dizze soms in skoft ûnderbrutsen.

Ek yn 1941 wurdt der tusken april en ein oktober net songen. Yn 1942 wurdt noch frij geregeld songen. Ek yn 1943 wurdt tige rippetearre foar in slagge Krystkonsert yn `e grutte tsjerke. De útfiering foar Peaske 1944 ferrún lykwols net neffens plan. Yn it skoft dat hjiroan foarôf gyng, waarden samar in tal Eastereinders `door de moffen opgehaald`. Ek twa koarleden (C. Joustra en J. Jansen) waarden oppakt en nei Dútslân brocht. De dirigint, master Kornelis, fertroude it ek net langer en naam de wyk nei in ûnderdûkadres. It lêste die er de deis foar Peaske. It soe in Peaskesjongtsjinst wurde dêr `t ek it koar oan meiwurke. It slagge de jûns noch om in dirigint foar de oare deis te krijen. Yme Visser fan Frjentsjer holp it koar de oare moarns út `e brán. Yn maaie en juny kamen ek de leden C. Joustra en J. Jansen werom út Dútslân. It koar fersoarge op de befrijingsdei (5 maaie 1945) mei it muzykkorps `Wilhelmina` in útfiering yn `e muzyktinte. It seizoen 1945-1946 begun mei in rekord oantal leden.

Reiskes

len fan de dingen dy`t in bining únder de koarleden brocht, wiene de útstapkes dy’t de leden meiinoar makken. Sa gyng it op 5 septimber 1929 op `e fyts nei Makkum en meí de boat nei de Súderseewurken op Breesân en Koarnwertersán. Op `e fyts wer fan Makkum nei Hylpen om hjir te swimmen by it `Palviljoen`. Sa`n dei duorre fan moarns healwei achten oant júns healwei tsienen. . . Ek waarden reizen úndernommen nei Apeldoorn (1949) en nei Amsterdam (1950). Fan sokke reizen wurdt wiidweidich ferslach dien yn `e oantekens, in teken dat it hiele ûndernimmings wiene. Yn 1953 en yn 1959 giet de reis in dei nei Flylân, yn 1956 nei it Oranjewâld. Yn desimber 1946 leit der in moai stik iis. Omtrint alle leden steane op in moarn betiid op skerp op it iis by de Skippersbuorren. It giet op nei Snits en dan nei De Jouwer. Om`t de banen der net fierder troch binne, giet it werom nei Snits en troch nei Boalsert. Nei ‘even gepleisterd te hebben aan het kruiswater` set it wer op nei hûs en binne de measten om seis oere wer yn Easterein. In pear hawwe yn Boalsert de bus nommen, mar it docht bliken dat it yn dy jierren seker net in `bejaardenkoor` wie. „ Yn de lettere jierren wurdt noch in tal kearen in boattocht makke meí de boat `fan `e Joustra`s`. Op ien fan dy reizen wurdt iten yn de eartiidse Menniste-tsjerke yn Wáldsein, dy`t únder de namme `It Ponkje` omboud is ta in restaurant. Yn sa`n romte koene de leden fan `Hallelujah` it net litte en begjin te sjongen. De kollekte nei ófrin ûnder de oare iters smiet gâns ferrassings op... Oan board waard folop songen mei begelieding fan in akkordeon, bespile troch Yt Scheltema. Sokke reiskes koe in hiel jier en soms jierren op tard wurde.

Leden

Der wie wol gauris ferrin ûnder de leden, mar dertjinoer wiene der ek dy`t tige trou wiene. It kaam foar dat der leden mear as 25, 35, en sels mear as 40 jier lid wiene. Oaren sieten jierren yn it bestjoer en wiene dêryn en dêrnjonken as lid tige aktyf. Nammen dy`t gauris neamd wurde binne bygelyks K. Vellinga-Schukken (yn 1967 25 jier skathâldster), S. Bergsma-Meijer. (yn 1967 40 jier lid), S. Hiemstra, W. Stilma (letter Nauta), Y. Joustra, F. Jellema, Y. Scheltema-Bergsma, A. Stegenga, Jac. Hofstra en R. van der Valk. Oaren wurde minder faak neamd mar binne miskien ek wol sa lang of langer op it koar west. Ien namme dy`t wol yn it bysûnder neamd wurde moat is dy fan Jac. Bergsma. Hy wie omtrint 28 jier belutsen by it koar, wêrfan 21 jier (1926 oant 1946)  as bestjoerslid. Hy kaam op 17 febrewaris 1953 te ferstjerren. By de begraffenis brochten alle koarleden him de lêste ear. It koar song by de routsjinst ek in tal lieten. Dat de ferhâlding tusken de leden en bestjoersleden net altyd like noflik wie, blykt ek. Ien fan de punten wie, dat neffens it reglemint yn elk gefal trije fan de fiif bestjoersleden Herfoarme wêze moasten. Dit kaam no en dan ris op it aljemint yn `e jiergearkomste. Ek op `e jiergearkomste fan novimber 1962 komme it bestjoer en de leden der dochs net út. Letter wurdt der net wer oer praat. ``Nije leden kinne net samar oannommen wurde. Neffens it Algemien Rcglemint moat twatredde fan de leden it der binnen acht dagen oer iens wêze dat it kin. Ek wurdt der oer praat dat hja earst sjonge moatte foar de dirigint of foar ien fan de bestjoersleden ( 1925) . Yn de begjinjierren meie ek gastleden komme te sjongen, mar hja moatte 10 sinten betelje foar alle jûnen dat hja meisjonge. Soms bedanke ek leden, om`t hja it net iens binne mei de gong fan saken. Ek binne de leden net altyd like trou yn it bywenjen fan `e rippetysjes. Yn novimber 1953 wurdt hjir op `e jiergearkomste yngeand oer praat. De presinsjelist fan de lêste tsien rippetysjes wurdt foarlêzen. It koar hat dan 30 leden. It blykt dat tsien leden alle tsien kearen mist hawwe. Sân leden wiene der njoggen kear net, tsien acht kear net, twa leden bleaune sán kear wei, fiif seis kear en trije twa kear. Yn 1971 wie it reden foar de dirigint om nei in oar koar om te sjen. It wie al in tal kearen foarkommen dat in tal partijen net oefenje koene fanwegen it ûntbrekken fan de leden dy`t soks sjonge moasten. It bestjoer hâldt tenei it hiele jier in presinsjelist by en wa`t it minst ûntbrekt kriget in priis. Dochs bliuwt de opkomst in soarch foar it bestjoer.

Diriginten

Yn 1920 wie it haad fan de egere skoalle, master P. Smit, de dirigint. Yn 1923 ferhuze master Smit nei Zwolle en waard syn opfolger, master G. Froentjes, ek dirigint fan it koar. Doe`t dy yn 1936 fuortgyng ha der twa moanne lang gjin rippetysjes west. Master A. Kornelis kaam no as haad fan `e skoalle foar him yn `t plak. It koe hast net misse, ek hy waard dirigint fan it koar. Hy bleau it oant 1969 en ferstoar op 11 maaie 1970 neidat er in skoft siik west hie. It wie tagelyk de ein fan in tradysje fan hast 70 jier. Der waard in sjongmaster `fan búten` beneamd: M. Tiemersma fan Easterlittens. Dit duorre lykwols net lang. It foel fan beide kanten net ta om oan inoar te wennen. Nei de simmer fan 1970 kaam St. Edelenbos fan Ljouwert foar him yn `t plak. De besite fan `e koarrippetysjes lit it yn dy tiid wat sitte. Omt ek Edelenbos soks net sa wurdearje kin, nimme it koar en de dirigint yn `e maitiid fan 1972 ôfskie fan inoar. De hear Prosee út Ljouwert nimt it dan fan him oer. Dizze moast lykwols fanwegen syn wurk alwer yn `e maitjid fan 1973 opsizze. Foar him yn `t plak komt S. Hoekstra út Nijlân. Op 11 maart 1977 sjongt `Hallelujah` mei op in jûn foar `muzyk en sang` yn it Dielshús yn Wommels. Dirigint Hoekstra docht hjir noch mei syn folle ynset oan mei. De oare deis is er ferstoarn; tige hastich en foar de koarleden en elk dy`t him koe, tige ûnferwacht. Nei him naam Cees Kamstra fan Frjentsjer de direksje oer. Dizze koe sels tige sjonge en hat gauris as bariton-solist songen yn it ramt fan útfierings fan it koar. Yn.jannewaris 1982 krige Kamstra in oar koar op tongersdeitejûn. Op twa septimber 1982 begûn Meine Verbeek as nije sjongmaster. Yn it skoft dertuskenyn soarge Balt de Vries foar de direksje. Meine Verbeek bleau oant de hjerst fan 1987. Henny Venema fan Ljouwert naam it nei krekt 85 jier bestean, as earste froulike diriginte fan him oer. Hja bleau oant yn `e maitiid fan 1989, doe`t it bestjoer en de leden it beslút namen om it koar op te doeken.

De muzyk

lt koar song yn haadsaak geastlike muzyk. De muzyk waard meast troch de dirigint útsocht en mei it koar oerlein. Fansels oanslutend op it program fan optreden. Gauris waard meidien oan it priissjongen en/of it sjongkonkoers yn Ljouwert. Hjir wiene dan ferplichte en frije nûmers. By it priissjongen bestie de heechste priis út de Noardske Balke. Dizze priis is twa kear troch `Hallulujah` wûn. De earste kear yn 1936. Songen waard `Jûntiid` fan R. Beintema en ‘Opbliuwe`, fan A. Franken. (It lêste nûmer troch F. Schurer oerset yn it Frysk). Letter, yn 1951, kaam de `Lytse Noardske Balke` in jier yn besit fan it koar. Dit om`t op 8 novimber fan dit jier op ien nei it heechst oantal punten op it priissjongen helle wie. It ferfier nei Ljouwcrt wie mei sok priissjongen omtrint altyd mei de bus. Nei ôfrin waard meast noch `jusjes` oanstutsen by De Bellevue op `e Nijstêd, of by Siderius oan ‘e Wirdumerdyk. Ek de reizen nei de konkoersen wiene soms hiele ûndernimmings. As it te befytsen wie gyng it op `e fyts. Oars wie it `een prachtige L.A.B.-bus van Boonstra`, of bygelyks de boat fan `e Joustra`s wêr`t mei reizge waard. Yn it lêste gefal stie elk moarns om seis oere al klear op `e Skippersbuorren.. . Op 27 febrewaris wie der gjin `Autobus` te besetten om op it priissjongcn te kommen yn Snits. Gjin noed, de `Gebroeders Vellinga` soargen foar ferfier; yn `e tichte feewein gyng it nei `Het Gebouw van Christelijke Belangen`. Njonken it priissjongen en it meidwaan oan konkoersen waard omtrint alle jierren meiwurke oan tsjinsten rûnom de Kryst-of de Peaskedagen hinne. Ek wie in oantal kearen in `sjong-yn` organisearre, dêr`t elk dy`t fan sjongen hold, oan meidwaan koe. Dit wie bygelyks it gefal by it 85-jierrich bestean fan it koar, yn 1987. Gauris waard ek in konsert jûn yn tehuzen foar de Alderein yn Wommels of Tsjom, Blomkamp yn Boalsert, de lelannen yn Snits ensfh. Yn 1956 reizge it koar nei it Sanatoarium yn Appelskea om de pasjinten ta te sjongen. Ek yn Hidaard, Itens, Boazum, Lytsewierrum, Achlum, Rinsumageast en oare plakken wiene útfierings. Dit wie dan as koar allinne, of yn gearwurking mei it muzykkorps `Wilhelmina, it famkeskoar `De Greideklanken`, in koperensemble, fluitgroep, of mei in koar dat ek únder lieding stie fan de dirigint fan `Hallelujah`. Njonken lieten mei in kristlike ynslach, Psalmen en Gesangen, lieten út it Lieteboek, út `e Bundel fan Jehannes De Heer, Woensel Kooi, ensfh., waarden ek folksaardige lieten en oare fleurige ferskes songen. Soms mei eigenmakke teksten lykas op `e jún, organisearre troch de Feriening fan Doarpsbelangen op 10 maart 1988, wêrby’t omtrint alle manlju fan Easterein op it poadium komme om mei te sjongen. It ferskaat oan muzyk makke dat in soad leden har fine koene yn de teksten dy`t sa troch it koar nei foaren brocht waarden.

Opholden

Benammen yn `e lêste jierren fan it bestean fan it koar hat it bestjoer en in tal leden har tige ynset om it koar yn stân te hâlden. Sa is der yn 1988 in enquete opset troch Klaas Kooistra en holden ûnder in grut tal (benammen manlike) ynwenners fan Easterein, wêr`t fan tocht waard dat hja miskien-wol lid wurde woene en wat de winsken wêze soene om lid te wurden. Hjirby wiene ek âld leden. Der kamen wol in protte reaksjes, mar leden smiet it net op. Ek in lêste aksje, it organisearjen fan in `sjong-yn` op Peaskesnein 1989, waard troch it bestjoer ôflaske fanwegen te min belangstelling. De leden en it bestjoer ûnder lieding fan foarsitter Abe Stegenga, dy`t sûnt it winterskoft 1959-1960 lid west hat en hjirfan ek frijwat jierren yn it bestjoer siet, sjogge it dan net mear sitten en beslute dat it koar gjin riocht fan bestean mear hat. It húsháldlik reglemint, fêststeld op 25 novimber 1953, seit neffens artikel 11 dat de `goederen bij ontbinding der vereniging aan de diaconieen der Hervormde en Gereformeerde kerk, ieder voor de helft, worden uitgekeerd`. It besit soe yn dit gefal gean oer de piano, dy`t al jierren in fêst plak yn Us Gebou hat, it plak dêr`t jierrenlang rippetearre is.

De Martini Cantorij

It jier dat folge op it beslút fan `Hallelujah` om der mei op te hâlden, hawwe in pear leden noch besocht om it koar troch te setten, ûnder wat in oare flage en mei in oare namme. Ek dit slagge net. Nei in goed jier moast ek dit inisjatyf belies jaan. De mannen út Easterein woene net mear sjonge op `e wize sa`t dat hast njoggentich jier lang wól slagge wie. As lêste leden komme yn `e boeken foar; T. Bonnema, Y. v.d. Brug, R. v.d. Valk, F. Jellema, G. Bouma, C. Bonnema, A. Stegenga, K. Kooistra, A. Hartman, A. Bijlsma, S. v. Dijk, D. Dijkstra, S. Hykema, Y. Joustra, A. Elgersma, A. v.d. Heide, J. Kooistra, W. Stilma, A. Rispens, Y. Scheltema, F. Strikwerda. 

Colofon

Boek Easterein, skriuwer Klaas Kooistra

© Tekst: Klaas Kooistra © Foto voorblad: onbekend
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s